It Madagaskardûkerke (Tachybaptus pelzelnii) is in dûkerke dat allinnich yn it westen en sintrale diel fan Madagaskar foarkomt. Mei de wittenskiplike namme wurdt de Eastenrykske ornitolooch August von Pelzeln betocht. De soarte wurdt troch de IUCN as bedrige klassifisearre en hat in populaasje fan minder as 5.000 eksimplaren. It Madagaskardûkerke wurdt bedrige troch ferlies fan leefgebiet, predaasje troch rôffisken en konkurrinsje mei yntrodusearre soarten.

Skaaimerken thumb|left|Tekening fan it Madagaskardûkerke(John Gerrard Keulemans) It Madagaskardûkerke is sa'n 25 sintimeter lang. Yn it briedkleed is de fûgel te werkennen oan in swartige kroan en in swarte streek dy't efter by de hals delrint. De efterste earbedekkingsfearren en de sydkanten fan 'e hals binne faak oranjeread. De wangen, kiel en foarkant fan 'e hals binne ljochtgriis. By guon eksimplaren sit in smelle wite streek efter it each tusken de swarte kroan en de eardekfearren.

Fersprieding en leefgebiet De soarte komt wiidferspraat foar yn it westen en sintrale diel fan Madagaskar. Pearkes binne faak te finen by marren. Ut ûndersiken út 'e ein fan 'e jierren 1990 die bliken dat de soarte yn 25 saneamde Important Bird Areas foarkomt, ferspraat oer Madagaskar, mar der wurdt oannommen dat de oantallen rap ôfnimme.

Op it Alaotramar is it tal sterk tebekrûn: yn 1985 waarden dêr noch inkelde hûnderten eksimplaren waarnommen, yn 1993 noch mar 10–20, en yn 1999 gjinien mear. Yn 'e marren fan it beboske noardwestlike heechlân kinne noch 100–200 eksimplaren foarkomme.

De fûgel liket de foarkar te jaan oan ûndjippe swietwettermarren en puollen mei in tichte begroeiïng fan wetterleljes, mar is ek yn folle djippere marren oantroffen. Sa no en dan wurdt de soarte by brak wetter en stadich streamende rivieren sjoen.

Ekology It Madagaskardûkerke fiedt him nei alle gedachten benammen mei ynsekten, mar it is ek bekend dat er lytse fisken en kreeftachtigen fangt. De soarte is oer it generaal in stânfûgel, mar kin migrearje op syk nei geskikter leefgebiet.

It briedseizoen kin fan augustus oant en mei maart duorje. Hoewol't briedpearkes meastal in eigen territoarium hawwe, binne ek groepen fan maksimaal 150 fûgels waarnommen dy't mienskiplik briede. De nêsten wurde boud op in driuwende massa fan wetterplanten, dy't fêstsit oan begroeiïng yn it wetter, meastal wetterleeljes.

Status en bedrigingen It Madagaskardûkerke wurdt op it stuit troch de IUCN as bedrige klassifisearre. Ien fan 'e grutste bedrigingen foarmet it ferlies fan natuerlik leefgebiet troch de omsetting fan gebieten foar ryskwekerij en kommersjele gewaaks.

Ek de yntroduksje fan eksoatyske fisken en bepaalde fiskerijmetoaden is in bedriging. Op 'e Alaotramar wurde folwoeksen fûgels bejage troch slangekopfisken. Ek kinne se oan netten fêst komme te sitten.

De yntroduksje fan eksoatyske plante-itende fisken (Coptodon zillii) hat de groei fan wetterplanten sterk beheind en it paad frijmakke foar it gewoane dûkerke (T. ruficollis). De konkurrinsje mei it gewoane dûkerke bedriget it Madagaskardûkerke, hoewol't beide soarten it dreech hawwe.

It tanimmende gebrûk fan bestridingsmiddels en dongstoffen hat fierder in skealike ynfloed op 'e swietwetterekosystemen fan Madagaskar.

De hjoeddeiske efterútgong fan 'e populaasje sil nei ferwachting de kommende tiid noch rapper gean, om't de oanhâldende omsetting fan wiete gebieten en oerbefisking de soarte hieltyd mear beheine ta lytse marren dy't min tagonklik binne en net geskikt binne foar minsklik gebrûk.

It regear fan Madagaskar hat yn 1999 de Konvinsje fan Ramsar ratifisearre. Dat sil nei alle gedachten de beskerming fan wiete gebieten ferbetterje en derfoar soargje dat der spesifyk ûndersyk dien wurdt nei de efterútgong fan dizze soarte.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkerke Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar