thumb| Flagge fan Jonkerslân De flagge fan Jonkerslân is de flagge fan it doarp Jonkerslân, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1990 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In blokte hijs fan 1/5 flaggehichte fan wyt en swart yn twa rigen, elk fan tsien lizzende blokken fan 1/10 flaggelingte by 1/10 flaggehichte, reitsjend oant de ein fan de flagge. Yn de trijehoeke in giele leelje fan 1/2 flaggehichte, de middelline fan de leelje op 2/5 flaggelingte fan de broek.

De kleuren komme út it wapen fan Jonkerslân.

Symbolyk Blokte hijs: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. Read fjild: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp. Ek komt de kleur foar yn it wapen fan de famylje Van Dekema dy't belutsen wie by de feanterij. Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. It fjild rint yn in punt om oan te jaan dat de heidefjilden yn grutte ôfnommen foar de greiden. Gouden leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Van Dekema.

Sjoch ek

Jonkerslân Kategory:Jonkerslân