De Sineeske alligator (wittenskiplike namme: Alligator sinensis) is in reptyl út it skift fan 'e krokkedileftigen (Crocodilia), de famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae), de ûnderfamylje fan 'e alligators (Alligatorinae) en it skaai fan 'e echte alligators (Alligator). Dit bist is endemysk yn 'e rivierdelta fan 'e Jangtsekiang yn sintraal Sina. It is de neiste libbene sibbe fan 'e folle bekendere Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) út Noard-Amearika. De Sineeske alligator is lykwols folle lytser en is fierhinne ûngefaarlik foar minsken. Hy oerwinteret yn hoalen en hat by 't simmer in nachtlike libbenswize foar de moade. Dit bist is in opportunistysk rôfdier, dat benammen fisken en wringeleazen fret. De populaasje fan 'e Sineeske alligator stoarte oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw yn, en de IUCN klassifisearret dit bist as krityk bedrige.

Evolúsje en beskriuwing Evolúsje It âldste fossyl dat sûnder mis fan 'e Sineeske alligator is, datearret út it Let-Plioseen fan Japan, fan likernôch 3 miljoen jier lyn. Fossilen út it Pleistoseen (2,6 miljoen oant 11.700 jier lyn) litte sjen dat it ferspriedingsgebiet fan dizze soarte ienris folle grutter wie en rûn fan it Shandongskiereilân yn it noarden oant de Strjitte fan Taiwan yn it suden. Ek de Japanske eilannen hearden oarspronklik ta it areaal fan dizze soarte; it útstjerren dêre datearret fan it begjin fan it Pleistoseen, doe't de eilannen isolearre rekken fan it Aziatyske fêstelân en it klimaat der wat langer wat kâlder waard. Op it fêstelân begûn it mei de Sineeske alligator om 5000 f.Kr. hinne yn it neigean te reitsjen, doe't de minsklike aktiviteiten har yn it streamgebiet fan 'e Jangtsekiang bot útwreiden troch de opkomst fan 'e Sineeske beskaving.

Histoaryske beskriuwings Yn 'e Sineeske literatuer waard de Sineeske alligator al tige ier neamd, yn gedichten dy't tebekgeane oant de alfde iuw f.Kr. De Fenesiaanske keapman en ûntdekkingsreizger Marco Polo wie de earste Westerling dy't oer dit bist skreau, oan 'e ein fan 'e tolfde iuw, doe't er yn Sina kaam en it bist mei eigen eagen waarnom. Neffens him kaam it bist foar yn 'e provinsje "Karazan" en wie it inkeld by nacht te sjen, mei't it oerdeis yn "spelonken" ferbleau. Ek fermelde er dat de Sineeske alligator bejage waard troch de Sinezen foar syn hûd en syn fleis, en dat benammen de galblaas fan it bist in protte doelen tsjinne yn 'e tradisjonele genêskunde.

Yn 1656 skreau de Italjaanske jezuyt en misjonaris Martino Martini dat de Sineeske alligator yn 'e rivier de Jangtsekiang libbe en tige freze waard troch de pleatslike befolking. Letter hearske yn Sina it leauwe dat it by boedistyske preesters goed wie foar harren karma as se fongen alligators kochten om se wer frij te litten. Yn febrewaris 1869 seach de Ingelske diplomaat en biolooch Robert Swinhoe in Sineeske alligator dy't tentoansteld waard yn Sjanghai. Hy skreau dat de eigners it bist presintearren as in "draak" en dat se seine dat se it opdobbe hiene út in hoale yn 'e provinsje "Shense". Swinhoe sei dat it bist goed 1.20 m lang wie. Hy besocht it te keapjen foar fierdere stúdzje, mar de eigner fertsjinne mei de betelle besichtigings safolle jild, dat er de alligator net kwyt woe. Swinhoe skreau: "Ik haw fansels gjin idee fan hokker soarte it is, mar it liket my likegoed de muoite wurdich om op te tekenjen, as bewiis dat in soarte fan dizze groep [te witten: krokkedileftigen] wol deeglik yn Sina foarkomt."

Taksonomy De Sineeske alligator waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1879 troch de Frânske soölooch Albert-Auguste Fauvel. Dyselde murk de oerienkomsten mei de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) op en dielde dit bist dêrom yn by it skaai fan 'e echte alligators (Alligator). Foartiid hie dat skaai sûnt syn yntroduksje yn 1807 troch Georges Cuvier monotypysk west. De wittenskiplike namme dy't Fauvel it bist joech, Alligator sinensis, betsjut letterlik: "Sineeske alligator". Fauvel skreau yn it Ingelsk in lang artikel oer de Sineeske alligator, mei as titel Alligators in China: Their History, Description and Identification, wêryn't er ek wiidweidich yngie op 'e skiednis fan it bist en histoaryske boarnen oanhelle dy't weromgiene oant it jier 222.

Mids 1940-er jierren waard troch guon soölogen suggerearre dat de Sineeske alligator yn in eigen monotypysk skaai ûnderbrocht wurde moast omreden fan it bienplaatsje dat er fuort boppe de eagen hat. Sa'n selde bientich plaatsje is ek oanwêzich by de kaaimannen (Caimaninae spp.), mar komt mar selden foar by de Mississippy-alligator. Doedestiden ferkearden saakkundigen noch yn 'e ûnderstelling dat it by dat lêste bist hielendal net foarkaam. Dêrtroch mienden party herpetologen doe dat de Sineeske alligator nauwer besibbe wêze moast oan 'e kaaimannen as oan 'e Mississippy-alligator. Paulus Edward Pieris Deraniyagala yntrodusearre dêrom yn 1947 it skaai Caigator foar de Sineeske alligator, dy't er de wittenskiplike namme Caigator sinensis tahawwe woe.

Dy taksonomyske klassifikaasje rekke lykwols nea ynboargere yn 'e bredere herpetology, en neitiid hawwe de fynsten fan nije fossilen dúdlik oantoand dat de Sineeske alligator ôfstammet fan soarten út it skaai fan 'e echte alligators dy't no útstoarn binne. Dy paleöntologyske ûntdekkings yn 'e mande mei it feit dat it bonkeplaatsje boppe de eagen út en troch wol deeglik foarkomt by de Mississippy-alligator, hawwe derfoar soarge dat de yndieling fan 'e Sineeske alligator by it skaai fan 'e echte alligators no foar it meastepart ûnomstriden is, en dat Caigator sinensis no ornaris as in taksonomysk synonym foar Alligator sinensis sjoen wurdt. Der bestiet lykwols noch altyd in minderheid mank de herpetologen dy't nettsjinsteande alle bewiis folhâldt dat de Sineeske alligator yn in eigen skaai yndield wurde moat.

Fersprieding It hjoeddeistige ferspriedingsgebiet fan 'e Sineeske alligator is tige beheind. Histoarysk kaam dit bist rûnom foar yn it rivierestelsel fan 'e Jangtsekiang yn sintraal Sina, mar tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren libbe it inkeld noch yn lytse puollen yn seis distrikten yn it súdeastlike diel fan 'e provinsje Anhui. Yn 2015 rûsde de Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) dat it hiele fersnipele ferspriedingsgebiet byinoar opteld net mear as 5 km² beslacht. De Sineeske alligator is it iennichste libbene lid fan 'e famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae) dat op it eastlik healrûn foarkomt.

Uterlike skaaimerken De Sineeske alligator is ien fan 'e lytste libbene krokkedileftigen. Dit bist hat trochinoar in totale lichemslingte fan 1.50–2.10 m, mei in gewicht fan 36–45 kg. Der bestiet gâns ferskil tusken de geslachten, mei't wyfkes mar likernôch 3/4 sa lang as mantsjes wurde, mar dy seksuele dimorfy is beheind ta lichemsgrutte; fierders sjogge mantsjes en wyfkes der folslein itselde út. In folwoeksen Sineeske alligator is minder as heal sa grut as in Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), dy't trochinoar 3.40 m lang wurdt en in gewicht hat dat oprinne kin oant 360 kg. Der binne ferslaggen út eardere iuwen bekend fan Sineeske alligators dy't in lingte fan 3 m hân hawwe soene, mar dy wurde tsjintwurdich net mear as akkuraat akseptearre. It grutste dokumintearre mantsje fan dizze soarte meat in tige útsûnderlike 2.46 m en hie in gewicht fan 84 kg. It grutste dokumintearre wyfke hie in lingte fan 2.07 m mei in gewicht fan 50 kg.

Krekt as oare krokkedileftigen hat de Sineeske alligator in keale hûd fan leareftige skobben, dy't fuortsterke binne troch opsteande biennene plaatsjes dy't osteodermen neamd wurde. De kleur fan folwoeksen eksimplaren is hast folslein swart of oars dûnkergriis. Oars as de Mississippy-alligator is de Sineeske alligator oer it hiele lichem bepânsere , ek op 'e bealch, dy't deselde kleur hat as de rest fan it lichem. De sturt is breder as dy fan 'e Mississippy-alligator, en de swimfluezzen tusken de teannen fan 'e efterpoaten ûntbrekke by de Sineeske alligator.

De snút fan dit bist is net de lange, smelle, kantige snút fan echte krokkedileftigen, mar hat ynstee in koarte, ôfplatte foarm mei in rûne râne. Nei de útein smellet er ta en wiist er in bytsje omheech. De kop hat, mei troch de koarte snút, in tige robúste bou, mear as de kop fan 'e Mississippy-alligator. De noasters wurde faninoar skaat troch in biennen tuskenskot. It gebit bestiet út 72–76 frij stompe tosken, dy't benammen gaadlik binne om hurde dingen mei te pletsjen, lykas de skalen fan kreefteftigen en weakdieren, en teffens om fisken mei fêst te gripen, mar net om fleis te snijen en alhielendal net om mei te kôgjen. By in ûndersyk út 2012 waard by fjouwer eksimplaren mei in lingte fan 1.40–1.55 m en in gewicht fan 12–15 kg in bytkrêft fêststeld fan 894–1.357 N

Biotoop Sineeske alligators libje yn oerflaktewetters dy't besteane út swiet wetter, yn 't bysûnder wetlands lykas moerassen en ûndjippe puollen. Op it mêd fan klimaat hâldt it biotoop fan dizze bisten de midden tusken in subtropysk en in tropysk klimaat. It habitat leit oan 'e foet fan berchtmen, dêr't gers en strewelleguod in protte groeie. Troch habitatferneatiging, feroarsake troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten, hat de Sineeske alligator útwike moatte nei gruttere hichten as dêr't er eins de foarkar oan jout. It klimaat is dêr kâlder en de grûn minder gaadlik foar it graven fan hoalen.

Hâlden en dragen Aktiviteit By 't simmer is de Sineeske alligator in nachtdier, dat oerdeis skûlet yn syn hoale om sawol de simmerhjittens as minsken te ûntrinnen. Nachts komt er dan foar 't ljocht om op jacht te gean. Dit hâlden en dragen makket it foar Sineeske alligators mooglik om yn kontreien te libjen dêr't ek in protte minsken wenje. Mei't it skouwe en net bot agressive bisten binne, komme se minsken oer it algemien net opsetlik tenei, of it moat wêze dat se provosearre wurde. Winterdeis hâldt de Sineeske alligator in soartemint lichte wintersliep, in saneamde brumaasje, yn syn hoale. Dêr lûkt er him ein oktober yn werom, en dan komt er pas mids april oant begjin maaie wer foar 't ljocht. Yn 'e maityd kinne Sineeske alligators by deiljocht wol waarnommen wurde wylst se oan it sinnebaaien binne.

De hoalen fan Sineeske alligators wurde oanlein yn 'e wâl fan puollen en oare lytse oerflaktewetters. By it graven brûke de bisten sawol de kop as de foarpoaten. De hoalen kinne grut en kompleks wêze en út ferskate romten of 'keamers' bestean dy't ûnderling ferbûn binne troch gongen. Eltse keamer is grut genôch foar de alligator om him omdraaie te kinne. Yn guon fan 'e keamers stiet wetter, wylst oaren drûch binne. Ek hat in hoale mear as yn yngong. De measte hoalen hawwe in lingte fan 10–25 m. De temperatuer yn 'e hoale sakket sels yn 'e strangste winters net ûnder de 10 °C. De hoalen fan Sineeske alligators kinne beswierlik wêze foar rysboeren, mei't se de diken fan sawa's ûndergrave.

Kommunikaasje De Sineeske alligator is in fokale bistesoarte, dy't in protte ferskillende lûden fuortbringe kin, elts ta-inte op in spesifike sitewaasje. Kommunikaasje mei soartgenoaten yn har eigen neite giet troch siizjen, janken en it slaan mei de kop op it wetter. Om oer langere ôfstannen te kommunisearjen kin de Sineeske alligator ek brulle. Beide geslachten dogge dat benammen yn 'e peartiid, hoewol't der ek yn oare dielen fan it simmerhealjier wol bruld wurdt. It brullen hâldt yn trochsneed sa'n 10 minuten oan en is almeast fan 6.00–7.00 oere moarns en fan 11.00–12.00 jûns te hearren. It wichtichste doel liket te wêzen om gaadlike pearingspartners oan te lokjen. Jongen hawwe in heechtoanige, piipjende rop dy't se brûke om kontakt te hâlden mei har mem en har nêstgenoaten. Yn need uterje se in lûdere heechtoanige gjalp.

Fuortplanting