De griisrêchwurger (Lanius excubitoroides) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e sjongfûgels (Passeriformes).
Skaaimerken thumb|left|Griisrêchwurger yn Tanzania De griisrêchwurger is in grutte wurger mei in griis, swart en wyt fearrekleed en in lange sturt. It wyfke hat in folslein wite ûnderkant, al kin hja in lyts roestkleurich plak op 'e flank hawwe. Yn 'e flecht binne grutte wite plakken oan 'e basis fan 'e sturt te sjen. De soarte ûnderskiedt him fan oare wurgers mei in swart eachmasker en in grize rêch troch dy plakken op 'e sturt en in swarte streek dy't de swarte wjuk mei it eachmasker ferbynt.
Fersprieding en taksonomy De griisrêchwurger komt foar yn Afrika besuden de Sahara, fan Mauretaanje nei it easten oant Etioopje en nei it suden oant Tanzania. De soarte wurdt ûnderferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Lanius excubitoroides excubitoroides – komt foar yn súdeastlik Mauretaanje, westlik Sûdan, Maly, Tsjaad, noardeastlik Kongo-Kinsjasa en Uganda. Lanius excubitoroides intercedens – komt foar yn sintraal Etioopje, noardwestlik Uganda en westlik Kenia. Lanius excubitoroides boehmi – komt foar fan westlik Tanzania oant Rûanda, súdlik Uganda en súdlik Kenia.
Hâlden en dragen thumb|left|Groepke griisrêchwurgers De griisrêchwurger is te finen yn iepen bosklân, op savannes en lânbougebieten yn it eastlike diel fan it ferspriedingsgebiet, wylst er yn it westen allinnich op drûge toarnsavannes sjoen wurdt. De fûgel hâldt him faak op yn lytse groepen.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda