De clarkdûker of Clarks dûker (Aechmophorus clarkii) is in fûgel út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae) dy't benammen foarkomt yn it westen fan Noard-Amearika. Hy is nau besibbe oan 'e swannehalsdûker (A. occidentalis) en waard lang as ien en deselde soarte beskôge.

Skaaimerken thumb|left|Fûgels mei piken. De clarkdûker is in grutte 51 oant 74 sm lange dûker mei in lange hals en snaffel en in wyt en swart oant donker griisbrún fearrekleed sûnder túf. De wjukspanwiidte is 61 sm. Hy liket tige op syn nauwe sibbe, de swannehalsdûker, mar hat mear wyt yn it gesicht, sadat it reade each folslein frijleit. Fierder hat er trochstrings ek mear wyt op 'e flanken en in griizere rêch. De snaffel is ljochtgiel of oranjegiel yn stee fan dof giel. Yn 'e flecht is in grut wyt plak op 'e wjukpinnen te sjen. Ek it lûd fan 'e soarte wykt ôf.

Fersprieding en taksonomy De clarkdûker wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Aechmophorus clarkii transitionalis – komt foar yn it westen fan Noard-Amearika (fan súdeastlik Alaska oant it noarden fan Meksiko). Aechmophorus clarkii clarkii – komt foar yn 'e kustgebieten fan westlik Meksiko (Nayarit) en op it Meksikaanske Plato.

Guon beskôgje de soarte as monotypysk, wat betsjut dat hy net yn ûndersoarten opdield wurdt.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar in relatyf lytse populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne, mar noch net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern – LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op likernôch 81.000 folwoeksen fûgels.

Namme De wittenskiplike soartenamme eart John Henry Clark (1830–1885), in Amerikaanske soölooch by de Amerikaansk-Meksikaanske Grinsferkenning (US/Mexican Boundary Survey) fan 1850 oant 1855 en dêrnjonken wiskundige en samler fan eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Noardamerikaanske dûker Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko