It Wilhelmina Sikehûs Assen (WZA) is in sikehûs yn de Drintske haadstêd Assen. It is in algemien sikehûs, wat betsjut dat der brede basissoarch ferliend wurdt (diagnostyk, behanneling en neisoarch) en de ferpleging en fersoarging dy't dêrmei te krijen hat. It sikehûs beskikt oer 158 klinyske bêden en 1638 personielsleden. Dêrmei heart it ta de lytsere sikehuzen yn Nederlân. It WZA hat 34 spesjalismen.

Skiednis It sikehûs is stichte yn 1907. Yn dat jier bestie de gemeente Assen presys hûndert jier as selsstannige gemeente. Ta eare fan dit iuwfeest besleat in spesjale kommisje om yn Assen in sikehûs te stichtsjen. In ynsammelingsaksje ûnder Assenaren brocht it bedrach dat nedich wie op. De lokaasje fan it sikehûs waard fûn oan de Oosterhoutstraat yn Assen. Yn 1907 lei Keninginne Wilhelmina hjir de earste stien fan it nei har neamde Wilhelmina Sikehûs. Twa jier letter wie it sikehûs ree. Der wie in earsteklaskeamer mei ien bêd, twa twaddeklaskeamers mei elk twa bêden, in treddeklassealtsje foar seis froulju en ien foar fiif manlju.

200px|thumb|left|Oosterhoutstraat Om 1920 hinne wie it sikehûs út syn jaske groeid. It tal pasjinten naam alle jierren ta, dus der wie ek mear personiel nedich en mear spesjalistyske help. Troch in skinking fan it Provinsjaal Sikehûs Komitee begjin 1930-er jierren, koe Assen lang om let in grutter sikehûs krije. Yn 1932 wie de grutte útwreiding fan it sikehûs klear.

Yn 1960 waard wer in part nijbou oplevere, wêrtroch't de haadyngong fan it sikehûs nei de Zuidersingel ferhuze. Op 4 maart 1960 waard dy offisjeel iepene. De nijbou mei fiif ferdjippingen wie sels twa kear sa grut as it sikehûs wat der al stie. Der wiene trettjin spesjalisten oan it sikehûs ferbûn. Der wiene trije operaasjekeamers en foar it earst in ferkoeverkeamer, mei in aparte kant foar manlju en froulju.

De lêste grutte útwreiding wie yn 1970, mei in hiel nije fleugel. It WZA telde doe 358 bêden mei 24 spesjalisten. Problemen mei it parkeren om it sikehûs hinne namen ta, benammen by de besykoeren ûnstie der in grutte gaos. Yn 1979 waard dêrom besletten dat der in folslein nij sikehûs komme moast.

In nije lokaasje waard fûn yn it terrein fan psychiatrysk sikehûs op it eardere bûten Port Natal oan de râne fan it Asserbosk. It psychiatrysk sikehûs dat der stie waard ferfongen foar in nij sikehûs ûntwurpen troch arsjitekt A. Tuns. Yn 1987 waard de echte opdracht jûn foar de nijbou. Nei 3 jier bouwen waard it hjoeddeistige ûnderkommen fan it Wilhelmina Sikehûs Assen yn maaie 1990 offisjeel iepene. It sikehûs is troch de jierren hinne geregeld ferboud en útwreide.

Tusken 2009-2021 wie oan de Borgstee yn Assen de bûtenpolyklinyk "Medisch Centrum Wilhelmina" fêstige. Dit ûnderkommen bea plak oan fjouwer polykliniken. Nei sluting fan it MCW ein 2021 ferhuze ien polyklinyk werom nei it sikehûs en namen de oare trije polykliniken namen har yntrek yn "Gezondheidscentrum Noorderpark" oan de Molenstraat yn Assen.

Yn 2021 waard de renovearre tún efter it sikehûs weriepene. De tún is in oerbliuwsel fan in troch Lucas Pieters Roodbaard y'e 19e iuw oanleine tún dat hearde ta it bûten De Eerste Steen, letter bekend as it bûten Dennenoord, efter it hjoeddeiske Wilhelmina Sikehûs. In part fan dat bûten wurdt brûkt as lâningsplak foar de traumahelikopter en in oar part is in skieppegreide. De Roodbaardtún leit der tuskenyn. Jierrenlang wie der neat oan de histoaryske tún dien. De tún wie oerwoekere mei gers en ferstoppe efter grutte Rododendrons, en der hongen faaks junks om.

Kategory:Sikehûs yn Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1907 Kategory:Bouwurk yn Assen