Universal Pictures is in Amerikaanske filmstudio. De studio waard yn 1912 troch Carl Laemmle oprjochte as Universal Film Manufacturing Company en heart dêrmei ta de âldste noch besteande grutte filmstudio's. Universal Pictures is in ûnderdiel fan NBCUniversal, dat op syn bar by Comcast heart.

Universal waard yn de jierren 1930 ferneamd troch syn horrorfilms, mei û.o. Dracula, Frankenstein en The Mummy. Letter folgen grutte súksessen as Jaws, E.T. the Extra-Terrestrial, Jurassic Park, Fast & Furious en de animaasjefilms fan Illumination.

De studio hat har grutte studio-terrein yn Universal City. Dêr wurdt ek it attraksjepark Universal Studios Hollywood eksploitearre.

Sjoch ek Filmstudio Hollywood

Boarnen

Kategory:Amerikaanske filmstudio Kategory:Amerikaanske filmdistributeur Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1912 Kategory:NBCUniversal