20th Century Studios, oant 2020 bekend as 20th Century Fox is in Amerikaanske filmstudio dy't yn 1935 ûntstie troch it gearfoegjen fan de Fox Film Corporation en Twentieth Century Pictures. Sûnt 2019 is de studio eigendom fan The Walt Disney Company.
Yn de skiednis fan de studio steane ûnder oare The Sound of Music, Star Wars (de earste seis films waarden oarspronklik troch 20th Century Fox útbrocht), Alien, Anastasia, Titanic, Ice Age en Avatar. De bekende iepening mei fanfaremuziek en it monumintale studio-logo bleau ek nei de nammeferoaring yn gebrûk.
De namme Fox waard nei de oername loslitten, om betizing mei it net mei ferkochte Fox Corporation te foarkommen. 20th Century Studios bringt noch hieltyd films út as label fan Disney.
Sjoch ek Hollywood The Walt Disney Company
Boarnen
Kategory:Amerikaanske filmstudio Kategory:Amerikaanske filmdistributeur Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1935 Kategory:The Walt Disney Company