Thijs Jitse Aartsma (Dokkum, 18 desimber 1948) is in emearitus-heechlearaar oan de Universiteit Leien.
Biografy Aartsma folge de grifformearde HBS-B yn Grins en studearre dêr yn 1973 ôf yn de skiekunde. Hy gie dêrnei oan 'e slach by it laboratoarium foar fysyske gemy fan syn alma mater. Yn 1978 promovearre er dêr op it proefskrift Photon echo relaxation in molecular mixed crystals, in stúdzje nei it gedrach fan molekulen yn in mingd kristal. Syn promotor wie Douwe Alle Wiersma (berne yn 1943), dy't doetiids lektor wie en yn 1980 heechlearaar waard. Ien fan de stellings by syn proefskrift hold yn: "De wegering om bern tsjin polio ynintsje te litten is yn striid mei bibelske lear." Letter wurke er yn Seattle (FS). Op 1 jannewaris 2005 waard er beneamd ta heechlearaar biofysika oan de Universiteit Leiden. Hy gie op 1 desimber 2013 mei pinsjoen, mar bleau ek nei syn pinsjoenearring publisearjen.
Aartsma droech by oan tal fan artikels op syn fakgebiet. Hy wie mei-redakteur fan Biophysical Techniques in Photosynthesis (1996, 2008).
Yn 1969 troude Aartsma mei Anna Knot, mei wa't er ferskate bern krige.
Bibliografy Photon echo relaxation in molecular mixed crystals. Grins, 1978 (proefskrift).
Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Leien Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk skiekundige Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1948