De brúnrêchwurger (Lanius vittatus) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken De brúnrêchwurger is in relatyf lytse wurger mei in lange sturt en in lichemslingte fan 17 sintimeter. De folwoeksen fûgel hat in breed, swart masker dat kontrastearret mei in ljochtgrize krún en nekke. De mantel is readbrún, de stút is wyt, de sturt is swart mei wite rânen en oan 'e basis fan 'e hânpinnen is in wyt plak te sjen. It jong is boppe egaler griisbrún, de stút is ljocht fan kleur en de wjukdekfearren en tertials litte in fine tekening sjen.
Fersprieding en taksonomy De brúnrêchwurger wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Lanius vittatus vittatus – komt foar fan Pakistan (de Yndusflakte) oant West-Bengalen en súdlik Yndia (mei útsûndering fan it súdwesten). Lanius vittatus nargianus – komt foar yn súdeastlik Iran, súdlik Turkmenistan, Afghanistan en Pakistan.
Bûten it briedseizoen wurdt de soarte ek waarnommen yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, dêr't ek briedgefallen fêststeld binne. Dêrnjonken is de fûgel ynsidinteel waarnommen yn Oman, Sry Lanka, Saûdy-Araabje en Bûtan.
Hâlden en dragen De brúnrêchwurger libbet yn iepen bosk, drûch terrein mei strûken en fersprate beammen. Hy yt hast allinnich ynsekten.
Briedgedrach It mantsje en it wyfke wurkje tegearre by it bouwen fan it nêst; dat sit ferburgen op 1,5 oant 4 meter hichte yn in beamfoarke of in toarnige strûk. It wyfke leit 3 oant 5 aaien en briedt dy oer it algemien selsstannich út yn in tiid fan 14 oant 15 dagen. De jongen fleane nei sa'n fjirtjin oant fyftjin dagen út.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje dy't net te lijen hat fan grutte bedrigingen. Op basis fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List. Hoewol't de omfang fan de wrâldpopulaasje net rûsd is, wurdt de soarte omskreaun as algemien foarkommend yn it noarden en minder algemien yn it suden.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan