De Noardnederkalifornyske hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus fraterculus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar yn dielen fan noardwestlik Meksiko en de westlike Feriene Steaten. De Noardnederkalifornyske hartemûs is in omnivoar nachtdier, dat foarhinne klassifisearre waard as in ûndersoarte fan 'e kaktusmûs (Peromyscus eremicus). De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy De Noardnederkalifornyske hartemûs waard yn 1892 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Gerrit Smith Miller jr. Lang waard dit bist beskôge as in ûndersoarte fan 'e kaktusmûs (Peromyscus eremicus), dy't yn it noarden fan Meksiko en de súdwestlike dielen fan 'e Feriene Steaten in bredere fersprieding hat. By in ûndersyk út 2000 kaam lykwols oan it ljocht dat de genetyske ferskillen tusken de Noardnederkalifornyske hartemûs en de (oare) ûndersoarten fan 'e kaktusmûs sa grut wiene, dat de Noardnederkalifornyske hartemûs de status fan selsstannige soarte fertsjinne. It liket der no sels op dat dit bist eins nauwer besibbe is mei Eva's woastynmûs (Peromyscus eva) as mei de kaktusmûs.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e Noardnederkalifornyske hartemûs omfettet yn it noardwesten fan Meksiko de noardlike helte fan it Kalifornyske Skiereilân (ek wol Nederkalifornje neamd). Oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan hâldt it areaal op ter hichte fan 'e Baai fan Sebastián Vizcaíno, mar oan 'e kust fan 'e Golf fan Kalifornje rint it troch oant 'e Baai fan La Paz ta, dy't folle fierder op nei de súdpunt fan it skiereilân leit. Dit bistke komt ek foar op in protte fan 'e lytsere eilannen dy't foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân lizze yn 'e Golf fan Kalifornje en de Stille Oseaan, hoewol't er op guon fan dy eilannen winliken en eksoat is dy't der by fersin troch de minske yntrodusearre is.
De Noardnederkalifornyske hartemûs komt ek foar yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en dielen fan buorsteaten. Yn it easten wurdt de fersprieding ôffrede troch de rivier de Kolorado, fan 'e mûning yn 'e Golf fan Kalifornje fia de súdeastgrinzen fan Kalifornje en Nevada oant de Grand Canyon yn noardwestlik Arizona. De noardlike begrinzging fan it areaal rint dêrwei troch it súdwesten fan Utah, snijt de súdpunt fan Nevada ôf en giet dan súdoan troch it eastlike diel fan 'e Sierra Nevada nei de súdpunt fan 'e Sintrale Delling fan Kalifornje. Dêrwei rint er westoan nei de kust boppe it Santa Ynezberchtme benoarden Santa Barbara.
Uterlike skaaimerken De Noardnederkalifornyske hartemûs hat trochinoar in totale lichemslingte fan 16,9–21,8 sm, dêr't de lange sturt it grutste part fan útmakket. It gewicht fan dit bistke bedraacht 18–40 g. De pels bestiet út lange hierren, dy't op 'e boppeste lichemsdielen oker oant kanielbrún binne en op 'e bealch, it boarst en de kiel witich. Ek by de sturt is de ûnderkant in bytsje ljochter fan kleur as de boppekant.
Biotoop It habitat fan 'e Noardnederkalifornyske hartemûs bestiet út woastyn mei drûch strewelleguod en rotsige kriten mei hjir en dêr wat fegetaasje. Dit bist libbet benammen yn it leechlân en komt yn bercheftige kontreien foar oant in hichte fan 2.300 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen Noardnederkalifornyske hartemûzen grave ûndergrûnske hoalen op plakken dêr't de grûn sânich is. As dat net mooglik is, libje se ek wol yn rotsspjalten en ûnder plantaardich materiaal op plakken dêr't dat gearheapet. De Noardnederkalifornyske hartemûs is in nachtdier, dat yn 'e waarmste moannen fan it jier ornaris yn syn hoale bliuwt en yn in steat fan torpor (swiere sliep) giet om te oerlibjen. It dieet fan dit bistke is omnivoar, en bestiet, ôfhinklik fan 'e jiertiid, út sieden, fruchten, blommen en ynsekten. Noardnederkalifornyske hartemûzen hoege net te drinken, mei't se al it focht dêr't se ferlet fan hawwe út har iten helje.
De Noardnederkalifornyske hartemûs hat gjin spesifike peartiid, mar kin him ynstee it hiele jier rûn fuortplantsje. De draachtiid duorret sa'n 21 dagen. Wyfkes smite ornaris 3–4 nêsten jongen it jier, mei maksimaal 4 jongen it nêst. De jongen wurde helpleas, blyn en keal berne, mar ûntjouwe har tige rêd. De eachjes geane fan 10 dagen ôf iepen en mei likernôch 14 dagen is de pels yngroeid. Op dy leeftyd kinne de jongen selsstannich oerlibje as dat nedich is, mar ornaris wurde se pas mei likernôch 3 wiken ôfwûn. De libbensferwachting fan dizze soarte bedraacht mar likernôch in jier.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Noardnederkalifornyske hartemûs binne slangen lykas de Pasifyske swarte rattelslang (Crotalus helleri) en de spikkelbûnte rattelslang (Crotalus mitchellii), de súdwestlike spikkelbûnte rattelslang (Crotalus pyrrhys), de reade diamantrattelslang (Crotalus ruber) en de Nederkalifornyske rattelslang (Crotalus enyo); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) en de westlike krytûle (Megascops kennicottii); en martereftigen lykas de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de sulverdas (Taxidea taxus).
By oare rôfdieren dy't gefaarlik foar de Noardnederkalifornyske hartemûs wêze kinne, giet it om stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis); hûneftigen lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).
Status De Noardnederkalifornyske hartemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten De Noardnederkalifornyske hartemûs hat ferskate ûndersoarten, mar it krekte oantal is noch ûnwis om't mammalogen it der net oer iens binne. De measten binne yn har fersprieding beheind binne ta lytse eilannen dy't foar de Meksikaanske kust lizze yn 'e Golf fan Kalifornje of de Stille Oseaan.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko