Zombieland is in Amerikaanske post-apokalyptyske horrorkomeedzje út 2009 ûnder rezjy fan Ruben Fleischer, mei yn 'e haadrollen Jesse Eisenberg, Woody Harrelson, Emma Stone en Abigail Breslin. De titel betsjut "Sombylân". It ferhaal folget fjouwer oerlibbenen fan in somby-apokalyps op harren reis troch in folslein ferrinnewearre ferzje fan 'e Feriene Steaten. Dêr binne se op 'e siik nei in taflechtsoard foar it firus dat minsken yn boasaardige sombys feroaret. Zombieland krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. In ferfolchfilm, Zombieland: Double Tap, waard tsien jier letter, yn 2019, útbrocht.
Plot It is twa moannen lyn dat in fariant fan gekkekowesykte mutearre, ekstreem besmetlik foar minsken waard en harren yn sombys begûn te feroarjen dy't út binne op kannibalisme. De wittenskip hat te min tiid hân om in oplossing te betinken en it firus hat de hiele wrâld yn syn gryp krigen en de minsklike beskaving folslein ferrinnewearre. Frijwol alle minsken binne no feroare yn sombys. De seldsume oerlibbenen kinne mar har mar better net oan oaren hechtsje, om't de kâns dat dy duorjend oerlibje sille tige lyts is. Dêrom is it ûnder sokke oerlibbenen gewoante wurden om it gebrûk fan nammen te mijen en ynstee bynammen te brûken dy't ferwize nei jins berteplak.
"Columbus", in studint sûnder freonen mar mei gâns fobyen en neuroazes, hat foar himsels in unike list mei regels opsteld om 'e somby-apokalyps te oerlibjen. Hy is ûnderweis fan syn universiteit yn Austin (Teksas) nei syn berteplak Columbus (Ohio) om syn âldelju te sykjen. Nei't er by in somby-oanfal syn auto kwytrekke is, moetet er "Tallahassee" (út Tallahassee yn Floarida). Dyselde jout him, mei tsjinnichheid, in lift yn 'e rjochting fan Ohio. De beide mannen ferskille sa dat se frijwol gjin oerienkomsten hawwe, mar geandewei de reis begjinne se dochs opinoar steld te reitsjen. Tallahassee fertelt op in kear dat er noch altyd rouwet om syn "jonghûntsje" Buck, dat troch sombys deamakke is.
Yn in supermerk dêr't se oanstekke om itensfoarrieden yn te slaan, moetsje Columbus en Tallahassee twa oare oerlibbenen: de tsjeppe Wichita (út Wichta yn Kansas), dy't fan Columbus syn jierren is, en har tolvejierrige suske Little Rock (út Little Rock yn Arkansas). Wichita blykt in oplichtster te wêzen en Little Rock har assistinte. De beide fammen lúzje de mannen deryn en bestelle harren fan har fjoerwapens en Tallahassee syn Cadillac Escalade. Columbus en Tallahassee fine neitiid in knalgiele Hummer H2 mei in hiel arsenaal oan fjoerwapens en munysje op 'e efterbank en sette harren reis fuort.
In ein fierderop, fier fan eltse bebouwing, sjogge de mannen Tallahassee syn Escalade mei pech by de kant fan 'e wei lâns stean. Ynstee dat se trochride, hâlde se stil om op ûndersyk út te gean. Se rinne der wer yn en de fammen stelle op 'e nij harren wapens en auto, hoewol't se Columbus en Tallahassee wol in lift jouwe nei it tichtstbye bewenne plak. Underweis dêrhinne ûntwapenet Tallahassee Little Rock en nimt har yn gizeling. Wichita driget de beide mannen dea te sjitten en Columbus is de iennichste stim fan 'e rede. Hy wiist derop dat sy as oerlibbenen fan in somby-apokalyps wol gruttere swierrichheden hawwe om har mei dwaande te hâlden, en de oaren moatte tajaan dat er dêrmei in punt hat. Der ûntstiet in ûnnoflike wapenstilstân tusken de mannen en de fammen.
Wichita en Little Rock fertelle dat se ûnderweis binne nei it ferdivedaasjepark Pacific Playland yn Los Angeles, dat yn in gebiet leit dêr't gjin sombys foarkomme soene. Dy bewearing lokket in synyske reäksje fan Tallahassee út. Wannear't Columbus oan Wichita freget oft se ek wit hoe't it mei Columbus (Ohio) liket, antwurdet se dat dy stêd oan 'e grûn ta ôfbaarnd is: der is neat mear fan oer. Pas as Tallahassee har in betsjuttingsfolle blik tawerpt, kriget se foar it ferstân dat se it oer Columbus syn wenplak hat. Columbus beseft dat syn âldeju sa goed as wis dea binne en dat it gjin sin hat om syn eigen reis fuort te setten. Ynstee kiest er derfoar om by syn trije selskipslju te bliuwen.
Yn Los Angeles oankommen bemachtiget it fjouwertal in toeristyske plattegrûn. Om't se dochs in feilich plak fine moatte om te sliepen, stelt Tallahassee foar dat se dat dan ek mei-iens mar yn styl dwaan moatte. Hy liedt harren nei Beverly Hills ta, dêr't se ynbrekke yn 'e reuseftige filla fan akteur Bill Murray. Wylst Columbus de jonge Little Rock yn in grutte thúsbioskoop yn 'e kunde bringt mei Murray syn film Ghostbusters, moetsje Tallahassee en Wichita de man sels, dy't krekt as harren in oerlibbene fan 'e somby-apokalyps blykt te wêzen. Hy hat himsels sminkt as wied er in somby. Op dy manear kin er út en troch noch even de stêd yn. Hy fertelt dat de echte sombys him sa foar ien fan harren oansjogge en him gewurde litte. It trijetal wol in grap úthelje troch Columbus de stupen op it liif te jeien as er Murray op him ôf strompeljen sjocht, mar dat rint út op in ramp, want Columbus, dy't mient dat er mei in echte somby te krijen hat, sjit Murray dea.
Nei't se Murray eare hawwe mei in ymprovisearre útfeartplechtichheid kompleet mei salútskotten, ferbliuwe de fjouwer selskipslju in skoftke yn syn filla. Jûns, ûnder in spultsje Monopoly foar de iepen hurd, fertelt Tallahassee oer syn "jonghûntsje" Buck, dêr't er, sa blykt no, eins syn jonge (minsklike) soan mei bedoelt, dy't biten waard troch somby en omkaam. Letter jout Tallahassee sjitles oan Little Rock, wylst Columbus en Wichita fereale opinoar reitsje mar troch in ûngelokkich útkommende ûnderbrekking troch Tallahassee krekt net oan harren earste tút ta komme.
De oare moarns kundiget Wichita abrupt oan dat se ôfset om Little Rock nei Pacific Playland te bringen, dêrby Columbus teloarsteld efterlittend. De beide fammen berikke it ferdivedaasjepark, dêr't yndie gjin sombys binne. Mar wannear't se alle attraksjes oansette, foarmje de felle lampen en de lûde muzyk in beaken dêr't sombys út 'e fiere omkriten op ôf komme. De fammen komme fêst te sitten boppe-yn in droptower. Underwilens hat Tallahasse plannen om te sjen hoe't it yn Meksiko liket, mar Columbus beslút efter Wichita oan te gean. Hy is fan doel om dat op 'e motor fan Bill Murray te dwaan, mar hy einiget op 'e oprit al yn 'e hage. In amusearre Tallahassee freget oft er in lift yn Murray syn auto nei Pacific Playland hawwe wol, in oanbod dat Columbus grif oannimt.
Yn it ferdivedaasjepark oankommen sjogge de beide mannen fuortendaliks al dat de fammen harren yn 'e swierrichheden wurke hawwe. Wylst Tallahassee it meastepart fan 'e sombys efter him oanlokket en ûnder harren in wiere slachting oanrjochtet, set Columbus nei de droptower ta, wêrby't er noch ferskate sombys ûntwike en deadzje moat ear't er de fammen út harren beneare posysje ferlosse kin. As se wer mei beide fuotten op 'e grûn stiet, tutet Wichita Columbus en flústeret se him har wiere namme yn 't ear: Krista. Beslutend om fan no ôf oan mar byinoar te bliuwen, ferlit it fjouwertal mienskiplik it ferdivedaasjepark.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise "Columbus" Jesse Eisenberg "Tallahassee" Woody Harrelson "Wichita" (Krista) Emma Stone "Little Rock" Abigail Breslin
byrollen personaazje akteur/aktrise himsels Bill Murray "406" (de buorfrou fan "Columbus") Amber Heard pompbetsjinde Mike White klant by tankstasjon Cesar Aguirre
Produksje en distribúsje Produksje Zombieland wie it debút as regisseur fan Ruben Fleischer. Hy basearre him op in senario dêr't Rhett Reese en Paul Wernick al fjouwer en in heal jier oan wurke hiene, fan 'e simmer fan 2005 ôf, en dat oarspronklik bedoeld wie as in spec script foar de pilotôflevering fan in tillefyzjesearje. Fleischer holp harren om it senario om te wurkjen ta in op himsels steande film, û.o. troch in spesifike bestimming foar de reis fan 'e fjouwer oerlibbenen ta te foegjen, te witten: it fiktive ferdivedaasjepark Pacific Playland. As produsint wie Gavin Polone by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Relativity Media en Pariah. Foar de film wie in budget beskikber fan $23,6 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Bonvillain, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Sardy.
Casting De iennichste grutte filmstjer yn Zombieland wie Woody Harrelson, dy't oarspronklik yn 'e 1980-er jierren wrâldferneamd wurden wie mei syn rol as de ûnnoazele barkeeper Woody yn 'e komeedzjesearje Cheers. Hy akseptearre de rol fan Tallahassee op fjouwer betingsten, wêrfan't twa te krijen hiene mei de casting fan 'e oare rollen en it útkiezen fan 'e filmcrew. Syn trêde betingst wie dat de film op in folslein miljeufreonlike wize makke wurde moast. It fjirde betingst, dat er blykber poer foar syn eigen fermaak tafoege, wie dat regisseur Ruben Fleischer in wike lang gjin suvelprodukten ite of drinke mocht, in eask dy't Fleischer sels ferliek mei "in alkoholist freegje om net te drinken".
De rol fan 'e bekende akteur yn waans filla it selskip yn Beverly Hills bedarret, wie oarspronklik bedoeld foar Patrick Swayze en soe ferwizings nei de hichtepunten fan dy syn karriêre omfetsje, ynklusyf it neibearen fan 'e ferneamde sêne mei it pottebakkerstsjil (fan Swayze en Demi Moore) út 'e film Ghost (1990). Mar doe't de opnamen fan Zombieland úteinsetten, wie Swayze al slim siik en koed er net mear yn films spylje. Hy ferstoar yn septimber 2009 oan alfleisklierkanker. Om him te ferfangen waarden Sylvester Stallone, Joe Pesci, Mark Hamill, Dwayne Johnson, Kevin Bacon, Jean-Claude Van Damme en Matthew MacConaughey yn omtinken nommen. Op wa't de úteinlike kar foel, waard net bekendmakke, mar dy akteur sei in wike foar de opnamen ôf. De filmmakkers sieten mei de hannen yn it hier om't se nea sa gau in ferfanger fine koene. Mar Woody Harrelson skille in pear minsken op en wist binnen inkele dagen Bill Murray safier te krijen dat dy de rol oernaam. Neffens Harrelson sels wiene de sênes mei Murray foar it meastepart ymprovisearre.
Opnamen De opnamen foar Zombieland setten yn febrewaris 2009 útein en duorren oant yn april fan dat jier. Filmlokaasjes wiene û.o. it Scream Fest Theme Park yn Hollywood, en ferskate plakken yn 'e steat Georgia, wêrûnder Atlanta, Hapeville, Morrow, Decatur, Newman en Powder Springs. Op 'e filmset yn dat lêste plak fierde aktrise Abigail Breslin har trettjinde jierdei troch in jonghûntsje út it pleatslike diere-asyl te adoptearjen.
De sênes yn 'e filla fan Bill Murray waarden filme yn in echte filla mei in oerflak fan rom 3.000 m² yn 'e Mediterrane boustyl yn 'e buert Argonne Forest yn Atlanta. De klimaktyske sênes yn it fiktive Pacific Playland waarden opnommen yn it ferdivedaasjepark Wild Adventures yn Clyattville by Valdosta (Georgia). De bûtenkant fan it spûkhûs dat Columbus dêr yngiet, stiet yn Wild Adventures, mar de sênes yn it spûkhûs waarden filme yn it Netherworld Haunted House yn Stone Mountain by Atlanta. Foar it oanbringen fan 'e smink by de figuranten dy't de sombys spilen, waard fisazjist Tony Gardner derby frege, dy't earder sombys kreëarre hie foar de ferneamde fideoclip fan it liet Thriller (1983) fan sjonger Michael Jackson.
Koart nei it foltôgjen fan 'e opnamen fan Zombieland krige akteur Woody Harrelson it op 'e Lofthaven LaGuardia yn New York oan 'e stôk mei in fotograaf fan 'e nijsorganisaasje TMZ. Doe't er him foar de mishanneling ferantwurdzje moast, hold er út dat er noch yn syn filmrol siet en de fotograaf foar in somby oansjoen hie.
Distribúsje