Jean Théodore Delacour (Parys, 26 septimber 1890 – Los Angeles, 5 novimber 1985) wie in Amerikaansk ornitolooch fan Frânsk komôf. Hy beskreau tsientallen nije fûgelsoarten en -ûndersoarten út benammen Sina en Yndosina. Hy wie in suksesfol kweker fan (faak seldsume) bistesoarten.
Biografy Delacour kaam út in begoedige famylje en ferbleau faak op it famyljebûten yn Pikardje. Hy hie in grutte belangstelling foar it fokken fan eksoatyske bistesoarten en lei op it lângoed in priveedieretún oan. Hy studearre biology oan de Université Lille Nord de France. Yn de Earste Wrâldoarloch tsjinne er yn it Frânske leger. It famyljegoed waard yn de oarloch folslein ferwoaste en syn iennichste broer sneuvele oan it front. Hy wie sa skokt troch de ûnminsklikheid dat er swarde gjin gesin te stiftsjen, en hy ferhuze nei Ingelân fanwegen de rêst dêre. Nei de oarloch kocht er lykwols dochs it Château de Clères yn Normandje, dêr't er wer in dieretún opsette. Yn 1967 waard dizze kolleksje oerdroegen oan it Muséum national d'histoire naturelle.
Hy die mei oan in grut oantal wittenskiplike ekspedysjes nei Yndosina – en benammen Fietnam –, mar ek nei Súd-Amearika (Guyana) en Madagaskar.
Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Château Clères op 7 juny 1940 bombardearre troch de Dútske Luftwaffe. It grutste part fan syn bibleteek, de bisten út syn kolleksje en it kastiel waarden ferneatige, mar syn behearder Frank E. Fooks wist te ûntkommen. Delacour waard rêden troch Belgen en Frânsen en wist nei Vichy te ûntkommen. Dêrnei flechte er oer Casablanca, Rabat, Tanger en Lissabon, nei de Feriene Steaten, dêr't er in betelle funksje krige as adviseur foar de foarrinner fan de Wildlife Conservation Society. Hy wie ek ferbûn oan de ôfdieling fan it American Museum of Natural History dy't him talei op de biosystematyk fan fûgels. Yn 1952 waard er direkteur fan it Natural History Museum of Los Angeles County. Hy gie yn 1960 mei pinsjoen en brocht syn simmers troch op it bûten Clères yn Frankryk en winterdeis yn Los Angeles. Letter yn syn libben wie Delacour op in rolstoel oanwiisd. Hy wenne by syn mem, dy't yn 1954 yn de âldens fan 94 jier ferstoar. Yn syn autobiografy The Living Air skreau er dat it minsdom úteinlik al it libben op ierde ferneatigje soe.
Delacour wie in mei-oprjochter fan de ynternasjonale organisaasje foar fûgelbeskerming dy't no bekend is as BirdLife International.
Bibliografy Kar-út: Njonken in grut oantal artikels yn de ornitologyske literatuer, benammen yn it Avicultural Magazine, skreau Delacour (of wurke er mei oan) ferskate boeken, ûnder oaren: 1931 – Les Oiseaux de L'Indochine Française (4 dielen) 1945 – Birds of the Philippines (mei Ernst Mayr) 1947 – Birds of Malaysia 1951 – The Pheasants of the World 1951–64 – The Waterfowl of the World (4 dielen) – mei yllustraasjes fan Sir Peter Scott 1959 – Wild Pigeons and Doves 1966 – The Living Air: The Memoirs of an Ornithologist (autobiografy) 1973 – Curassows and Related Birds (mei Dean Amadon)
Takson nei him ferneamd Delacour wurdt betocht yn de wittenskiplike namme fan in soarte slang út Súdeast-Aazje, Plagiopholis delacouri.Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 s. . ("Delacour", s. 68).
Oreoglanis delacouri is in soarte meerval út de famylje Sisoridae dy't foarkomt yn Laos en Sina
Kategory:Frânsk ornitolooch Kategory:Frânsk natoerbeskermer Kategory:Frânsk publisist Kategory:Pikardysk persoan Kategory:Amerikaansk ornitolooch Kategory:Amerikaansk natoerbeskermer Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1890 Kategory:Persoan stoarn yn 1985