Rosco P. Coltrane (folút: Rosco Purvis Coltrane) is de ferneamde fiktive sheriff út 'e populêre Amerikaanske tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard (1979–1985). Yn 'e searje waard dit personaazje spile troch akteur James Best, dy't der in karikaturale smjunt fan makke. Rosco, sa't er ornaris neamd waard, wie in korrupte plysjeman dy't benammen útblonk troch syn domheid en brike setten. Hy wie de rjochterhân fan 'e noch korruptere countykommissaris J.D. Hogg, mei waans suster hy troud wie. Harren wichtichste tsjinstanners wiene de rûchhouwerige mar rjochtskepen neven Bo en Luke Duke. It personaazje fan Rosco waard eins oarspronklik betocht troch Gy Waldron foar de film Moonrunners út 1975.
Namme De namme 'Rosco' wurdt gauris mei in e oan 'e ein stavere, Roscoe, wat eins in gongberder stavering is. Mar yn dit gefal is dat mis, sa't akteur James Best op syn offisjele webside wiidweidich útlei. Oarspronklik waard de namme fan it personaazje jûn as 'Rosco Coltrane'; de 'P.' as inisjaal fan 'e middelnamme waard pas oan it begjin fan it twadde seizoen fan The Dukes of Hazzard tafoege, doe't Best de produsinten fan 'e searje bepraat hie dat soks him mear jaan soe om fokaal mei om te boartsjen. De ôflevering Mrs. Rosco P. Coltrane út it trêde seizoen is de iennichste wêryn't syn folsleine namme neamd wurdt en dúdlik wurdt dat de inisjaal 'P.' foar syn middelnamme Purvis stiet.
Karakter en hâlden en dragen Untstean en ûntwikkeling It personaazje fan Rosco P. Coltrane waard kreëarre troch tillefyzje- en filmprodusint Gy Waldron foar syn film Moonrunners út 1975. It waard fierder ûntwikkele yn it earste seizoen fan 'e op 'e film basearre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, dat yn 'e Feriene Steaten yn 1979–1980 útstjoerd waard. Dêryn is in grutte feroaring waar te nimmen.
Yn 'e iere ôfleverings is Rosco in serieus personaazje. Hy wurdt dêryn ôfskildere as in taaie, agressive plysjeman mei in grut konsintraasjefermogen om syn taken te folbringen. Yn ôflevering 3, Mary Kaye's Baby, sjit er sels in krimineel del (net fataal). Rosco is dan al in gewillige helper by de yllegale plantsjes fan syn sweager, de korrupte countykommissaris J.D. "Boss" Hogg, dy't mei Rosco syn suster Lulu troud is. Op dat punt yn 'e searje is er ek yntelligint en tawijd genôch om sels sokke plantsjes op te tinken en út te fieren. Sa liket er yn 'e pilotôflevering One Armed Bandits it brein efter de yllegale ynfier fan fruitautomaten yn 'e county te wêzen.
Dyselde ôflevering leit ek út dat Rosco al desennia lang de sheriff is fan Hazzard County en dat er de earste tweintich jier ridlik earlik wie yn 'e útoefening fan dy funksje. Mar hy rekke ferbittere doe't er syn pinsjoen ferlear trochdat de befolking fan 'e county foar in belestingferleging stimde. Dêrtroch koed er net ophâlde mei wurkjen, sa't er fan doel west hie, mar moast er himsels op 'e nij ferkiesber stelle as sheriff. Dat idee waard yn ferskate oare iere ôfleverings fierder útwurke. Sa wurdt him yn ôflevering 4, Repo Men, troch helpsheriff Enos Strate frege hoe't er sa korrupt wurden is (suggerearjend dat er dat net altyd west hat).
Doe't produsint Gy Waldron lykwols foar it ferstân krige dat The Dukes of Hazzard ekstreem populêr wurden wie mank jonge bern, waard it personaazje fan Rosco oer in stikmannich ôfleverings hieltyd fierder ôfswakke oant er de bekende stereotype domme sheriff wurden wie, en yn dy foarm waard er ferneamd. De krekte ynfolling fan dat personaazje waard fierhinne oan akteur James Best oerlitten, dy't war die om der, nettsjinsteande Rosco syn korrupsje, in freonlike keardel fan te meitsjen. Sa't er letter útlei, woed er foarkomme dat bern dy't de searje seagen ea te benaud wêze soene om 'e plysje om help te freegjen as dat nedich wie.
Hâlden en dragen As sheriff fan it fiktive Hazzard County begjint Rosco gauris auto-efterfolgings dy't spektakulêr útpakke. Yn 't bysûnder sit er faak efter Bo en Luke Duke oan, twa neven dy't by harren omke Jesse wenje en dy't de titelpersonaazjes fan 'e searje The Dukes of Hazzard binne. De Dukes nimme it net sa nau mei de wet, hoewol't se ek wer beslist gjin yn it kwea behurde kriminelen binne. Mar omke Jesse stookt eigenmakke alkohol, saneamde moonshine ("moanneskyn", om't it temûk, by nacht, as de moanne skynt, makke wurde moat). En Bo en Luke ferfiere dat nei de ôfnimmers. No kin Rosco dat net safolle skele. De wiere reden dat er altyd besiket de Dukes in foet dwers te setten, is dat de Dukes rjochtskepen minsken binne, dy't gauris de yllegale plantsjes fan Boss Hogg dwerseidzje. Der is dus sprake fan in beskate fete tusken de beide groepen.
De efterfolgings fan 'e Dukes troch Rosco en syn helpsheriffs, fan wa't inkeld de ûnnoazele Enos Strate in fêste rol yn 'e searje spilet, foarmje de hichtepunten fan 'e ôfleverings. Ornaris witte Bo en Luke te ûntkommen, al of net mei help fan harren freonen, lykas omke Jesse, harren nicht Daisy Duke of de pleatslike monteur en garaazjehâlder Cooter Davenport. De Dukes ride yn in fel oranjekleurige Dodge Charger út 1969 mei it sifer "01" op 'e doarren en in Konfederearre oarlochsflagge op it dak skildere, dy't de namme General Lee draacht (in ferwizing nei de Konfederearre generaal Robert E. Lee). Rosco riidt ornaris yn in Dodge Monaco-plysje-auto út 1977 of 1978, hoewol't er yn inkele ôfleverings yn in oar model auto te sjen is, lykas in Plymouth Fury of in AMC Matador. Syn eigen (dus net plysje-)auto is in Pontiac Lemans dy't altyd foar it plysjeburo parkearre stiet, útsein yn 'e ôflevering The Revenge of Hughie Hogg út seizoen 5, wêryn't er in Chevrolet Impala hat en total loss riidt. Rosco syn efterfolgings fan 'e Dukes einigje net selden as er in ûngemak kriget wannear't er de stunts fan 'e Dukes yn harren General Lee besiket nei te dwaan en dêrby syn plysje-auto total loss riidt.
Yn seizoen 3 kriget Rosco in hûn as húsdier: in aartsloaie bassethound dy't er om ûnbegryplike redens de namme 'Flash' ("Flits") jout. It bist is ek bekend ûnder de bynamme 'Velvet Ears' ("Ferwielear"). Hy is mâl mei syn hûn, wat gâns helpt om syn personaazje in wat minskliker gesicht te jaan. Iroanysk genôch is Flash freonlik foar de Dukes, wylst er Boss Hogg net útstean kin en altyd nei him blaft. Yn 'e ôflevering dêr't er yn yntrodusearre wurdt, is Flash in rikel, mar yn lettere ôfleverings is er feroare yn in teef, nei't it skynt simpelwei om't dat de senarioskriuwers op dat stuit better útkomt.
Lytsjild net meirekkene hat Rosco mar $43 op syn bankrekken stean, dat hy besiket gauris om fergees mei te iten fan 'e kaloryrike mielen en flaubiten fan syn sweager, de obese Boss Hogg. Yn 'e regel resultearret dat deryn dat er in tik op 'e fingers kriget. It is net maklik om Rosco syn helpsheriff te wêzen, mei't er sokken hast oan ien wei troch op 'e kop sit en leechleit. As se har yn echt gefaar befine, jout er lykwols blyk fan grutte noed om harren wolwêzen, dy't dan wer as snie foar de sinne ferdwynt sadree't it gefaar wykt is. Ek as oare personaazjes yn gefaar komme of troch oaren yn gefaar brocht wurde (of wannear't se deawaand wurde), docht ynienen bliken dat Rosco folle mear mei oarmans lot begien is as dat er normaal blike lit. Yn 't bysûnder is dat sa as it libben fan syn baas en freon Boss Hogg bedrige wurdt.
Rosco syn plysjewapen is in Smith & Wesson Model 15 mei in kolf dy't ynlein is mei parlemoer. Mar yn 'e pilotôflevering draacht er in Smith & Wesson Model 10, en dat wapen is de hiele fierdere searje te sjen yn 'e bylden dy't ûnder de begjintitels montearre binne, mei't dy bylden, alteast foar wat Rosco oanbelanget, út 'e pilotôflevering ôfkomstich binne. Rosco is mei syn revolver in skerpskutter salang't der neat op it spul stiet, mar as er omreden fan syn funksje sjitte moat, is er sa senuweftich dat er fan alles rekket útsein itjinge dêr't er op sjit. (De útsûndering op dy regel is de ôflevering Mary Kaye's Baby út seizoen 1, wêryn't er in krimineel delsjit.)
Karakter De persoanlikheid fan Rosco, alteast nei de earste fiif ôfleverings fan it earste seizoen, is dy fan in knoffelige suffert dy't wat traach fan tinken is. Hy spekt gauris mei in wat bernige wurdskat en werhellet oan ien wei troch syn favorite útdrukkings en stopwurden. Ien dêrfan dy't altyd weromkomt as Rosco de Dukes arrestearret (of lykfolwa oars trouwens) is "Cuff 'em and stuff 'em!" (frij fertaald: "Slaan se yn 'e boeiens en smyt se yn 'e sel!").
Ien aspekt fan Rosco syn persoanlikheid dat tige populêr en suver synonym mei him waard, is in ôfbiten en opwûn gnyske dat er efter yn 'e kiel produsearret en dat klinkt as Kjû-kjû-kjû-kjû!. Dat waard ien fan 'e werkenberste eleminten fan it personaazje. In clip mei it lûd fan dat gnyske waard yn 'e measte ôfleverings ôfspile as oan 'e ein fan 'e ôftiteling it logo fan produksjemaatskippij Warner Bros. Television yn byld kaam. Yn oare ôfleverings wie dan de stim fan Boss Hogg te hearren, dy't yn razernij útropt "Them Dukes! Them Dukes!" ("Dy Dukes! Dy Dukes!") as de Dukes him wer ris te fluch ôf west hawwe.
Boargerlike steat en famylje Rosco is frijwol de hiele searje troch frijfeint, mei as útsûndering dy't de regel befêstiget de ôflevering Mrs. Rosco P. Coltrane út it seizoen 3. Dêryn is er koarte tiid troud mei in dame mei wa't er fia in iere foarrinder fan in datingwebside yn 'e kunde kommen is. It wurdt lykwols al rillegau dúdlik dat er it slachtoffer fan bedroch wurden is: syn 'breid' is in bankberôfster dy't him foar har karke spanne wol sadat sy en har echte man de bank fan Hazzard leechstelle kinne. It rint derop út dat de Dukes Rosco út 'e brân helpe moatte. Los dêrfan liket Rosco mar ien famyljelid te hawwen: syn suster Lulu, dy't mei Boss Hogg troud is.
Lettere ûntwikkelings Akteur Sorrell Booke, dy't yn 'e searje de rol fan Boss Hogg spile, ferstoar yn 1994. Yn 'e earste reünyfilm The Dukes of Hazzard: Reunion!, dy't yn 1997 makke waard, wie sadwaande te sjen dat Boss Hogg ferstoarn wie. Rosco hie dêrby syn jild (en yllegale aktiviteiten) urven, en wie de nije countykommissaris wurden wylst er tagelyk oanbleau as sheriff. Dêrmei waard er dus de iennichste antagonist, wylst dy narratologyske funksje earder dield waard troch him en Boss Hogg.
Akteurs Yn 'e film Moonrunners (1975) waard in oarspronklike, folle serieuzere ferzje fan it personaazje fan sheriff Rosco P. Coltrane spile troch Bruce Atkins. Krekt as yn 'e iere ôfleverings fan 'e searje is der yn dy film sprake fan dat er korrupt wurden is om't de county him syn pinsjoen ôfpakt hat.
It personaazje waard lykwols ferneamd makke troch akteur James Best, foar wa't Rosco syn bekendste rol waard. Hy spile Rosco yn 'e hiele searje The Dukes of Hazzard (1979–1985) en yn 'e reünyfilms The Dukes of Hazzard: Reunion! (1997) en The Dukes of Hazzard: Hazzard in Hollywood! (2000). Yn 'e tekenfilmsearje The Dukes (1983) waard de rol fan Rosco ek ynsprutsen troch Best.
Yn it twadde seizoen fan The Dukes of Hazzard gie Best op in stuit yn staking omreden fan in rûzje mei de produsinten. Syn beswier wie dat er ûnder de opnamen bêst yn 'e rivier bedarje of ûnder de drek komme woe te sitten, as der dan neitiid mar goede fasiliteiten wiene dêr't er him dûse en omklaaie koe. Mar dêr ûntbriek it oan. Wylst er ôfwêzich wie, waard de rol fan Rosco ferfongen troch in stikmannich plakferfangende sheriffs, spile troch û.o. James Hampton en Dick Sargent. Uteinlings waard it skeel ta tefredenens fan beide partijen oplost en kearden Best op 'e set en Rosco yn 'e searje werom.
Yn 'e bioskoopfilm The Dukes of Hazzard út 2005 waard de rol fan Rosco oernommen troch M.C. Gainey. Syn ferzje fan Rosco hat neat fan 'e bernige karaktertrekken fan 'e Rosco fan Best en is in folle serieuzere en boasaardigere sheriff, dy't wier de Dukes wol fergrieme kin.