Acre is ien fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat mei de standertôfkoarting AC hat in oerflak fan sa'n 164.123 km² en leit yn 'e regio Noard. Acre grinzget oan Bolivia yn it súdeasten, Perû yn it suden en westen en de steaten Amazonas yn it noarden en noardeasten en Rondônia yn it easten. Yn 2022 hie de steat 830.018 ynwenners. De haadstêd is Rio Branco.

Skiednis Oarspronklik makke Acre diel út fan Bolivia. It gebiet waard lykwols bewenne troch Brazyljaanske ymmigranten, dy't dêr yn Bolivia in ûnôfhinklik territoarium stifte hiene. Yn 1899 besocht Bolivia it gebiet ûnder kontrôle te krijen, mar dat late ta ûnrêst ûnder de Brazyljaanske befolking, dy't ferskate kearen besocht om der in ûnôfhinklike republyk te stiftsjen. thumb|left|Plácido de Castro, de militêre leider fan 'e opstannige rubbertappers yn 'e Acre-oarloch Op 14 july 1899 rôp de aventuerier Luis Galvez Rodriguez de Arias mei stipe fan 'e Brazyljaanske steat Amazonas de Republyk Acre (1e Republyk) yn it gebiet út. Yn maart 1900 waarden Boliviaanske troepen stjoerd nei it gebiet. It regear fan Acre gyng ûndergrûnsk en brocht op 17 septimber 1900 in opstân tsjin Bolivia op gong. Yn novimber 1900 waard op 'e nij de Republyk Acre oproppen (2e Republyk), mar ek dêr makken de Bolivianen op 25 desimber 1900 in ein oan.

Op 11 july 1901 naam Bolivia it beslút om Acre te ferpachtsjen oan Amerikaanske en Britske ynvestearders; op 6 augustus 1902 briek lykwols op 'e nij in opstân tsjin Bolivia út. Mei stipe fan 'e rubberbaronnen late dy ta in oarloch tsjin Bolivia, dy't earst op 24 jannewaris 1903 einige.

Op 27 jannewaris 1903 waard foar de tredde kear de Republyk Acre útroppen (3e Republyk).

Op 17 novimber 1903 waard it Ferdrach fan Petrópolis tusken Bolivia en Brazylje ûndertekene. Hjiryn waard ôfpraat dat Brazylje gebieten yn Mato Grosso ôfstean soe en 20 miljoen pûn sterling betelje soe. Yn ruil dêrfoar stie Bolivia Acre ôf oan Brazylje. Dêrnjonken ferplichte Brazylje him ta de oanlis fan it Madeira-Mamoré-spoar. Acre waard neitiid by Brazylje ynlive en ûnderferdield yn trije departeminten. Yn 1920 waarden dy departeminten gearfoege ta ien territoarium, en op 15 juny 1962 krige Acre de status fan dielsteat mei in eigen wetjaand parlemint. thumb|left|Chico Mendes by in rubberbeam Acre stie op 22 desimber 1988 ynternasjonaal yn it nijs doe't rubbertapper Chico Mendes fermoarde waard. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e beweging fan rubbertappers (seringueiros), dy't him organisearre hie om te striden foar it behâld fan harren libbensûnderhâld – it wâld dêr't rubber en paranuten wûn waarden – tsjin de belangen fan feehâlders en de houtyndustry yn.

Geografy Hast it hiele grûngebiet fan 'e steat makket diel út fan it lege sânstienplato – ek wol terra firme neamd – in morfologyske ienheid dy't it grutste part fan it Brazyljaanske Amazônegebiet dominearret. Yn Acre rint it terrein fan it súdeasten nei it noardeasten op, wêrby't it lânskip oer it generaal in flak, plato-eftich karakter hat. Yn it uterste westen, by de grins lâns, leit de Serra da Contamana (of Serra do Divisor), dêr't de heechste punten fan 'e steat lizze (609 m). Sa'n 63% fan it steatsgebiet leit op in hichte tusken de 200 en 300 meter; 16% tusken de 300 en 609 meter; en 21% tusken de 135 en 200 meter.

It Amazônewâld beslacht hast it hiele grûngebiet fan 'e steat. Troch de grutte rykdom oan rubberbeammen fan 'e meast weardefolle soart (Hevea brasiliensis) en para-nutebeammen (Bertholletia excelsa) is Acre de grutste lanlike produsint fan rubber en para-nuten. De wichtichste rivieren fan Acre – dy't yn 'e reintiid foar it grutste part befarber binne (de Juruá, Tarauacá, Envira, Purús, Iaco en Acre) – hawwe yn 'e steat in hast parallele rin en komme earst bûten Acre byinoar.

It klimaat is waarm en tige fochtich; de temperatuer leit it hiele jier troch tusken de 24 en 27 °C. De delslach is likernôch 2.100 mm yn 't jier, mei in dúdlik drûch seizoen yn 'e moannen juny, july en augustus.

Demografy It grutste part fan 'e befolking fan Acre wennet yn stêden (74,8%). Neffens de folkstelling fan 2022 is de etnyske gearstalling fan 'e befolking as folget:

mingde befolking (Pardos): 66,3% blanke befolking (Brancos): 21,4% lânseigen befolking (Indígenas): 3,5% swarte befolking (Pretos): 8,6% Aziatyske befolking (Amarelos): 0,2%

Lânseigen befolking en territoaria thumb|260px|Minsken fan it Ashaninka-folk In grut part fan 'e steat Acre bestiet út beskerme gebieten. Yn 'e steat binne 35 lânseigen gebieten (Terras Indígenas, TI) dy't troch de Brazyljaanske oerheid erkend binne. Dizze reservaten beslaan meiïnoar 14,56% fan it oerflak fan 'e steat (al binne der oant no ta 24 folslein demarkearre en juridysk fêstlein).

Lânseigen folken yn Acre binne û.o. de Ashaninka, Kaxinawá (Huni Kuin), Katukina, Yaminawá en Kulina. Guon fan 'e territoaria herbergje ek groepen dy't yn frijwillige isolaasje libje, benammen yn 'e grinsregio's mei Perû.

+ Befolkingsûntwikkeling fan Acre (1920–2022) Jier 1920 1940 1950 1960 1970 Ynwennertal 92.379 79.768 114.755 160.208 218.006 Groei — −13,7% +43,9% +39,6% +36,1% Jier 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 306.893 417.165 557.226 733.559 830.018 Groei +40,8% +35,9% +33,6% +31,6% +13,1%

Grutste gemeenten thumb|260px|Rio Branco Stêd Ynwenners border|20px Rio Branco 364.756 border|20px Cruzeiro do Sul 91.888 border|20px Sena Madureira 41.350 border|20px Tarauacá 43.464 border|20px Feijó 35.426 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Ynwennertal neffens de folkstelling fan 2022

Religy thumb|260px|Katolike prosesje yn Xapuri In wichtich religieus evenemint yn Acre is de Novena e Festa de Nossa Senhora da Glória yn Cruzeiro do Sul, ien fan 'e grutste katolike beafearten fan 'e meast westlike Amazône-regio, wêrby't tûzenen leauwigen yn augustus tegearre komme. In oar hiel wichtich pylgerbarren is de prosesje fan Nossa Senhora do Perpétuo Socorro yn Rio Branco. De Jongfaam Marije fan Nazaret (Nossa Senhora de Nazaré) is de patroanhillige fan 'e steat Acre.

Wylst Brazylje histoarysk foaral in katolyk lân wie, hat Acre in hiele sterke religieuze feroaring trochmakke. It katolike oandiel rûn yn Acre mear tebek as yn 'e rest fan Brazylje, sadat de steat hjoed-de-dei ta de gebieten heart mei it heechste persintaazje protestanten fan hiel it lân. Foaral de Pinkstergemeenten hawwe in grutte oanhing.

+ Religieuze gearstalling fan Acre (2010–2022) Religieuze streaming Persintaazje (2010) Persintaazje (2022) protestantsk 39,8% 44,4% roomsk-katolyk 51,9% 38,9% sûnder religy 6,2% 12,0% spiritisme 0,5% 0,5% Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) 0,1% 0,1% oare religys / net opjûn 1,5% 4,1% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022

Toerisme en natuer thumb|left|Yawa-festival Troch de meast westlike lizzing fan Acre yn Brazylje bestiet it lânskip foar it grutste part út it Amazônewâld. It toerisme yn 'e steat rjochtet him benammen op 'e natuer, de regionale skiednis fan 'e rubberwinning út 'e njoggentjinde en tweintichste iuw en de lânseigen kultueren.

Ferskate museä en histoaryske gebouwen yn 'e steat ynformearje oer de sosjaal-ekonomyske skiednis fan 'e rubbertappers (seringueiros), de striid om de grûn en it konflikt mei Bolivia.

It Palácio Rio Branco leit yn 'e haadstêd Rio Branco en tsjinne foarhinne as de sit fan 'e gûverneur. Hjoed-de-dei is it neoklassisistyske gebou ynrjochte as in iepenbier museum, dêr't dokuminten, foto's en foarwerpen oer de politike en regionale ûntwikkeling fan Acre útstald binne. Oan 'e igge fan 'e rivier de Rio Acre yn Rio Branco stiet A Gameleira, in iuwenâlde beam dy't markearret wêr't de earste delsetting fan 'e stêd stifte waard. De omlizzende rivierkaai mei syn histoaryske bebouwing foarmet in sintraal punt foar de lokale steds- en kultuerhistoarje. thumb|left|Rio Moa yn it Nasjonaal Park Serra do Divisor De steat Acre hat ien nasjonaal park: it Nasjonaal Park Serra do Divisor. It park is it meast westlike nasjonale park fan Brazylje en leit tsjin 'e grins mei Perû. It park hat in heech bioferskaat, berchrigen yn it Amazônebekken en ferskate wetterfallen.

Natuerpark Chico Mendes thumb|260px|Parque Ambiental Chico Mendes It Natuerpark Chico Mendes yn Rio Branco is ferneamd nei de fermoarde aktivist Chico Mendes. It park bestiet út in beskerme boskgebiet mei kuierpaden, ynformaasjesintra oer de Amazône en in opfangsintrum foar lânseigen diersoarten út de omkriten.

Ekonomy en ynfrastruktuer De tsjinstesektor foarmet it grutste part fan it bruto ynlânsk produkt (BYP) fan Acre, folge troch de yndustrysektor. De lânbou beslacht it lytsere, oerbleaune part fan 'e ekonomy. De eksport fan 'e steat bestiet foar it oergrutte part út hout en houtprodukten, mei dêrneist in oandiel yn 'e eksport fan plomfee. It oandiel fan Acre yn 'e totale Brazyljaanske ekonomy is lyts.

De Ynternasjonale Lofthaven fan Rio Branco leit yn in lanlik gebiet fan 'e gemeente Rio Branco. Dy waard iepene om de âlde lofthaven te ferfangen, dy't in hiel ein ferhûze nei de hjoeddeiske lokaasje. De lofthaven ferwurket sawol ynlânske as ynternasjonale flechten en ek militêre loftfeart. Yn 'e regio Alto Juruá leit by Cruzeiro do Sul noch in ynternasjonale lofthaven.

Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962