De mûsfûgels (Coliidae) foarmje de ienige libbene famylje fan fûgels in it skift fan ‘e mûsfûgeleftigen (Coliiformes). De famylje bestiet út twa libbene en fiif útstoarne skaaien, en seis libbene en sawat njoggen útstoarne soarten. Alle oergebleven soarten libje yn Afrika besúden de Sahara. Yn Europa binne fossiele soarten fûn.

De seis libbene mûsfûgelsoarten binne slanke grize oant brune fûgels mei lange sturten en in toef. Se libje yn groepkes yn beammen libje wêr se tusken de blêden skarrelje lykas knaagdieren. Dêr komt de namme yn de measte talen wei.

Taxonomy famylje mûsfûgels (Coliidae) skaai Urocolius (2 soarten) readmaskermûsfûgel (Urocolius indicus), súdlik Afrika blaunekmûsfûgel (Urocolius macrourus), westlik, midden en eastlik Afrika skaai Colius (4 libbene soarten) readrêchmûsfûgel (Colius castanotus), Angola wytrêchmûsfûgel (Colius colius), súdlik Afrika wytkopmûsfûgel (Colius leucocephalus), eastlik Afrika brune mûsfûgel (Colius striatus), midden- en súdlik Afrika † Colius hendeyi † Colius palustris skaai † Celericolius † C. acriala < skaai † Masillacolius (midden Eoseen yn Messel, Dútslân) † M. brevidactylus skaai † Oligocolius (ier Oligoseen yn Frauenweiler, Dútslân) † O. brevitarsus † O. psittacocephalon skaai † Palaeospiza † Palaeospiza bella skaai † Primocolius (let Eoseen/Oligoseen yn Quercy, Frankryk) † P. sigei † P. minor

Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Mûsfûgeleftige