George Newbold Lawrence (New York City, 20 oktober 1806 – dêre, 17 jannewaris 1895) wie in Amerikaanske sakeman en amateur-ornitolooch.
Biografy De foarâlden fan Lawrence kamen út St Albans yn Hertfordshire en kamen yn 1644 oan yn de Feriene Steaten. Daniel Giraud Elliot (1896), s. 3. Syn heit, John Burling Lawrence (1774–1844), wie manager by de apotheek Lawrence, Keese & Co. Syn mem wie Hannah Haines, berne Newbold (1771–1832). Eintrag in The Burling Books: Ancestors and Descendants of Edward and Grace Burling
Lawrence hie al fan jongs ôf oan niget oan fûgels; op syn sechstjinde moast er lykwols oan it wurk as klerk yn it bedriuw fan syn heit, en op syn tweintichste waard er sakepartner. Doe't er fjirtjin jier wie, krige er in gewear, wêrtroch't er begjinne koe mei it sammeljen fan fûgels troch se dea te sjitten (wat yn dy tiid wenst wie).
Om 1841 hinne moete er lângenoaten dy't al in wichtige bydrage leverden oan de Amerikaanske ornitology, lykas de opstopper John Graham Bell en de ornitologen Spencer Fullerton Baird en John Cassin. Hy begûn dêrnei, mei Baird en Cassin, profesjoneel nije fûgelsoarten te beskriuwen en oersichten gear te stallen (wêrûnder Birds of North America, 1860), wêrby't er in grut part fan syn frije tiid oan dit wurk wijde.
Yn 1887 ferkocht er syn kolleksje fan 8.000 fûgelspesimen oan it American Museum of Natural History. De IOC World Bird List omfettet 117 Amerikaanske fûgelsoarten dy't troch him beskreaun binne, wêrûnder de Gundlachs hauk (Astur gundlachi) en de swartstreekte beamkrûper. Oare ornitologen ferneamden ferskate fûgelsoarten nei him, dêr't Lawrence's goudfink (Spinus lawrencei) ûnder wie.
Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk ornitolooch Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1806 Kategory:Persoan stoarn yn 1895