De Tahitiaanske fruchtdo of Tahitiaanske jufferdo (wittenskiplike namme: Ptilinopus purpuratus), ek: Tahityfruchtdo of Tahityjufferdo, is in fûgel út it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes), de famylje fan 'e dofûgels (Columbidae) en it skaai fan 'e fruchtdowen of jufferdowen (Ptilinopus). Dit bist is endemysk op 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje. De Tahitiaanske fruchtdo is in bewenner fan it tropysk reinwâld mei in herbivoar dieet en in suver folslein arboreäle libbenswize. Hoewol't der in dúdlike delgeande populaasjetrend bestiet, klassifisearret de IUCN dizze fûgel noch altyd as net bedrige.
Taksonomy De Tahitiaanske fruchtdo waard foar it earst yn 1798 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin yn syn op 'e nij besjoene en útwreide edysje fan 'e Systema Naturæ fan Carolus Linnaeus. Hy pleatste dizze fûgel oarspronklik mei alle oare dowen yn it skaai Columba, dat tsjintwurdich reservearre is foar de hôfdowen. De oarspronklike wittenskiplike namme fan 'e Tahitiaanske fruchtdo wie sadwaande Columba purpurata.
Gmelin basearre syn beskriuwing fan dit bist op 'e "poarperkrúndo fan Otaheite" (in ferâldere namme foar Tahity), dy't yn 1783 troch de Ingelske ornitolooch John Latham opsteld wie (mar net oan 'e betingsten fan in wittenskiplike beskriuwing foldie) yn syn boek A General Synopsis of Birds. Tsjintwurdich wurdt de Tahitiaanske fruchtdo mei likernôch 60 besibbe soarten yndield by it skaai fan 'e fruchtdowen of jufferdowen (Ptilinopus), dat yn 1825 yntrodusearre waard troch de Ingelske biolooch William Swainson.
De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is binomiaal. De skaainamme Ptilinopus komt fan it Aldgrykske πτίλον, ptilon, dat "fear" betsjut en πούς, pous, dat "foet" betsjut. It soartspesifike diel fan 'e namme, purpuratus, komt út it Latyn en betsjut "klaaid yn poarper".
Fersprieding De Tahitiaanske fruchtdo is endemysk op 'e Boppewynske groep fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, dy't bestjoerlik ta Frânsk-Polyneezje heart. Spesifyk is dizze fûgel yn syn fersprieding beheind ta it haadeilân Tahity en it dêr 17 km fan ôf lizzende lytsere eilân Mo‘orea.
Uterlike skaaimerken De Tahitiaanske fruchtdo hat trochinoar in totale lichemslingte fan 20 sm, mei in gewicht fan likernôch 95 g. Foar in fruchtdo giet it om in lytse, gnobsk boude soarte mei in koarte sturt. De rêch, wjukken en sturt binne oliifgrien fan kleur, wylst de kop, de hals en it boarst in grize kleur hawwe. Op 'e bealch giet dat griis oer yn in bleek giel. Om 'e sturt hinne sit in ljochtgrize bân, wylst de krún en de foarholle ljochtpears binne. De snaffel is lyts en skerp fan foarm, mei in gielige of grienich giele kleur. Der bestiet by dizze soarte net folle seksuele dimorfy, útsein dat der by wyfkes oan it griis fan 'e kop, de hals en it boarst in griene tint sit. Juvenilen misse it pearse plak op 'e kop en hawwe minder felle kleuren.
Biotoop De Tahitiaanske fruchtdo is in fûgel fan it tropysk reinwâld. Hy komt foar fan seenivo oant op in hichte fan likernôch 1.000 m dêrboppe.
Hâlden en dragen Tahitiaanske fruchtdowen libje solitêr of yn pearkes. It foerazjearjen is suver folslein beheind ta de beammen. Oars as it gefal is by de nau besibbe Tûamotûfruchtdo (Ptilinopus coralensis), is dizze fûgel sadwaande frijwol nea op 'e grûn waar te nimmen. It fretten bestiet út fruchten fan ferskate planten, wêrûnder Spaanske pipers (Capsicum spp.), gûaves (Psidium spp.) en figen (Ficus spp.). De fûgels spylje in wichtige rol by de fersprieding fan sieden mei't dy ûnskansearre troch harren spiisfertarringsstelsel komme.
De Tahitiaanske fruchtdo hat in earmoedzjend klinkende sang, dy't omtrint in oere foar de sinne-opgong begjint en oanhâldt oant de iere jûn. It nêst, dat bestiet út in wif platfoarm fan twigen en blêden, wurdt ornaris boud yn in beamstrampel. Nei de pearing leit it wyfke yn 'e regel ien inkeld aai. De briedtiid bedraacht 14–16 dagen, en it brieden wurdt troch beide âlderfûgels om bar dien. De pyk is in nêstbliuwer dy't yn 't earstoan, nei't er út it aai kommen is, folslein ôfhinklik is fan 'e fersoarging dy't er fan beide âlden kriget. Mei 18–22 dagen fljocht er út, hoewol't er ek dêrnei noch in skoftke by de âlden bliuwt.
Status De Tahitiaanske fruchtdo hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Neffens de ornitologyske organisaasje BirdLife International bestiet de wrâldpopulaasje fan dizze soarte mooglik út wol 10.000 yndividuën, wêrfan't 5.000–6.000 op it folle lytsere, mar ek minder tichtbefolke en minder ûntwikkele Mo‘orea libje, en de rest op Tahity. De populaasjetichtens wurdt rûsd op 2–3 fûgels de hektare.
De populaasjetrend is negatyf, wat feroarsake wurdt troch oanhâldend habitatferlies troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten, benammen op Tahity. Oare bedrigings hawwe te krijen mei de yntroduksje fan ynvasive eksoaten op 'e eilannen. Eksoatyske planten ferkringe de lânseigen planten dêr't de Tahitiaanske fruchtdo foar syn fretten ôfhinklik fan is; eksoatyske rôfdieren, lykas de Pasifyske brune hoanskrobber (Circus approximans) en ferwyldere katten, meitsje jacht op 'e fûgels; en eksoatyske fûgels lykas de readbúkbúlbúl (Pycnonotus cafer) en de treurmaina (Acridotheres tristis) konkurrearje mei de Tahitiaanske fruchtdo om itensboarnen.
Undersoarten Der binne 2 (stân fan saken yn 2022) erkende ûndersoarten fan 'e Tahitiaanske fruchtdo (Ptilinopus purpuratus): de Tahityfruchtdo (P. p. purpuratus Gmelin, 1789) (de nominaat, komt foar op Tahity) de Mo‘oreafruchtdo (P. p. frater Ripley & Birckhead, 1942) (komt foar op it eilân Mo‘orea)
De Ra‘iāteafruchtdo (P. chrysogaster), dy't foarkomt op 'e Underwynske groep fan 'e Genoatskipseilannen, waard foarhinne as in trêde ûndersoarte fan 'e Tahitiaanske fruchtdo beskôge. Mar op basis fan 'e útkomsten fan nij DNA-ûndersyk waard dy fûgel yn 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) erkend as in selsstannige soarte.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fruchtdo Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje