Jacoba Sytske of Jacoba Sijtske (Cobie) Douma (Drachten, 30 april 1914 – Dimter, 7 oktober 2001) wie in Nederlânske fotograaf en fersetsstrider. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie se lid fan De Ondergedoken Camera.
Biografy Oplieding en wurk as learares Cobie wie de dochter fan Simon Douma (berne yn Warkum op 25 juny 1878), dy't by de post wurke, en Jacoba Uilkema (berne op 26 novimber 1881 yn Goutum). Har âlders ferfearen gauris, ûnder oaren yn 1913 fan Amersfoort nei Drachten, dêr't Cobie berne waard. Dêrnei wenne de húshâlding sechstjin jier lang op ferskate adressen yn De Haach, en fan 1936 ôf wennen se wer yn Amersfoort.
Cobie gie yn De Haach nei de HBS foar famkes. Se krige har earste kamera doe't se fjirtjin jier âld wie. Se woe skiednis studearje, mar har foaroplieding joech dêr gjin tagong ta. Se waard leararesse húshâldkunde. Nei't se har oplieding ôfrûne hie, naam se in baan as leararesse yn dieltiid oan yn Wynskoat en wenne dêrnei in skoft yn Grins.
Under de Twadde Wrâldoarloch, yn 1941, waard se leararesse húshâldkunde foar in folsleine oanstelling oan in skoalle yn Wynskoat, mar se fûn ek tiid om te fotografearjen, ek al hie de Dútske besetter dat ferbean.
Oarlochsfotograaf Oan it begjin fan de oarloch kocht se in nije kamera. Se hold twa albums by: ien oer de oarloch en ien oer har priveelibben. Fia freonen en oare minsken dy't se fertrouwe koe, wie se by steat en meitsje foto's op ferskate lokaasjes.
It oarlochsalbum liket op in plakboek. It befettet net allinne foto's, mar ek oare dokuminten. Sa sit der bygelyks in boete yn foar it plôkjen fan kersen yn de Betuwe. Ek befettet it in kranteknipsel mei oproppen om ynformaasje oer hynders, skilderijen en fermiste famyljeleden. Fierders makke se foto's fan skuon dy't troch har learlingen makke wiene, om't der yn de oarloch gjin skuon te krijen wiene. Dy skuon wiene makke fan reid, jute en papier. Se lei ek fêst hoe't oare skuon folslein fersliten rekke wiene. Ek makke se foto's fan foarfallen yn Wynskoat: in razzia by de Herfoarme tsjerke, wêrby't de Grüne Polizei op in sneintemoarn besocht jonge manlju op te pakken foar twangarbeid; it foarderjen fan hynders; en it fuortheljen fan de tsjerkeklok. Se makke ek foto's yn Amersfoort en Grins.
De âlders fan Cobie hiene in wenark mei de namme Wetterwille, dy't se simmerdeis nei Grou brochten. Yn 1943, neidat de arke nei Grou ferpleatst wie, makke se foto's fan it skûtsjesilen doe't dêr op 31 july 1943 in wedstryd holden waard.
Nei de oarloch Nei de oarloch bea se har foto's — yn totaal 284 — oan by it Ryksinstitút foar Oarlochsdokumintaasje (RIOD) yn Amsterdam; se waarden dêrnei ûnderbrocht by it Nederlânsk Foto-argyf (dat sûnt opgien is yn it Nederlânsk Fotomuseum) yn Rotterdam. Har wurk is opnommen yn it boek Sterke Verhalen uit de rijke collectie van het Nederlands Fotomuseum (2020).
Yn 1993 — doe't Douma yn Dimter wenne — skreau Veronica Hekking oer har yn it fjirde jierboek fan it RIOD, mei de titel Het dagelijks leven tijdens de oorlog; de oorlogsalbums van Cobie Douma (It deistich libben yn de oarloch; de oarlochsalbums fan Cobie Douma). Hekking skriuwt oer Douma: Cobie Douma docht al gau bliken in skerpe waarnimmer te wêzen fan de barrens dy't har yn rap tempo ôfspylje, en se is krekt op it goede momint op it plak fan de aksje.
Keppeling om utens Foto's fan Cobie Douma by Het geheugen
Kategory:Nederlânsk fotograaf Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 2001