Amazonas (Portegeesk: Estado do Amazonas) is de grutste fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat leit yn it noardwesten fan it lân en heart by de regio Noard (Região Norte). Yn 'e haadstêd Manaus wenje mear as twa miljoen ynwenners, mear as de helte fan 'e befolking fan 'e steat. De Brazyljaanske steat Amazonas moat net betiizgje wurde mei de lyknammige, mar gâns lytsere dielsteat Amazonas yn Fenezuëla of it departemint Amazonas yn Kolombia.

Amazonas is ûnderferdield yn 62 gemeenten (municípios).

Skiednis thumb|left|It fort dêr't Manaus út ûntstie De Europeeske ûntdekker fan it gebiet dat hjoed-de-dei de dielsteat Amazonas is wie de Spanjaard Francisco de Orellana. Dat barde mei de ekspedysje fan Gonzalo Pizarro fan 1541 oant 1542. De regio rekke lykwols wer yn ferjit oant twa geastliken de Amazône op 'e nij befarden en de belangstelling foar it yn besit nimmen fan it gebiet wer oanboaze. Yn 1637 sette in nije ekspedysje útein ûnder leiding fan Pedro Teixeira. Yn itselde jier stifte Filips IV fan Spanje mei in keninklik beslút it kapteinskip Cabo do Norte. Yn 1669 waard it Forte de São João da Barra do Rio Negro stifte, dêr't him yn 'e rin fan 'e iuwen de haadstêd fan Amazonas út ûntwikkelje soe: Manaus.

Yn 1850 waard yn 'e tiid fan it Keizerryk Brazylje de provinsje Amazonas stifte troch ôfsplitsing fan 'e provinsje Grão-Pará en krige Manaus de status fan haadstêd. De provinsje bestie oant 1889; by de oprjochting fan 'e Republyk Brazylje yn 1889 waard it de steat Amazonas.

Geografy thumb|left|Reinwâld yn Amazonas De steat Amazonas yn it noardwesten fan Brazylje beslacht ien fyfte fan it Brazyljaanske grûngebiet en bestiet foar in grut part út tropysk reinwâld. De steat is ryk oan natuerlike en minerale grûnstoffen.

Amazonas grinzget oan 'e buorlannen Perû, Kolombia en Fenezuëla en oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Roraima, Pará, Mato Grosso, Rondônia en Acre.

De Amazônerivier hjit yn 'e dielsteat op syn langste stik oant de haadstêd Manaus de Rio Solimões. Oare grutte rivieren binne de Rio Içá (Río Putumayo), Rio Juruá, Rio Japurá, Rio Purus, Rio Negro, Rio Madeira en de Rio Uaupés. De mearderheid fan 'e rivieren yn Amazonas is it hiele jier troch te befarren.

Yn 'e steat lizze de heechste bergen fan Brazylje. De Pico da Neblina is 3.014 meter heech en de Pico 31 de Março 2.992 meter.

Befolking Etnyske gearstalling en befolkingsûntwikkeling thumb|left|Tikunafamke fan 10 oant 12 jier mei tradisjonele toai Neffens offisjele sifers fan 'e Brazyljaanske folkstelling (Censo Demográfico 2022) fan it IBGE wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking fan Amazonas as folget:

Mingde komôf (Pardos): 68,8% Blanken (Brancos): 18,4% Lânseigen / Yndianen (Indígenas): 7,7% Swart (Pretos): 4,9% Aziaten (Amarelos): 0,2%

Amazonas is de steat mei it grutste oantal lânseigen ynwenners fan hiel Brazylje en der wenje mear as 60 ferskillende lânseigen groepen. De grutste lânseigen groep yn 'e steat Amazonas binne de Tikuna (ek skreaun as Ticuna). Yn hiel Brazylje hearre sa'n 53.000 oant 57.000 minsken ta dy groep, wêrfan it grutste part (mear as 40.000 oant 50.000 minsken) yn it westlikste part fan 'e steat wennet, benammen yn 'e buert fan 'e Rio Solimões (de bopperin fan 'e Amazône) en de gemeenten Tabatinga, Benjamin Constant en São Paulo de Olivença. Oare grutte groepen yn Amazonas binne de Sateré-Mawé, de Mura, de Maku, de Kokama en de Yanomami (dy't foaral op de grins fan Amazonas en Roraima wenje).Povos Indígenas Brasil

+ Befolkingsûntwikkeling fan Amazonas (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 57.610 147.915 249.756 363.166 438.008 514.099 721.215 Groei — +156,8% +68,9% +45,4% +20,6% +17,4% +40,3% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 960.934 1.449.135 2.102.901 2.817.252 3.483.985 3.941.613 Groei +33,2% +50,8% +45,1% +34,0% +23,7% +13,1%

Grutste gemeenten thumb|260px|Manaus + Top 10 grutste gemeenten fan Amazonas (sensus 2022) # Stêd / Gemeente Ynwennertal # Stêd / Gemeente Ynwennertal 1 border|20px Manaus 2.063.589 6 border|20px Coari 70.616 2 border|20px Itacoatiara 103.598 7 border|20px Tabatinga 66.837 3 border|20px Manacapuru 101.883 8 border|20px Maués 61.204 4 border|20px Parintins 96.372 9 border|20px Iranduba 61.163 5 border|20px Tefé 73.669 10 border|20px Manicoré 53.914 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2022

Religy It oandiel katoliken yn Amazonas is de lêste desennia ôfnommen, mar bliuwt noch jimmeroan de grutste religieuze streaming yn 'e steat. Tagelyk is it oanpart fan 'e protestantske tsjerken (benammen evangelyske bewegings) en fan minsken sûnder religy sterk tanommen.

+ Religieuze gearstalling fan Amazonas (2010–2022) Religieuze streaming Persintaazje (2010) Persintaazje (2022) roomsk-katolyk 59,5% 53,3% protestantsk 31,2% 33,8% sûnder religy 6,0% 9,2% spiritisme 0,4% 0,5% Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) 0,1% 0,2% oare religys / net opjûn 2,8% 3,0% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022

Natuer en toerisme thumb|left|Victoria amazonica De steat Amazonas hat troch it tropysk reinwâld en it grutte netwurk fan 'e rivieren ien fan 'e meast rike ekosystemen fan 'e wrâld. De floara telt tsientûzenen plantesoarten. Bekende foarbylden binne de Amazôneleelje, de para-parabeam (Bertholletia excelsa) en in grut ferskaat oan orchideeën en medisinale planten.

Ek de fauna is bûtengewoan ryk. Yn 'e reinwâlden libje grutte sûchdieren lykas de jagûar (Panthera onca), de reuze-otter (Pteronura brasiliensis) en ferskate apesoarten. Yn 'e rivieren swimme ûnder oare de rôze Amazônedolfyn (Inia geoffrensis), de Súdamerikaanske lamantyn (Trichechus inunguis) en mear as 2.500 fiskesoarten, lykas de piranja en de grutte Arapaima gigas. Fierders foarmet de steat in wichtich leefgebiet foar hûnderten fûgelsoarten, lykas de harpij en kleurrike ara's, lykas in ûnbidich grutte rykdom oan ynsekten en amfibyen.

De steat rjochtet him op it mêd fan toerisme, foaral op ekotoerisme. Yn en om 'e haadstêd Manaus leit de temperatuer tusken de 26 °C en 32 °C. De aktiviteiten foar besikers binne foar in grut part ôfhinklik fan 'e wetterstân en de seizoenen. Fan maart oant augustus stiet it wetter heech en dat is in gaadlike tiid foar boattochten oer lytse rivieren en troch oerstreamde bosken (igapós). Septimber oant febrewaris is in gaadlike tiid foar kuierrûtes en tochten oer it lân dy't djipper it reinwâld yn gean.

Ien fan 'e meast bysûndere ûnderfinings foar toeristen yn Amazonas is it kontakt mei lânseigen folken en rivierkoloanjes (ribeirinhos). Besikers komme yn 'e kunde mei de rituelen, de ambachten en it tradisjonele iten fan 'e lânseigen befolking.Amazon Amazing Tours, oproppen 25 septimber 2026.

Eveneminten thumb|left|Festival Folclórico de Parintins It Festival Folclórico de Parintins (Bumba Meu Boi) is it meast ferneamde en grutste evenemint fan 'e steat en wurdt alle jierren yn it lêste wykein fan juny yn 'e stêd Parintins yn it bumbodroom organisearre. It evenmint draait om in wedstriid, lânseigen legindes en Amazône-folklore.

It Festa do Sairé yn septimber is in âlde tradysje mei prosesjes, muzyk en in kompetysje tusken in rôze en grize dolfyn dy't de lânseigen kultuer fan 'e Borari kombinearret mei jezuïtyske religieuze rituelen. thumb|260px|Operahûs fan Manaus Yn it ferneamde operahûs fan Manaus wurdt alle jierren yn april oant maaie it operafestival Festival Amazonas de Ópera (FAO) organisearre.

It karnaval yn Amazonas wurdt fierd yn febrewaris of maart foar jiskewoansdei, mei as hichtepunt de optochten yn 'e Sambódromo fan Manaus.

Op 8 desimber wurdt yn Manaus de Procissão de Nossa Senhora da Conceição organisearre, de prosesje ta eare fan 'e Unbesmodske Untfinzenis fan Marije, de offisjele beskermhillige fan Manaus en de dielsteat Amazonas. It is ien fan 'e grutste religieuze evenminten fan Amazonas wêrby't tsientûzenen katoliken yn 'e strjitten fan Manaus byinoar kommen.

Ekonomy De wichtichste motor fan 'e ekonomy is de Zona Franca de Manaus (ZFM), in frijhannelssône dy't yn 1967 troch de Brazyljaanske oerheid ynsteld waard om de ekonomyske ûntwikkeling yn 'e Amazôneregio te stimulearjen. Troch grutte belestingfoardielen hawwe hûnderten ynternasjonale en lanlike bedriuwen har yn Manaus fêstige. thumb|left|Produksje fan Honda-motors yn Manaus It yndustrieel kompleks (Pólo Industrial de Manaus) foarmet de kearn fan 'e sône en is foaral rjochte op konsuminte-elektroanika, ferfiermiddels (produksje fan motorfytsen yn Brazylje mei merken lykas Honda en Yamaha) en de gemyske- en keunststofyndustry.

Bûten it yndustrygebiet fan Manaus is de ekonomy fan 'e steat benammen basearre op 'e eksploitaasje fan natuerlike boarnen. Yn it binnenlân wurdt benammen ierdgas en ierdoalje wûn (lykas by it Urucu-fjild yn de gemeente Coari). Dêrnjonken wurde mineralen lykas tin en bauksyt yn 'e grûn fûn.

De lânbou is foaral rjochte op 'e tylt fan kassaves, bananen, papaja en paranuten. De rivierfiskerij leveret in grutte bydrage oan 'e fiedselfoarsjenning fan it eigen folk, mar ek oan 'e hannel mei oare regio's.

Ynfrastruktuer De ynfrastruktuer yn 'e steat wurdt sterk beheind troch de ûnbidich grutte ôfstannen, it tichte reinwâld en de oanwêzigens fan grutte rivieren.

Amazonas hat meardere fleanfjilden, wêrfan de Aeroporto Internacional de Manaus – Eduardo Gomes de ynternasjonale en regionale poarte is. De lofthaven ferbynt de steat mei de rest fan Brazylje en de wrâld, en ferwurket in soad fracht foar de Zona Franca.

Dêrnjonken binne der tsientallen lytsere regionale en lokale lâningsbanen yn it binnenlân. Om't in soad plakken net oer de wei te berikken binne, is de loftfeart foar bygelyks medysk ferfier en it postferkear ûnmisber.

Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889