De swannehalsdûker (Aechmophorus occidentalis) is in wetterfûgel út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae).

Skaaimerken De swannehalsdûker wurdt 55 oant 75 sm en weaget 1 oant 2 kg. De fûgel hat in lange griengiele snaffel en reade eagen. De krún, it gesicht en de efterhals binne swart, wylst it kin, de kiel en it boarst wyt binne. It lichem en de wjukken binne brúnswart. By de flecht is in lange wite wjukstreek te sjen. De soarte liket in soad op 'e Clarkdûker (A. clarkii), mar dy fûgel hat in mear oranjegiele snaffel en it swart fan 'e krún rint net troch oant ûnder it each.

Ofbylden

Fersprieding Dizze soarte komt foar yn Noard-Amearika yn sompen en stilsteand wetter en by de kusten. It is in trekfûgel en telt twa ûndersoarten:

A. o. occidentalis: fan westlik-sintraal Kanada oant de noardlik-sintrale en súdwestlike Feriene Steaten. A. o. ephemeralis: sintraal Meksiko.

Briedgedrach thumb|left|Balts. Swannehalsdûkers fiere in spektakulêre balts op. Beide partners rize sydlings út it wetter op en trippelje mei in soad spatterjen oer it wetter. Dêrnei dûke beide partners in boskje wetterplanten op en wylst hja dêrnei mei de kop skodzje swimme se dêrmei om inoar hinne. As de fûgels ienris in pear foarmje bringt it mantsje foar syn wyfke fiskjes.

Yn 'e briedtiid en dêrnei bliuwe de âlden altyd ticht by inoar om de piken te fersoargjen. Hja bouwe tegearre in driuwend nêst dat oan wetterplanten fêstmakke wurdt. It wyfke leit trije oant fjouwer blauwite aaien mei brune of dofgiele spikkels, dy't yn 21 oant 28 dagen útbret wurde. De âlden nimme harren jongen faak op 'e rêch oant se 2 oant 4 wiken âld binne en fuorje se oant de 8e wike.

It dieel fan 'e soarte bestiet út fisk, wetterynsekten, kreefteftigen en weakdieren.

Bedriging en status Yn 'e lette 19e iuw waard der fûleindich op 'e soarte jage foar de side-eftige búkfearren, dy't brûkt waarden om huodden en jassen te fersieren. In soad populaasjes hiene it dreech om der wer boppe-op te kommen. Bedrigingen foar de soarte binne wetterfersmoarging, oaljeloazingen, biotoopferlies en fersteuring.

De grutte fan 'e populaasje is yn 2011 rûsd op 80.000 -90.000 folwoeksen fûgels en der wurdt tocht dat de soarte in stabile populaasjetrend hat. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Noardamerikaanske dûker Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko