De Filipynske wurger (Lanius validirostris) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e sjongfûgels (Passeriformes).
Skaaimerken De Filipynske wurger is in middelgrutte sjongfûgel mei in lange sturt en in heaksnaffel. De boppeside is griis mei donkerder wjukken en in donkere sturt, wylst de ûnderside wyt is mei oranje flanken. Oer de eagen rint in swart masker. Guon ûndersoarten litte mear oranje sjen op 'e ûnderside. De soarte liket op 'e langsturtwurger (Lanius schach), mar libbet trochstrings yn mear beboske gebieden en op gruttere hichten. Boppedat hat er in wat koartere sturt en ûntbrekt it wite plak op 'e hânfearren.
Fersprieding en taksonomy De Filipynske wurger is endemysk op 'e Filipinen en wurdt ûnderferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende ferspriedingsgebieden:
Lanius validirostris validirostris – noardlik Luzon Lanius validirostris tertius – Mindoro Lanius validirostris hachisuka – Mindanao
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen