It Amerikaansk dûkerke (Tachybaptus dominicus) is in wetterfûgel en de lytste soarte fan 'e famylje fan 'e dûkers. De soarte komt yn 'e Nije Wrâld foar fan it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en Meksiko oant Argentynje, en ek op Trinidad en Tobago, de Bahama's en de Grutte Antillen.

Beskriuwing It Amerikaansk dûkerke is 21 oant 27 sintimeter lang, ôfhinklik fan 'e ûndersoarte, en weaget 112 oant 180 gram. It gewicht ferskilt neffens it gebiet en de ûndersoarte. Yn Panama binne de fûgels bygelyks lytser: mantsjes weagje dêr gemiddeld 129 gram en wyfkes 116 gram. Yn West-Ynje binne se grutter, mei in gemiddeld gewicht fan respektivelik 161 en 133 gram. Yn Teksas is it gewicht tusken dy twa yn, mei gemiddeld 139 gram foar mantsjes en 122 gram foar wyfkes. Sels de grutste foarmen binne lytser en lichter as alle oare soarten dûkers.

Lykas by alle dûkers steane de poaten fier nei efteren ûnder it lichem. Dêrtroch kin de fûgel net goed rinne, mar hy is in treflik swimmer en dûker. It fûgeltsje is lyts en wat knobsk, mei in frij koarte, spits útrinnende snaffel en felgiele eagen. Oer it generaal liket er frijwat donker.

De folwoeksen fûgel yn it briedkleed is boppe brúngriis, mei in donkerder, swartige krún en kiel. It boarst is brúnich en de ûnderkant is ljocht. By it fleanen is in wite plak op 'e wjuk te sjen. Bûten it briedseizoen binne de fûgels ljochter fan kleur en hawwe se in wyteftige kiel. Jonge fûgels binne ljochter en grizer as folwoeksen fûgels. Oars as alle oare soarten fan it skaai Tachybaptus hat it Amerikaansk dûkerke gjin kastanjebrune kleur oan 'e hals.

Ofbylden

Taksonomy Der wurde fiif ûndersoarten fan it Amerikaansk dûkerke erkend. Se ferskille benammen yn grutte en kleur:

T. d. brachypterus – komt foar fan súdlik Teksas en Meksiko nei it suden ta oant Panama. T. d. bangsi – is beheind ta it suden fan Baja California yn Meksiko. Dit is de lytste en ljochtste fan 'e ûndersoarten. T. d. dominicus – de nominaatfoarm, dy't foarkomt yn it noardlike Karibysk gebiet, wêrûnder de Bahama's, de Grutte Antillen, de Famme-eilannen en it suden fan Floarida. T. d. brachyrhynchus of T. d. speciosus – komt foar yn Súd-Amearika, fan Kolombia, Fenezuëla en Trinidad en Tobago nei it suden ta oant noardlik Argentynje en súdlik Brazylje. T. d. eisenmanni – is beheind ta de leechlannen fan westlik Ekwador. Net alle autoriteiten erkenne dizze ûndersoarte.

De skaainamme Tachybaptus is gearstald út twa Grykske wurden: takhus, dat 'fluch' betsjut, en baptos, dat 'dûkend' of 'ûnder wetter sakjend' betsjut. De soartnamme dominicus ferwiist nei it Karibyske eilân Hispanjoala, dat eartiids Santo Domingo neamd waard en dêr't de soarte foar it earst beskreaun is.

It Amerikaansk dûkerke is de iennichste soarte fan it skaai Tachybaptus dy't yn 'e Nije Wrâld foarkomt; de oare fjouwer soarten fan dit skaai libje yn 'e Alde Wrâld en Australaazje.

Biotoop en fersprieding Amerikaanske dûkerkes komme foar yn in grut ferskaat oan sompige biotopen, wêrûnder swietwettermarren, plassen en sompen, stadich streamende wetterkes en rivieren, sleatten en mangroves. Oer it generaal hawwe se in foarkar foar wetters mei in soad begroeiïng, benammen oan 'e rânen. Se brûke sels wetters dy't hast hielendal tichtgroeid binne.

Foar it brieden kinne se lytse, tydlike wetterplassen útkieze, mooglik om foar te kommen dat grutte fisken de jongen opite.

Hâlden en dragen It grutste part fan it jier libje Amerikaanske dûkerkes allinnich of yn pearkes. Bûten de briedtiid komme se soms yn groepen fan 20 of mear fûgels foar.

Iten It Amerikaansk dûkerke yt in ferskaat oan wetterdieren, wêrûnder lytse fisken, kreefteftigen, kikkerts en wetterynsekten. Lykas alle dûkers jaget er in grut part fan syn proai ûnder wetter. By it sykjen nei iten bliuwt er sa'n 12,5 sekonden ûnder wetter. Tusken it dûken sitte 2 oant 24 sekonden skoft.

Briedgedrach thumb|left|Nêst mei in twake Amerikaanske dûkerkes briede it hiele jier troch. Yn 'e tropen briede se meastentiids yn 'e reintiid, wylst yn Teksas yn alle moannen fan it jier nêsten mei aaien fûn binne. In pear bout in kompakt, driuwend nêst fan materiaal fan wetterplanten. It nêst wurdt fêstmakke oan woartele planten yn iepen, stilsteand wetter dat oant 1,5 meter djip wêze kin.

It wyfke leit trije oant seis wite aaien, mar troch it fochtige nêstmateriaal krije de aaien al gau in brune kleur. Beide folwoeksen fûgels briede de aaien út. Nei 21 dagen komme de aaien út. De streke jongen wurde soms op 'e rêch fan in folwoeksen fûgel meinommen.

Status en bedrigingen De soarte hat te krijen mei ferskate rôfdieren, benammen yn 'e earste libbensfaze. Grutte fisksoarten en skyldpodden kinne de jongen pakke. Rôffûgels kinne ek folwoeksen dûkers pakke.

Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkerke Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen