De tsjoksnaffeldûker (Podilymbus podiceps) is in Amerikaanske fûgelsoarte dy't heart ta de famylje fan 'e dûkerfûgels.
Skaaimerken De tsjoksnaffeldûker is in kompakte lytse dûker, dy't wat wei hat fan in dûkerke (Tachybaptus ruficollis) yn winterkleed, mar is in stik grutter en te ferlykjen mei de túfdûker (Podiceps auritus). Hy hat in lichemlingte fan 31 oant 38 sintimeter. De fûgel hat in wat kleurleaze, griisbrune tekening mei in donkere nekke en rêch, en in opfallende wite efterkant.
Simmerdeis is de tige grouwe en tsjokke snaffel witich mei in karakteristike fertikale bân derop. Dêrnjonken hat er in wite eachring en in swart kin. Winterdeis ûntbrekt de bân op 'e snaffel hast folslein en hat de fûgel in wyt kin en in bruner fearrekleed.
Ofbylden
Fersprieding en systematyk De soarte briedt yn tuskenbeide gebieten fan Noard- en Súd-Amearika. Hy wurdt meastal opdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Podilymbus podiceps podiceps – fan noardlik Kanada oer de hiele Feriene Steaten en Meksiko oant it noardwesten fan Súd-Amearika. Podilymbus podiceps antarcticus – libbet yn it easten en suden fan Súd-Amearika. Podilymbus podiceps antillarum – komt foar op de Karibyske eilannen.
Troch stoarm wurdt de soarte somtiden nei Jeropa dreaun Yn Grut-Brittanje is de fûgel as dwaalgast oantroffen. De tsjoksnaffeldûker is ek op de Azoaren, yn Noarwegen, Ierlân, Spanje, Frankryk, Nederlân en Yslân as dwaalgast waarnommen. DNA-stúdzjes hawwe oantoand dat de útstoarne Atitlándûker genetysk diel útmakket fan itselde skaai.
Hâlden en dragen De tsjoksnaffeldûker wurdt oantroffen yn puollen, sompen en oare iepene wetterflakten, ornaris tichtby fegetaasje. Hy wurdt allinnich of yn lytse groepkes sjoen. De fûgel dûkt nei wetterinsekten, kreeften en lytse fiskjes.
De fûgel leit twa oant tsien aaien, dy't yn 23 oant 27 dagen útbret wurde. De jongen ferlitte it nêst de dei nei it útkommen en bringe grutte dielen fan 'e earste wike troch op 'e rêch fan ien fan 'e âlders.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Tsjoksnaffeldûker Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen