De Yndosineeske wurger (Lanius collurioides) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De Yndosineeske wurger is in middelgrutte (19–21 sm) wurger mei in lange en slanke sturt. It mantsje hat in donkergrize krún en nekke, en in kastanjebrune mantel en stút. De sturt is swart mei wite flanken. It wyfke hat in wyteftige foarholle en is wat ljochter kastanjebrún oan 'e boppeside. It jong hat in brúngrize krún mei in patroan fan skiere donkere en bêzje dwersstreken, wylst de stút en de mantel rustbrún binne, wêrby't de mantel skiere dwersstreekjes hat.

Fersprieding en taksonomy De Yndosineeske wurger wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Lanius collurioides collurioides – komt foar yn 'e berchftige gebieten fan Assam, súdlik Sina, Birma en Yndosina. Lanius collurioides nigricapillus – komt foar yn súdlik Fjetnam.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar het Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as net ûngewoan.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam