De noardlike wytkrúnwurger (Eurocephalus ruppelli) is in fûgel dy't yn it generaal yndield wurdt by de famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) binnen it skift fan de moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De noardlike wytkrúnwurger is in grutte wurgerfûgel mei in opfallende wite en donkerbrune tekening. De fûgel hat in wite krún en in wyt plak op 'e stút, dy't goed te sjen is yn syn weagjende flecht. Unfolwoeksen fûgels sjogge der gâns oars út – mei in donkere krún en wite wangplakken. De soarte liket op 'e súdlike wytkrúnwurger, mar harren ferspriedingsgebieden oerlaapje inoar net.

Fersprieding en taksonomy De fûgel komt foar yn in gebiet fan Súd-Sûdan oer Somaalje, Etioopje en Kenia oant Tanzania. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten ûnderskieden wurde.

It biotoop bestiet út drûge savannes en boskgebieden.

Sibskip De twa soarten yn it skaai Eurocephalus wurde tradisjoneel ta de famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) rekkene. Ut genetysk ûndersyk docht lykwols bliken dat se in aparte evolúsjonêre line foarmje; se binne wol nau besibbe oan wurgers, mar û.o. ek oan kriefûgels. Dat hat oant no ta net laat ta taksonomyske feroaringen.

Hâlden en dragen Noardlike wytkrúnwurgers komme oer it algemien yn lytse groepjes foar en obstrewearje fanôf in opfallende útsjochpost de omjouwing nei proaien. As in proai waarnommen wurdt dûkt er nei de grûn om dy te fangen.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern of LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytkrúnwurger Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda