De súdlike wytkrúnwurger (Eurocephalus anguitimens) is in fûgel dy't oer it algemien yndield wurdt by de famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn it Nasjonaal Park Kruger, Súd-Afrika De súdlike wytkrúnwurger wurdt likernôch 24 sm lang. Tusken mantsjes en wyfkes is gjin ferskil yn it fearrekleed. By de folwoeksene fûgel binne de krún en de foarholle wyt, en rint der in swart masker fan boppe en ûnder it each troch oant oan 'e sydkant fan 'e hals. De nekke en boppedielen binne jiskebrún, wylst de wjukken en sturt donkerbrún binne. De ûnderkant is brutsen wyt, wêrby't it boppeborst in ljocht gielbrune tint hat. De ûnderbûk is jiskebrún. De snaffel is swart, de eagen binne brún en de poaten donkerbrún. Jonge fûgels lykje op folwoeksen eksimplaren, mar de krún is ljocht bandearre, en mear griis as wyt. De kin en kiel binne wyt, mar de rest fan 'e ûnderkant hat in jiskebrune tint. Fersprieding en taksonomy De súdlike wytkrúnwurger wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:

E. a. anguitimens – komt foar fan súdwestlik Angoala oant Botswana, Namybje en Simbabwe E. a. niveus – komt foar yn Simbabwe, súdlik Mozambyk, noardeastlik Súd-Afrika (Limpopo en noardlik KwaZulu-Natal) en noardeastlik Swazylân

Besibskip De twa soarten yn it skaai Eurocephalus wurde tradisjoneel ta de famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) rekkene. Ut genetysk ûndersyk docht lykwols bliken dat se in aparte evolúsjonêre line foarmje; se binne wol nau besibbe oan wurgers, mar û.o. ek oan kriefûgels. Oant no ta hat dit lykwols net laat ta taksonomyske feroaringen.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, de populaasje liket lykwols ôf te nimmen – al giet dat net sa hurd dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern of LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytkrúnwurger Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe