Menno Oosterhoff (Harns, 17 augustus 1955) Nrc.nl dooddoeners zijn een goed medicijn. Argivearre op 6 juny 2023. is in Nederlânske berne- en jeugdpsychiater, skriuwer en podcastmakker. Hy is benammen bekend om syn wurk oangeande de obsessyf-kompulsive steuring (OCD). Oosterhoff wurke sûnt 2010 by Lentis. Lentis is de koepelorganisaasje foar geastlike sûnenssoarch en âldereinsoarch yn de Nederlânske provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. Hy is sûnt 2018 ek wurksum foar Accare. Hy wennet yn Thesinge.
Yn 2014 rjochte Oosterhoff it OCD Network op (letter omneamd ta de Obsessive-Compulsive Disorder Foundation). Syn boek Vals Alarm, dat giet oer syn eigen ûnderfining mei OCD, waard yn 2017 publisearre. Rianne Oosterom in Trouw (12 maaie 2017), Menno Oosterhoff, de psychiater die zelf ook een dwangstoornis heeft. Argivearre op 5 desimber 2021. Foar dit wurk krige er de earste MIND Antony Kamerling Award. https://www.dvhn.nl/groningen/Psychiater-Menno-Oosterhoff-uit-Thesinge-wint-eerste-Antonie-Kamerlingprijs-22686895.html Psychiater Menno Oosterhoff uit Thesinge wint eerste Antonie Kamerlingprijs], Dagblad van het Noorden, 23 novimber 2017
Yn maaie 2022 sleat Menno Oosterhoff syn karriêre as berne- en jeugdpsychiater ôf mei in sympoasium yn De Biotoop yn Haren. Menno Oosterhoff: markante en bevlogen kinder- en jeugdpsychiater neemt afscheid ggznieuws.nl, 23 maaie 2022
Publikaasjes (kar-út) Vals Alarm Ik zie anders niks aan je. Oer psychyske oandwaningen yn it algemien. Laat me gaan. Oer eutanasy by geastlike oandwanings. (Mei Kit Vanmechelen) [https://www.medischcontact.nl/opinie/blogs-columns/bloggers-columnisten/bloggercolumnist/menno-oosterhoff-2 Menno Oosterhoff blogger], Medischcontact.nl
Kategory:Nederlânsk psychiater Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1955