De túftrappen of toeftrappen (Lophotis) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). It skaai bestiet út trije soarten dy't har ferspriedingsgebiet yn Afrika hawwe: de Etiopyske túftrap (Lophotis gindiana), de Saheltúftrap (Lophotis savilei) en de Súdafrikaanske túftrap (Lophotis ruficrista). Dizze fûgels hawwe in foarkar foar drûge boskgebieten, savannes en iepen strûkgebieten.
Lykas de measte trappen binne de túftrappen foar it grutste part oan 'e grûn bûn. Se hawwe in stevich lichem, in lange hals en relatyf lange poaten dy't geskikt binne foar in libben op 'e grûn. Mantsjes fan dit skaai binne te werkennen oan in opfallende túf fan readbrune fearren op 'e nekke dy't se by de balts sjen litte. Harren iten bestiet benammen út ynsekten, lidpoatigen en plantaardich materiaal.
De typesoarte fan it skaai Lophotis is de Súd-Afrikaanske túftrap (Lophotis ruficrista). Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px Etiopyske túftrap Lophotis gindiana East-Afrika 200pxLophotis gindiana op BirdLife 120px Saheltúftrap Lophotis savilei Sahelregio (West- en Midden-Afrika) 200pxLophotis savilei op BirdLife 120px Súdafrikaanske túftrap Lophotis ruficrista Súdlik Afrika 200pxLophotis ruficrista op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Trapfûgel