De fjochtkwartelfûgels (wittenskiplike namme: Turnicidae) binne in famylje fan it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes). Dizze fûgels binne net besibbe oan de kwartels, dy by de fazantfûgels hearre.
Fjochtkwartels binne lytse rinnende fûgels dy't fleanen mije. Der binne 18 soarten yn twa skaaien. Se bewenne waarme, tropyske en subtropyske greiden fan Aazje, Afrika, Europa, Austraalje en Nij-Guinea. Oars as de measte fûgelsoarten is it wyfke it ryker kleurde fan 'e geslachten.
Taksonomy
famylje fjochtkwartelfûgels (Turnicidae) skaai ljurkkwartels (Ortyxelos), 1 soarte: ljurkkwartel (Ortyxelos meiffrenii), Sahel skaai fjochtkwartels (Turnix), 17 soarten: gielpoatfjochtkwartel (Turnix tanki), Súd- en East-Aazje readrêchfjochtkwartel (Turnix maculosus), Yndoneezje, Austraalje swartkielfjochtkwartel (Turnix suscitator), Súd- en East-Aazje flekke fjochtkwartel (Turnix ocellatus), Filipinen streke fjochtkwartel (Turnix sylvatica), Ibearje, Noard-Afrika, Súd-Aazje lytse fjochtkwartel (Turnix velox), Austraalje readboarstfjochtkwartel (Turnix pyrrhothorax), Austraalje Luzonfjochtkwartel (Turnix worcesteri), Filipinen Sûmbafjochtkwartel (Turnix everetti), Sûmba (Yndoneezje) swartrêchfjochtkwartel (Turnix nanus), Afrika Kaapske fjochtkwartel (Turnix hottentottus), Súd-Afrika kastanjerêchfjochtkwartel (Turnix castanotus), Austraalje okerboarstfjochtkwartel (Turnix olivii), Austraalje, fermoedelik útstoarn bûnte fjochtkwartel (Turnix varius), Austraalje Nijkaledoanyske fjochtkwartel (Turnix novaecaledoniae), fermoedelik útstoarn swartboarstfjochtkwartel (Turnix melanogaster), Austraalje Madagaskarfjochtkwartel (Turnix nigricollis), Madagaskar
Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Wilstereftige