In horrorkomeedzje is in hybride filmsjenre, wêryn't eleminten út 'e komeedzjefilm fermongen wurde mei eleminten út 'e horrorfilm. Dat leveret in plot op mei komyske mominten ôfwiksele mei spannende en grizelige sênes en skrikmominten. De humor yn sokke films skaait almeast de kant út fan swarte komeedzje, galgehumor en satire. Horrorkomeedzjes kombinearje alsa de adrenalinefleagen dy't ek opwekke wurde troch horrordramafilms mei wat dat sokke films net biede: it oanfiterjen om jins eangsten fuort te laitsjen, wis yn 'e wittenskip dat jin feilich binne foar de meunsters op it wite doek.
De horrorkomeedzje kin him foarstean litte op in lange skiednis. Al yn it tiidrek fan 'e stomme film (±1900–±1930) wie dit subsjenre fertsjintwurdige, mei't it fierhinne sûnder dialooch takin. Yn dy tiid wiene sokke films gauris basearre op toanielstikken. In foarbyld fan sa'n iere horrorkomeedzje is The Ghost Breaker út 1914. Fral yn 'e Earste Wrâldoarloch, doe't de minsken ôflieding sochten fan 'e deprimearjende wurklikheid, mar tagelyk opfleure wurde woene troch humor, waard de horrorkomeedzje populêr. Baanbrekkend foar de horrorkomeedzje sa't wy dy hjoed de dei kenne, wie de film One Exciting Night út 1922 fan 'e foaroansteande Amerikaanske regisseur en filmprodusint D.W. Griffith.
Filmhistoarikus Charles Bramesco fan 'e webside Vulture.com identifisearret Abbott and Costello Meet Frankenstein út 1948 as de earste kommersjeel súksesfolle moderne horrorkomeedzje. Yn dy film en oare horrorkomeedzjes út 'e midden fan 'e tweintichste iuw waard horror kombinearre mei slapstickhumor. Lettere horrorkomeedzjes, lykas The Fearless Vampire Killers út 1967, fan regisseur Roman Polański, fermongen goatyske horror mei parody. Yn 'e 1980-er jierren ferskode it subsjenre nei in ferminging fan ekstreme bluodderigens mei absurdistyske humor, lykas yn An American Werewolf in London (1981), Evil Dead II (1987) en Braindead (1992).
In parody-elemint, oergeand yn iepentlike satire, bleau yn dy snuorje oanwêzich yn films as Gremlins (1984), Ghostbusters (1984) en Beetlejuice (1988). Geandewei de 1990-er jierren begûn dat elemint wer de boppetoan te fieren, en dat is oant hjoed de dei sa bleaun. Foarbylden fan sokke moderne satiryske horrorkomeedzjes binne: de Scream-searje (begjinnend yn 1996), I Know What You Did Last Summer (1997), Scary Movie (2000), Zombieland (2009) en it ferfolch dêrop Zombieland: Double Tap (2019). Hoewol't de toan te serieus is om in echte horrorkomeedzje te wêzen, wurde yn The Cabin in the Woods (2012) wol op satiryske wize de archetypes fan it horrorsjenre ûntmantele.
Kategory:Filmsjenre Kategory:Horrorsjenre Kategory:Komeedzje