thumb| Wapen fan Bûtenpost It wapen fan Bûtenpost is it wapen fan it doarp Bûtenpost, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1991 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn kiel twa dwersbalken fan sulver, de boppeste belein mei in stjer en de ûnderste mei in roas, beide fan kiel; it gehiel beselskippe fan acht leeljes fan goud, pleatst trije, trije, twa.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en goud.

Symbolyk

Reade en sulveren banen: oernommen út it wapen fan Eastergoa. Acht leeljes: ferwiist nei de oarspronklike acht karspelen fan Achtkarspelen: Bûtenpost, Droegeham, Koartwâld, De Koaten, Lytsepost, Stynsgea, Surhuzum en Twizel. Stjer: saneamde "haadstjer", Bûtenpost is it haadplak fan Achtkarspelen. Reade roas: oernommen út ferskate wapens fan famyljes yn Bûtenpost, wêr ûnder de famylje Van Scheltinga.

Sjoch ek

Butenpost Kategory:Bûtenpost