Bror Erik Alvar Bladström (Västervik, 29 maart 1918 - Dêre, 21 maaie 1998) wie in Sweedsk kanoër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen yn de K2 tegearre mei Sven Johansson. Yn 1938 die Bladströmy mei oan it WK yn it Sweedske Vaxholm en wûn dêr ek mei Johansson in sulveren medalje yn de K2
Nei in pear jier as learling-bakker en bakker wurke te hawwen yn syn eigen bakkerij, gie er yn 1951 wurkjen by in papierfabryk yn Västervik, dêr't er oant syn pensjoen bleau. Erik Bladström ferstoar op 21 maaie 1998, yn 'e âldens fan 80 jier.
Kategory:Sweedsk kanoër Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 1998