Alagoas (Portegeesk: as lagoas, "de marren", ferneamd nei twa opfallende binnenmarren) mei de haadstêd Maceió is in dielsteat yn 'e regio Noardeast fan Brazylje. Yn it jier 2022 libben dêr 3.127.511 ynwenners.IBGE Mei in oerflak fan likernôch 27.843 km² nimt de steat it 25ste plak yn fan 'e 27 federale ienheden fan it lân. Alagoas is likernôch in tredde lytser as Nederlân (41.543 km²).
Geografy Alagoas grinzget oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Pernambuco, Sergipe en Bahia, en oan 'e Atlantyske Oseaan. Wat oerflak oangiet is it de op ien nei lytste dielsteat fan Brazylje; allinnich Sergipe is noch lytser. De lytste bestjoerlike ienheid fan it lân is it Federaal Distrikt. thumb|left|Rio São Francisco Alagoas hat in kustline fan 230 kilometer mei wite sânstrannen. 65 kilometer dêrfan leit yn 'e omjouwing fan 'e haadstêd Maceió. Oan 'e Rio São Francisco op 'e grins mei de dielsteaten Sergipe en Bahia lizze ferskate histoaryske koloniale stêden.
It heechste punt fan 'e steat leit mei 844 m yn 'e Serra Santa Cruz. Skiednis Oan it begjin fan 'e 16de iuw besetten Frânsen it gebiet. Nei't dy yn 1535 troch de Portegezen ferdreaun waarden, kaam Alagoas — dat oant 1817 by it kapteinskip Pernambuco hearde — fan 1630 oant 1654 ûnder it bestjoer fan 'e Nederlânske Westyndyske Kompanjy (WIC). De Portegezen moasten har weromlûke yn it faak sompige binnenlân. Dêrwei fierden se hieltyd wer oanfallen út, oant de Nederlanners it lân definityf ferlieten. It besykjen om in Nederlânsk-Brazylje op te bouwen wie mislearre en waard nea wer oppakt.
Oant 1817 en de Opstân fan Pernambuco (Revolução Pernambucana) tsjin it Portegeeske bestjoer rûn de skiednis fan Alagoas lyk mei dy fan Pernambuco. De deis neidat dy ûnôfhinklikensbeweging op 16 septimber 1817 delslein waard, waard it gebiet ôfskaat fan Pernambuco as it selsstannige kapteinskip Alagoas (capitania independente). De earste eigen gûverneur waard Sebastião Francisco de Melo e Póvoas. Dit kapteinskip bestie yn 'e tiid fan kening Jehan VI oant 1821. Dêrnei waarden de kapteinskippen ta provinsjes omfoarme en ûnder keizer Peter I yn 'e grûnwet opnommen.
Yn 'e tiid fan it Keizerryk Brazylje krige de separatistyske en republikeinske beweging fan 'e Ekwatorfederaasje (Confederação do Equador) fan 1824 de stipe fan foaroansteande persoanlikheden út Alagoas. Yn 1834 krige de provinsje Alagoas in eigen parlemint. By de oprjochting fan 'e republyk yn 1889 waard ek de dielsteat Alagoas (Estado de Alagoas) stifte.
Befolking thumb|left|Kariri-xocó Neffens offisjele sifers fan 'e Brazyljaanske folkstelling yn 2022 fan it IBGE wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking fan Alagoas as folget:
Mingde komôf (Pardos): 60,3% Blanken (Brancos): 26,8% Swart (Pretos): 11,8% Lânseigen / Yndianen (Indígenas): 0,8% Aziaten (Amarelos): 0,2%
Yn Alagoas meitsje lânseigen folken in lyts, mar kultuer-histoarysk hiel wichtich part fan 'e befolking út. Yn 'e steat binne mear as 10 ferskillende lânseigen groepen erkend, wêrfan de Xukuru-Kariri en de Kariri-Xocó de grutsten binne. Oare lânseigen groepen yn Alagoas binne ûnder oare de Tingui-Botó, Tupinambá, Jiripancó, Karapotó, Katokinn, Tushá en Wassu-Cocal. Dy mienskippen libje fral yn it binnenlân en oan 'e râne fan 'e Rio São Francisco.Povos Indígenas Brasil
+ Befolkingsûntwikkeling fan Alagoas (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 348.009 511.440 649.273 978.748 959.882 1.093.137 1.271.062 Groei — +47,0% +26,9% +50,7% -1,9% +13,9% +16,3% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 1.606.174 1.982.591 2.514.100 2.822.621 3.120.494 3.127.683 Groei +26,4% +23,4% +26,8% +12,3% +10,6% +0,2%
Grutste gemeenten thumb|260px|Maceió Stêd / Gemeente Ynwenners (2022) border|20px Maceió 957.916 border|20px Arapiraca 234.696 border|20px Rio Largo 93.927 border|20px Marechal Deodoro 60.370 border|20px|Palmeira dos Índios Palmeira dos Índios 71.574 border|20px Penedo 58.647 border|20px União dos Palmares 59.280 border|20px Coruripe 52.160 border|20px Delmiro Gouveia 51.319 border|20px São Miguel dos Campos 51.109 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Populaasje neffens de folkstelling van 2022
Religy It oandiel katoliken yn Alagoas is de lêste desennia wat ôfnommen, mar bliuwt noch jimmeroan de grutste religieuze streaming yn 'e steat. Tagelyk is it oanpart fan 'e protestantske tsjerken (benammen evangelyske bewegings) en fan minsken sûnder religy stadich tanommen. Dêrnjonken hawwe Afro-Brazyljaanske tradysjes lykas Candomblé en Xangô in sterke kultuer-histoaryske bining mei de steat.
thumb|260px|Metropolitane Katedraal fan Maceió + Religieuze gearstalling fan Alagoas (2010–2022) Religieuze streaming Persintaazje (2010) Persintaazje (2022) roomsk-katolyk 72,2% 66,4% protestantsk 18,1% 21,5% sûnder religy 8,0% 10,2% spiritisme 0,5% 0,6% Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé / Xangô) 0,1% 0,3% oare religys / net opjûn 1,1% 1,0% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022
Natuer Oarspronklik bestie mear as de helte fan 'e steat út reinwâld. Dêr is hjoed-de-dei noch mar 6% fan oer.
De steat hat gjin nasjonale parken, mar wol in oantal op steatsnivo beskerme natuergebieten (Área de Proteção Ambiental), dy't foar it behâld fan sawol it Atlantysk wâld (Mata Atlântica) as de drûge Caatinga-natuer krewearje. Bekende natuergebieten binne:
APA de Murici (mei noch likernôch 6000 ha reinwâld en in oantal endemyske fûgelsoarten) APA do Pratagy APA do Marituba do Peixe APA de Santa Rita APA da Serra da Caiçara
Ekonomy en ynfrastruktuer Alagoas heart by de earmoedichste regio's fan it lân, al binne de sifers de lêste tiid ferbettere. De tsjinstesektor en yndustry foarmje it grutste part, wylst lânbou (benammen sûkerreid en tabak) ek wichtich is. In grut part fan 'e produksje is foar de eksport. Ek it toerisme lâns de kust is sterk groeid.
It ynternasjonale fleanfjild Zumbi dos Palmares ferwurket in grut tal reizgers.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889