Mato Grosso is ien fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat mei de standertôfkoarting MT leit yn 'e regio Sintraal-West. De dielsteat bestiet út fiif regio's, ferdield yn 141 gemeenten.

Mato Grosso (903.358 km²) is yn ferliking mei Nederlân hast 22 kear sa grut as it lânoerflak (ynklusyf binnenwetter) fan Nederlân (41.543 km²).

Skiednis thumb|left|In Bororo-yndiaan út Mato Grosso Oarspronklik waard it gebiet bewenne troch ferskate lânseigen folken, wêrûnder de Bororo-yndianen. Yn 'e 18e iuw makken Portegeeske ûntdekkingsreizgers, goudsikers en slavekeaplju it binnenlân tagonklik, wat late ta in soad konflikten mei de lânseigen befolking en in sterke tebekgong fan harren oantallen feroarsake troch sykten en geweld.

De bestjoerlike skiednis fan Mato Grosso giet werom nei 1748, doe't it gebiet as it kapteinskip Mato Grosso (kombinearre mei it kapiteinskip Goiás) ôfskieden waard fan it kapteinskip São Paulo. Mei de oprjochting fan it Keizerryk Brazylje waard it fan 1821 oant 1889 de provinsje Mato Grosso. Doe't yn 1889 de republyk útroppen waard, waard it de steat (estado) Mato Grosso.

Noch yn 1880 patrouillearren soldaten yn 'e gebieten oan 'e râne fan Cuiabá – de haadstêd en grutste stêd fan Mato Grosso – om kolonisten te beskermjen tsjin oerfallen troch de Bororo.

It súdwestlike diel fan 'e steat waard neffens it Ferdrach fan Petrópolis út 1903 troch Brazylje oan Bolivia ôfstien yn ruil foar it doetiidske Boliviaanske grûngebiet Acre.

Op 1 jannewaris 1979 waard it suden fan 'e steat ôfsplitst om de nije steat Mato Grosso do Sul te foarmjen.

Geografy Mato Grosso (letterlik oerset: "Ticht beamkeguod") grinzget yn it súdwesten oan Bolivia en (mei de klok mei, begjinnend fan it westen ôf) oan 'e Brazyljaanske steaten Rondônia, Amazonas, Pará, Tocantins, Goiás en Mato Grosso do Sul.

De haadstêd is Cuiabá mei in rûsd ynwennertal fan 623.614 op 1 july 2021. thumb|left|Pantanal Mato Grosso hat op in oerflak fan sa'n 903.207 km² (2021) mei neffens rûzing mar likernôch 3,57 miljoen ynwenners (1 july 2021). De steat is dêrom mei in befolkingsdichtens fan mar 3,4 ynwenners de fjouwerkante kilometer (2010) ien fan 'e meast tinbefolke regio's fan Brazylje.

It heechste punt yn 'e steat foarmet mei 1.118 m de Serra do Rondeador. De wichtichste rivieren binne de Rio Paraguai, Rio Juruena, Teles Pires, Rio Xingu, Rio Araguaia, Rio Piqueri, Rio Cuiabá en Rio São Lourenço das Mortes. Yn it súdwesten fan Mato Grosso leit de biologyske rike Pantanal, ien fan 'e grutste ekosystemen fan sompen en gerslân fan 'e wrâld .

Befolking Etnyske gearstalling thumb|left|Doarp fan 'e Xingu-yndianen yn it Park Xingu Neffens de folkstelling fan 2022 bestiet de befolking fan Mato Grosso út de folgjende etnyske groepen:

mingde komôf (Pardo): 57,1% blank (Branco): 30,3% swart (Preto): 10,2% lânseigen/Yndiaansk (Indígena): 2,1% Aziatysk (Amarelo): 0,3%

Yn ferliking mei de folkstelling fan 2010 is it oantal minsken dat harsels as blank opjout wat ôfnommen (2010: 35%), wylst it part dat harsels as preto identifisearret tanommen is (2010: 7,6%). Ek it persintaazje lânseigen minsken is tanommen, mar dat wurdt ferklearre troch de bettere tagong fan tellers yn ôfhandich gebieten.

De steat hat ek meardere beskerme gebieten foar de lânseigen folken, lykas it Park Xingu (PIX) fan 'e Xingu-yndianen oan 'e bopperin fan 'e Rio Xingu.

+ Befolkingsûntwikkeling fan Mato Grosso (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 Ynwennertal 60.417 92.827 118.025 246.612 432.870 522.044 Groei — +53,6% +27,1% +109,0% +75,5% +20,6% Jier 1960 1970 1980 1991 2010 2022 Ynwennertal 889.800 1.597.090 1.141.282 2.022.524 3.035.122 3.658.813 Groei +70,4% +79,5% -28,5% +77,2% +50,1% +20,5%

Grutste stêden thumb|260px|Haadstêd Cuiabá Stêd Ynwenners 20px|border Cuiabá 650.912 20px|border Várzea Grande 299.985 20px|border Rondonópolis 244.897 20px|border Sinop 196.067 20px|border Cáceres 89.681 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) - Censo Demográfico 2022

Religy It oandiel katoliken yn Mato Grosso is de lêste desennia ôfnommen, mar bliuwt noch jimmeroan de grutste religieuze streaming yn 'e steat. Tagelyk is it oanpart fan 'e protestantske tsjerken (benammen evangelyske bewegings) en fan minsken sûnder religy tanommen.

thumb|260px|Metropolitane Katedraal fan Cuiabá

+ Religieuze gearstalling fan Mato Grosso (2010–2022) Religieuze streaming Persintaazje (2010) Persintaazje (2022) roomsk-katolyk 63,4% 59,85% protestantsk 24,5% 24,85% sûnder religy 7,0% 12,16% spiritisme 1,3% 1,13% Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) 0,1% 0,32% oare religys / net opjûn 3,7% 1,69% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022

Natuer en toerisme Mato Grosso omfiemet in grut ferskaat oan ekosystemen, fariearjend fan it Amazônereinwâld yn it noarden oant de Cerrado-savannes en de sompen fan 'e Pantanal yn it suden. De natuerlike rykdom makket fan Mato Grosso in wichtige bestimming foar ekotoerisme en natuerrekreaasje. thumb|left|Wetterfal yn it Nasjonaal Park Chapada dos Guimarães In wichtich ûnderdiel fan it lânskip wurdt foarme troch de rivieren en geologyske formaasjes. Yn it noarden, om plakken lykas Alta Floresta hinne, binne de rivieren it hiele jier troch populêr foar sportfiskjen. Yn it Nasjonaal Park Chapada dos Guimarães lizze opfallende sânstienrotsformaasjes en grotten, wêrûnder de Aroe Jari-grot, dy't mei in lingte fan hast 1.550 meter ien fan 'e grutste sânstiengrotten fan Brazylje is. Yn 'e grotten binne meardere prehistoaryske rotstekeningen fûn. thumb|260px|Transpantaneira-wei De noardlike Pantanal leit om 'e Paraguai-rivier hinne, dêr't rivieren lykas de Cuiabá yn útmûnje. Yn 'e reintiid (oktober oant april) oerstreame grutte stikken lân, wat in grut netwurk fan marren en rivieren foarmet. De bekende Transpantaneira-wei is in ûnferhurde dyk fan 149 km mei mear as 120 houten brêgen dy't Poconé mei Porto Jofre ferbynt. It is in populêre rûte om wylde bisten te observearjen, lykas kaaimannen, kapibara's en hûnderten fûgelsoarten.

De steat Mato Grosso telt 3 nasjonale parken:

+ Nasjonale parken yn Mato Grosso Park Oerflak (ha) Bysûnderheden Nasjonaal Park Pantanal Matogrossense 135.000ICMBio, oproppen 24.09.2026 Leit yn it súdwesten yn 'e Pantanal; beskermet foaral sompen, rivierdelta's en in rike fûgel- en bistewrâld. Nasjonaal Park Chapada dos Guimarães 33.000ICMBio, oproppen 24.09.2026 Bekend om de reade sânstienrotsen, kleauwen, wetterfallen en it typyske Cerrado-ekosysteem. Nasjonaal Park Juruena 1.960.000ICMBio, oproppen 24.09.2026 In tige grut park oan 'e grins mei de steat Amazonas mei as doel it behâld fan it Amazônereinwâld en syn biodiversiteit.

thumb|260px|Fisken yn it Steatspark Gruta da Lagoa Azul Njonken de federale parken beskermet de steat de natuer mei ferskate steatsparken (Parques Estaduais) It Steatspark Águas Quentes wie it earste beskerme gebiet yn Mato Grosso en stiet bekend om syn termyske waarmwetterboarnen. It Steatspark Gruta da Lagoa Azul yn 'e meente Nobres bestiet út in kalkstiengrot mei in ûndergrûnsk blau wetterbekken dat troch de Saloba-rivier fan wetter foarsjoen wurdt. It bestiet fierder út leafbosken dêr't ûnder oare brulapen, tapirs, jaguars en ara's libje. Oare wichtige steatsparken binne it Parque Estadual da Serra de Santa Bárbara en it Parque Estadual Encontro das Águas.

Ekonomy en ynfrastruktuer thumb|left|Feedriuwer yn Mato Grosso De ekonomy fan Mato Grosso stiet foaral bekend om syn grutskalige agraryske sektor, dy't de wichtichste motor fan 'e steat foarmet. De steat is yn Brazylje de grutste produsint fan lânbouprodukten lykas soja, katoen, sinneblommen en maïs. Dêrnjonken hat Mato Grosso it grutste feebestân fan it lân mei tsientallen miljoenen kij en spilet de steat in grutte rol yn 'e bargefokkerij.

De yndustry is foar in grut part keppele oan 'e lânbou en rjochtet him benammen op it ferwurkjen fan fiedingsmiddels, de bou, iepenbiere nutsfoarsjennings en de produksje fan biobrânstoffen.

De mynbou rjochtet him op 'e winning fan goud en tin en Mato Grosso is in wichtige produsint fan diamanten (benammen om de stêd Juína hinne).

De wichtichste lofthaven is Aeroporto Internacional Marechal Rondon yn Várzea Grande by Cuiabá. Om't in soad gemeenten en boeremienskippen yn it binnenlân en it Amazônegebiet min oer de wei te berikken binne, spilet de regionale loftfeart mei lytsere fleanfjilden en ûnferhurde of lytse priveelanningsbanen in krúsjale rol foar it ferfieren fan minsken, medyske soarch en guod.

Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889