De mackinnonwurger of MacKinnons wurger (Lanius mackinnoni) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae), binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Dizze soarte is ferneamd nei de Skotske legerdokter yn Britsk-East-Afrika Archibald Donald MacKinnon (1864-1937), dy't oan 'e ein fan 'e 19e iuw de spesimina sammele dêr't ornitolooch Richard Bowdler Sharpe syn wittenskiplike beskriuwing op basearre.

Skaaimerken en lûd thumb|left|mackinnonwurger yn Uganda De mackinnonwurger is in middelgrutte, slanke wurger mei in donkergriis, swart en wyt fearrekleed. It mantsje hat in folslein wite ûnderkant, wylst it wyfke in rustkleurich plak op 'e side hat. Op 'e skouders binne grutte, langwerpige wite plakken sichtber. De soarte liket op 'e fiskaalwurger, mar hat in grize krún en rêch. Hy ûnderskiedt him fan oare wurgers mei in swart eachmasker en in grize rêch troch it ûntbrekken fan in wyt wjukplak. De sang bestiet út in stadige, fariëarre rige toanen, wêrûnder imitaasjes fan oare fûgels.

Fersprieding en taksonomy De fûgel komt foar by de evener yn Sintraal-Afrika. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten ûnderskieden wurde.

Hâlden en dragen De mackinnonwurger komt foar oan boskrânen, op iepen plakken yn it bosk, yn lânbougebieten en yn tunen. De fûgel wurdt meastentiids allinnich of yn pearkes waarnommen.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje nimt nei ferwachting ta. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda