De buffelkopwurger (Lanius bucephalus) is in Eastaziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e sjongfûgels (Passeriformes).

Skaaimerken De buffelkopwurger is in middelgrutte (19–20 sm) wurger mei in relatyf lange sturt. Hy liket wat op 'e brune skatekster, mar hat in unike kombinaasje fan readbrún op 'e kop en nekke, in griiseftige mantel en rêch oant op 'e boppeste sturtdekfearren, en in wyt plak oan 'e basis fan 'e hânfearren. Wjukken en sturt binne ek swarter, it boarst en de flanken binne brún mei in skier skobbich patroan en de ûnderste snaffelhelte hat in rôze-eftige basis. It mantsje hat in opfallend swart eachmasker mei dêr omhinne in faak wat ljochtere tekening, wylst it wyfke oer it generaal folle bruner is.

Fersprieding en taksonomy De buffelkopwurger wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Lanius bucephalus bucephalus – komt foar yn East-Aazje: yn súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina (fan súdlik Heilongjiang oant Hebei en Shandong), Koreä, súdlik Sachalin, de súdlike Koerilen en Japan (ynklusyf de Rjûkjû-, Daito- en Ogasawara-eilannen); winterdeis ek yn eastlik en súdeastlik Sina. Lanius bucephalus sicarius – komt foar yn westlik Sintraal-Sina (de Tao-delling, súdwestlik Gansu).

As dwaalgast is de fûgel ek oantroffen yn Hongkong, Taiwan en Fjetnam. De soarte is nau besibbe oan sawol de skatekster as de isabelwurger.

Hâlden en dragen De buffelkopwurger komt foar yn ferskate soarten iepen lânskippen lykas lânbougrûn, parken en tunen yn doarpen en stêden. Hy fiedt him mei wringeleaze dieren, foaral krobben, mar ek lytse wringedieren en soms sied. Hy briedt fan april oant july yn it noarden fan Hokkaido yn Japan, en yn súdliker regio's al wat earder. De soarte is sawol stânfûgelas trekfûgel.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar de oantallen nimme nei alle gedachten ôf, al is dat net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje is net rûsd, en de soarte wurdt omskreaun as net ûngewoan.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä