De Atitlánmar (Spaansk: Lago de Atitlán) is in grutte mar yn it Gûatemalteekske Heechlân fan it berchtme fan 'e Sierra Madre. De mar leit yn it departemint Sololá yn it súdwesten fan Gûatemala. Mei in maksimale djipte fan sa'n 340 meter is it de djipste mar fan Sintraal-Amearika. De Atitlánmar moat net betize wurde mei de lytsere Amatitlánmar. Namme Atitlán betsjut "tusken it wetter". Yn 'e Nahuatl-taal is atl it wurd foar "wetter", wylst titlan "tusken" betsjut. De tl oan 'e ein fan atl falt fuort as it wurd kombinearre wurdt mei efterheaksels. Dêr komt de ferbinende -ti- by en it efterheaksel -tlan, dat "tusken, njonken, tichtby" betsjut. Sa ûntstiet de kombinaasje Atitlán.

Geografy De mar hat in maksimale djipte fan sa'n 340 meter en in gemiddelde djipte fan 154 meter. De mar is likernôch 18 km lang en 8 km breed en hat in oerflak fan 130,1 km². Der sit sa'n 20 km³ wetter yn.

It wetter fan 'e mar komt ûnder oaren fan twa rivieren, mar der is gjin sichtbere rivier dy't it wetter nei de oseaan ôffiert. De mar wurdt troch djippe hellingen en trije fulkanen oan 'e súdkant omfieme. It bekken fan 'e mar hat in fulkanyske oarsprong en follet in ûnbidige kaldera dy't ûntstien is by in grutte fulkaanútbarsting, sa'n 79.500 jier lyn.

De Atitlánmar is ien fan Gûatemala's wichtichste toeristyske trekpleisters. By San Marcos lizze bysûnder hege kliffen fuort oan 'e mar. De lêste jierren is it gebiet bekend wurden om it klifdûken.

Lânbou It gebiet om 'e mar hinne hat grutte kofje- en avokadoplantaazjes, mar der wurde ek mais, sipels, beantsjes, pompoenen, tomaten, komkommers, knoflook, griene silypipers, ierdbeien en pitahaya ferboud. De mar sels foarmet in wichtige fiedselboarne foar de lânseigen befolking.

Geologyske skiednis De earste fulkanyske aktiviteit yn 'e regio fûn sa'n 11 miljoen jier lyn plak. Sûnt dy tiid hat it gebiet fjouwer ûnderskate perioaden fan fulkanyske groei en ynstoarten fan kaldera's meimakke. De meast resinte perioade begûn sa'n 1,8 miljoen jier lyn en einige mei it ûntstean fan 'e hjoeddeiske kaldera. De mar follet no in grut part fan dy kaldera en hat djipten oant 340 meter.

De útbarsting dy't de kaldera foarme, stiet bekend as de útbarsting fan Los Chocoyos. Dêrby kaam oant 300 km³ oan tefra frij. De ûnbidige útbarsting fersprate jiske oer in gebiet fan sa'n 6 miljoen km². De jiske is weromfûn fan Floarida oant Ekwador en kin as in stratigrafyske markearing brûkt wurde yn ôfsettings yn sawol de Stille Oseaan as de Atlantyske Oseaan.

thumb|left|3D-ôfbyld fan 'e mar. Nei de ein fan Los Chocoyos soarge oanhâldende fulkanyske aktiviteit foar it ûntstean fan trije fulkanen yn 'e kaldera. De fulkaan Atitlán leit oan 'e súdlike râne fan 'e kaldera, wylst de fulkaan San Pedro en de fulkaan Tolimán binnen de kaldera lizze.

San Pedro is de âldste fan 'e trije en liket sa'n 40.000 jier lyn opholden te wêzen mei útbarsten. Tolimán begûn te groeien nei't San Pedro net mear aktyf wie en is nei alle gedachten noch hieltiten aktyf, hoewol't der gjin histoaryske útbarsting bekend is. Volcán Atitlán is hast hielendal yn 'e ôfrûne 10.000 jier ûntstien en is noch aktyf. De lêste útbarsting wie yn 1853.

Op 4 febrewaris 1976 waard Gûatemala troffen troch in swiere ierdskodding mei in krêft fan 7,5. Mear as 26.000 minsken kamen om. De ierdskodding feroarsake skuorren yn 'e boaiem fan 'e mar, wêrtroch't ûndergrûnske ôfwettering ûntstie. Dêrtroch sakke it wetterpeil yn ien moanne mei twa meter.

Ekologyske skiednis Yn 1955 waard it gebiet om 'e Atitlánmar hinne ta in nasjonaal park ferklearre. De mar wie doe foar de rest fan 'e wrâld noch relatyf ûnbekend. Gûatemala socht nei manieren om it toerisme te befoarderjen en de pleatslike ekonomy te stimulearjen. De loftfeartmaatskippij Pan American World Airways stelde foar om in fisksoarten yn 'e mar út te setten dy't populêr wie by sportfiskers. Sa waard yn 1958 de net-lânseigen swarte bears (Micropterus) yn 'e mar yntrodusearre. De rôfsuchtige fisk paste him fluch oan syn nije omjouwing oan en feroarsake it ferdwinen fan mear as twatredde fan 'e lânseigen fisksoarten. thumb|left|Atitlándûker. Ek droegen de yntrodusearre fisken by oan it útstjerren fan 'e Atitlándûker, in seldsume fûgel dy't allinnich yn 'e omkriten fan 'e Atitlánmar foarkaam.

In bysûnder aspekt fan it klimaat is wat wol de Xocomil neamd wurdt, in wyn dy't yn 'e Kaqchikel-taal "de wyn dy't de sûnde fuortfiert" betsjut. Dizze wyn komt benammen yn 'e lette moarn en middeis op 'e mar foar. Hy ûntstiet trochdat waarme wyn fan 'e Stille Oseaan yn botsing komt mei kâldere wyn út it noarden. De wyn kin tige swiere turbulinsje op it wetter feroarsaakje en is soms sterk genôch om boaten om te slaan. thumb|260px|Fisker. Yn augustus 2015 ferskynde op 'e mar in dikke algebloei fan Microcystis. De earste grutte bloei wie yn 2009. Bureaukratyske swierrichheden waarden ferantwurdlik holden foar it útbliuwen fan maatregels om 'e mar te rêden. As de aktiviteiten dy't de wetterkwaliteit skea dogge sûnder beheining trochgeane, kin de fergiftiging fan it marwetter der úteinlik foar soargje dat it net mear geskikt is foar minsklik gebrûk.

Orkaan Swiere reinfal troch orkaan Stan feroarsake begjin oktober 2005 grutte skea yn hiel Gûatemala, benammen yn 'e omkriten fan 'e Atitlánmar. In ferskriklik grutte ierdferskowing bedobbe it doarp Panabaj oan 'e mar, wêrby't oant 1.400 ynwenners omkamen. Sa'n 5.000 minsken waarden dakleas en in soad lichems kamen ûnder tonnen ierde te lizzen.

Nei dizze ramp ferklearre Diego Esquina Mendoza, de boargemaster fan Santiago Atitlán, it plak ta in massagrêf: "Dejingen dy't troch de modderstream bedobbe binne, wurde miskien nea rêden. Hjir sille se begroeven bliuwe, ûnder fiif meter modder. Panabaj is no in begraafplak."

Fjouwer en in heal jier nei orkaan Stan brocht tropyske stoarm Agatha noch mear rein, dy't wiidweidige skea yn 'e regio feroarsake. Dêrby kamen tusken San Lucas Tolimán en San Antonio Palopó tsientallen minsken om it libben.

Sûnt dy tiid binne de diken wer iepen en is it reizgjen nei de regio wer normaal wurden.

Kategory:Mar yn Gûatemala