Ceará is ien fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat mei de standertôfkoarting CE hat in oerflak fan 148.920 km² en leit yn 'e regio Noardeast. Ceará grinzget oan 'e Atlantyske Oseaan yn it noarden, oan 'e steaten Rio Grande do Norte en Paraíba yn it easten, Pernambuco yn it suden en Piauí yn it westen. Yn 2022 hie de steat 8.794.957 ynwenners. De haadstêd is Fortaleza. De langste rivier fan Ceará is de Jaguaribe. Ceará is likernôch 3,5 sa grut as Nederlân.
Skiednis Earste ferkenningen en lânseigen befolking Guon boarnen suggerearje dat de Spanjerts Vicente Yáñez Pinzón en Diego de Lepe al foar Pedro Álvares Cabral oan 'e kust fan Ceará oankamen. Foar de sechstjinde iuw waard it gebiet bewenne troch ferskate lânseigen stammen, lykas de Tremembé, Paiacu, Cariri en Jucá. Om 1598 hinne fêstigen ek de Potyguara-yndianen har yn it gebiet.
Portegeeske kolonisearring en de Nederlânske perioade Al foardat de Portegezen it gebiet yn it begjin fan 'e santjinde iuw kolonisearren, dreane Frânsen en Hollanners hannel mei de lânseigen befolking. De Portegeeske kolonisaasje waard lykwols behindere troch it wjerakseljen fan dizze lânseigen stammen, de Jeropeeske rivalen en grutte drûchten, lykas dy fan 1606. thumb|left|Forte de São Sebastião Nei in pear mislearre ekspedysjes boude Martim Soares Moreno yn 1612 it Forte de São Sebastião. Yn 1637 feroveren de Hollanners it fort op 'e Portegezen. Hja bleaune yn Ceará oant yn 1644, doe't de lânseigen befolking har tsjin gûverneur Gideon Morris kearde. Yn 1649 kearden de Hollanners ûnder Matthias Beck werom om nei sulverminen te sykjen en hja bouden it Fort Schoonenborch. De Portegezen namen dit fort yn 1654 wer oer en doopten it om ta it Fortaleza de Nossa Senhora da Assunção.
Haadstêd en ôfschaffing fan 'e slavernij Op 13 april 1726 waard Fortaleza, nei politike strideraasjes mei de eardere haadstêd Aquiraz en oanfallen fan 'e lânseigen Paiacu-befolking dêre, de offisjele nije haadstêd fan Ceará. Ceará skafte as earste Brazyljaanske steat op 25 maart 1884 de slavernij ôf, noch foar de lanlike ynfiering fan 'e Gouden Wet (Lei Áurea) yn 1888.
De Grutte Drûgte (1877–1879) Tusken 1877 en 1879 waard Ceará troffen troch de Grande Seca ("De Grutte Drûchte"), in ramp dy't fersterke waard troch in ekstreme El Niño. De oanhâldende drûchte feroarsake in massale hongersneed en epidemyen, wêrby't nei skatting wol de helte fan 'e befolking fan 'e steat omkaam. Hûnderttûzenen minsken flechten nei de haadstêd Fortaleza op syk nei iten en wetter. Dizze ramp hat in djippe ynfloed hân op 'e demografy, kultuer en ekonomy fan Ceará.
Geografy en klimaat thumb|left|Lagune fan Tatajuba yn Ceará Ceará grinzget yn it noarden en noardeasten oan 'e Atlantyske Oseaan, yn it easten oan Rio Grande do Norte en Paraíba, yn it suden oan Pernambuco en yn it westen oan Piauí.
Mei in lingte fan 573 km hat Ceará ien fan 'e langste kustlinen fan Brazylje. Dizze kust bestiet út dunen, mangroves en swietwetterlagunes dy't bekend steane as restingas. Mear nei it binnenlân makket dit lânskip plak foar de Caatinga, in healdrûch gebiet mei toarnich beamkeguod. De grutste rivier fan 'e steat is de Jaguaribe; dizze rivier is mear as 600 km lang en it streamgebiet beslacht mear as de helte fan it grûngebiet fan 'e steat.
Demografy It grutste part fan 'e befolking fan Ceará wennet yn stêden (77,1%). Neffens de folkstelling fan 2022 is de etnyske gearstalling fan 'e befolking as folget:
mingde befolking (Pardos): 64,7% blanke befolking (Brancos): 25,6% swarte befolking (Indígenas): 8,8% lânseigen befolking (Pretos): 0,8% Aziatyske befolking (Amarelos): 0,1%
+ Befolkingsûntwikkeling fan Ceará (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 721.686 805.687 849.127 1.319.228 2.091.032 2.695.450 3.337.856 Groei — +11,6% +5,4% +55,4% +58,5% +28,9% +23,8% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 4.491.590 5.380.432 6.362.620 7.431.597 8.452.381 8.794.957 Groei +34,6% +19,8% +18,3% +16,8% +13,7% +4,1%
Grutste stêden thumb|260px|Fortaleza + Grutste gemeenten fan Ceará (2022) Stêd Ynwenners Stêd Ynwenners 20px|border Fortaleza 2.428.678 20px|border Crato 131.050 20px|border Caucaia 355.679 20px|border Itapipoca 131.123 20px|border Juazeiro do Norte 286.120 20px|border Maranguape 105.093 20px|border Maracanaú 234.509 20px|border Iguatu 98.064 20px|border Sobral 203.023 20px|border Quixadá 84.168 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2022
Religy thumb|260px|It ûnbidich grutte byld fan Sint-Fransiskus yn Canindé It Festa de São Francisco das Chagas yn Canindé is ien fan 'e grutste katolike beafearten fan hiel Brazylje, wêrby't de basilyk hielendal ferljochte is en tûzenen leauwigen tegearre komme. In oar hiel wichtich pylgerplak is de Romaria de Juazeiro do Norte, wijd oan Padre Cícero, dy't alle jierren troch hûnderttûzenen pylgers besocht wurdt. De Jongfaam Marije is de patroanhillige fan 'e steat en de haadstêd en Marije-Himelfeart (15 augustus) is in offisjele feestdei yn Ceará.
Lykas yn 'e rest fan Brazylje is it roomsk-katolike oandiel fan 'e befolking tebekrûn en it protestantske oandiel tanommen, al heart Ceará noch altyd ta de meast katolike steaten fan it lân:
+ Religieuze gearstalling fan Ceará (2010–2022) Religieuze streaming Persintaazje (2010) Persintaazje (2022) roomsk-katolyk 79,1% 78,8% protestantsk 14,6% 14,6% sûnder religy 4,0% 4,2% spiritisme 0,6% 0,6% Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) 0,1% 0,1% oare religys / net opjûn 1,6% 1,7% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022
Toerisme en natuer De steat stiet benammen bekend om syn kilometerslange kustline mei ferneamde strannen, lykas de Praia do Futuro yn 'e haadstêd Fortaleza, en de idillyske kustplakken Jericoacoara, Canoa Quebrada en Aracati.
Kultureel erfgoed thumb|left|Teater José de Alencar yn Fortaleza Op kultureel mêd hat benammen de haadstêd Fortaleza in soad te bieden. Sa stiet dêr it bertehûs fan 'e ferneamde skriuwer José de Alencar en binne der ferskate musea, lykas it Museum fan Byld en Lûd fan Ceará (Museu da Imagem e do Som), it Museum fan Ceará (Museu do Ceará) en it Memorial da Cultura Cearense. In kultureel hichtepunt is it Kultureel Sintrum Dragão do Mar (Centro Dragão do Mar de Arte e Cultura), dat in wichtich moetingsplak foar keunst en teater is.
Ambachten en streekprodukten Ceará hat in grutte tradysje fan ambachtlik hânwurk. Oer de hiele steat wurde produkten makke fan tekstyl, hout, keramyk, borduerwurk, strie, bamboe, breiwurk en kant. Dernjonken wurde yn plakken lykas Juazeiro do Norte, Quixadá en Quixeramobim in soad sieraden makke fan heal-ealstiennen.
Nasjonale parken De steat hat twa nasjonale parken: thumb|260px|Nasjonaal Park Jericoacoara + Nasjonale parken yn Ceará Park Oerflak Bysûnderheden Nasjonaal Park Jericoacoara 62,95 km² Oprjochte op 23 septimber 2002 om de unike wandelende doänen fan Jericoacoara en Cruz en de bybehearrende flora en fauna te beskermjen. Nasjonaal Park Ubajara 563 ha Leit op 351 kilometer fan de haadstêd Fortaleza; mei 563 hektare it meast lytse nasjonale park fan Brazylje. Stekt as in grien eilân ôf tsjin it heal-drûge lânskip fan de Caatinga, mei in kalkstienhoale as wichtichste besjenswaardichheid.
Njonken de nasjonale parken hat Ceará ferskate steatsparken (parques estaduais). It bekendste is it Parque Estadual do Cocó yn Fortaleza, ien fan 'e grutste stedske natuerparken yn Súd-Amearika. Oare wichtige steatsparken binne it Parque Estadual Botânico do Ceará yn Caucaia, it maritieme park Pedra da Risca do Meio foar de kust en it Parque Estadual das Carnaúbas.
Ekonomy en ynfrastruktuer thumb|left|haven fan Pecém Ceará is fan oarsprong in agraryske steat, mar yn it militêre rezjym (1964-1985) waard úteinset mei in yndustrialisaasjeprogramma. Dizze yndustrieële sektor wreidet him noch jimmeroan fierder út. Njonken yndustry en lânbou spilet ek toerisme in grutte rol yn 'e ekonomy fan 'e steat. Foar de ymport en eksport hat Ceará twa wichtige seehavens: de hannelshaven fan Pecém en de haven fan Mucuripe. It Aeroporto Internacional de Fortaleza is de grutste ynternasjonale lofthaven fan 'e steat en leit op sa'n 6 kilometer fan it sintrum fan Fortaleza. Njonken de haadstêd hat de steat ek ferskate regionale fleanfjilden.
De feehâlderij is ien fan 'e meast wichtige ekonomyske aktiviteiten. De wichtichste lânbouprodukten binne beanen, mais, rys, katoen, nuten, sûkerreid, kassaves, tomaten, bananen, kokosnuten en yn 'e lêste tiid ek druven.
De yndustry fan Ceará bestiet fral út tekstyl en fabrikaazje fan skuon, fiedingssektor, metaal- en gemyske yndustry. It Maracanaú Yndustrieel Distrikt (flakby Fortaleza) is in hiel wichtich ekonomysk kompleks.
Yn 'e grûnstofwinning wurde ûnder mear izer, mineraalwetter, kalk, magnesium, granyt, ierdoalje, ierdgas, seesâlt, grafyt en uraniumerts fûn. De gemeente Santa Quitéria besit boppedat de grutste uraniumfoarried fan hiel Brazylje.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889