Westeel is in ferdronken doarp yn it Leybocht-gebiet dat yn de 14e iuw ferdwûn. Op dat plak ward waard yn de 20e iuw it plak Süderpolder stifte, dy't yn 1939 ta neitins oan it ferdronken plak de namme Neuwesteel (Nij-Westeel) krige.Michael Rademacher: Landkreis Norden Online materiaal by it proefskrift, Osnabrück 2006. In: eirenicon.com.

Skiednis Westeel wie in woltierich merkdoarp en de haadfêstiging fan it haadlingelaach Manninga, dy't ek besit hie yn Lütetsburg, Bargebur (eartiids: Bergum) en Pewsum. Nei it sizzen is dat der fiif goudsmidden yn Westeel harren bôle fertsjinne moatten hawwe.

De Earste Dionysiusfloed op 8/9 oktober 1373 betsjutte de ein. De oerstreamings fan 1375 en 1377 ferwoastgen it lân fierder, sa't der diken oanlein wurde moasten. De tsjerkeruïne wie noch foar in lange tiid nei de ferwoastgjende stoarmfloed te sjen. Dêrnei waard er definityf ôfbrutsen. In skinkingsakte fan 24 maart 1387 bewiist dat de stiennen fan de tsjerke fan Westeel brûkt waarden by it weropbouwen fan de troch brân skansearre tsjerke fan Marienhafe.Karl Leiner: Panorama Landkreis Norden. Norden 1972. side 312

Yn 'e rin fan de tiid waard it gebiet fannijs ynpoldere en is it hjoed-de-dei part fan de stêd Norden. Hjoed-de-dei is dêr de Süder-Charlotten-Polder. By it ploegjen kamen oan 'e westlike râne fan it doarp Osteel sa no en dan muorrestiennen oan it ljocht, dy't ynterpretearre wurde as in oanwizing fan it ferdwûne doarp. It sintrum dêrfan soe yn 'e buert fan in wetterrin, dat eartiids de Kerkenriede neamd waard, by de terp fan Hohebeer lein hawwe. Westeel moat mooglik wol út sân terpen bestien hawwe.Peter Seidel (doarpsbeskriuwer fan it Ostfriesische Landschaft): Osteel, Gemeinde Brookmerland, Landkreis Aurich (PDF; 386 kB), oproppen op 18 maart 2013.

Literatuer Karl Leiner: Panorama Landkreis Norden. Norden 1972. Siden 309–314 (Neuwesteel)

Sjoch ek Osteel Neuwesteel

Kategory:Ferdronken plak kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Earder plak yn Dútslân