De Noardamerikaanske dûkers (Aechmophorus) foarmje in skaai fan grutte wetterfûgels út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De soarten út dit skaai komme foar yn Noard-Amearika. De typesoarte is de swannehalsdûker (Aechmophorus occidentalis).
Skaaimerken Noardamerikaanske dûkers binne grutte, slanke wetterfûgels mei in lange hals en in net folslein ûntwikkele sturt. It fearrekleed is oan 'e boppekant donkerbrún oant swart en oan 'e ûnderkant wyt. Folwoeksen fûgels hawwe reade eagen en in opfallende, langwerpige snaffel. De poaten sitte hielendal efteroan it lichem. It binne treflike swimmers en dûkers, mar op it lân binne se wat knoffelich.
Se briede yn ûndjippe swietwettermarren, sompen en stilsteand wetter mei tichte reidkrânsen. De nêsten binne driuwende bouwurken dy't oan wetterplanten fêstmakke wurde. De âlden nimme harren jongen faak op de rêch mei. It dieet bestiet benammen út fisk, wetterynsekten, kreefteftigen en weakdieren.
Taksonomy It skaai Aechmophorus waard yn 1862 yntrodusearre troch de Amerikaanske biolooch en ornitholooch Elliott Coues. Foarhinne waarden de soarten fan dit skaai wol ta it skaai Podiceps rekkene.
Soarten It skaai bestiet út twa libbene soarten:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px Clarkdûker Aechmophorus clarkii Westlik Noard-Amearika oant Meksiko. 200pxAechmophorus clarkii op BirdLife 120px Swannehalsdûker Aechmophorus occidentalis Noard-Amearika. 200pxAechmophorus occidentalis op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Dûkerfûgel