My Big Fat Greek Wedding 3 is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2023 ûnder rezjy fan Nia Vardalos, mei yn 'e haadrollen sysels, John Corbett, Louis Mandylor en Elena Kampouris. De titel betsjut "Myn Grouwe Fette Grykske Brulloft 3". De film is in ferfolch op My Big Fat Greek Wedding út 2002 en My Big Fat Greek Wedding 2 út 2016. It ferhaal folget de Gryksk-Amerikaanske famylje Portokalos wannear't se foar in reüny weromkeare nei it doarpke Vrisi yn Grikelân, dêr't de ûnderwilens ferstoarne pater familias Kostas Portokalos berne waard. Dêre wachtsje harren primitive omstannichheden en skokkende ûntdekkings. My Big Fat Greek Wedding 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.
Plot De Portokalos' binne in Amerikaanske famylje fan etnysk Gryksk komôf yn Chicago, wêrfan't de leden inoar tige nei binne. Nei it ferstjerren fan 'e pater familias Kostas (of "Gus", sa't er troch Amerikanen neamd waard) wrakselje de ûnderskate famyljeleden mei harren fertriet. Dochter Toula en har Amerikaanske man Ian binne dûbeld yn rou, mei't Ian syn heit Rodney suver tagelyk mei Kostas ferstoarn is. Underwilens rekket Maria, de frou fan Kostas en mem fan Toula, stadichoan demint. Ut en troch hat se noch hiel heldere mominten, mar bytiden ken se har eigen bern net mear werom. Se wennet no yn by har âldste dochter Athena en dy har man Yiannis, dy't de mantelsoarch foar har op harren nommen hawwe. Paris, de no folwoeksen dochter fan Toula en Ian, makket sûnder dat har âldelju it witte in tige drege tiid troch oan 'e universiteit, dêr't se omreden fan minne sifers fan har oplieding ferwidere driget te wurden.
Wannear't der berjocht komt út Vrisi, it berteplak fan Kostas yn Grikelân, dat dêr in grutte reüny holden wurdt, beslute Toula en Ian om dêrhinne te gean, yn 'e mande mei Paris, de muoikes Voula en Freida en Toula har jongere broer Nick. Foar Toula en Nick is it in foarm fan rouferwurking, mei't harren heit it altyd oer Vrisi hie, in plak dat yn syn nostalgysk ûnthâld suver wol in paradyslik foarkommen oannommen hie. De âldman hie der mei gragens nochris hinne wollen, mar earst moast er bodzje om brea op 'e planke te bringen foar syn húshâlding, en letter wied er te krebintich foar sa'n fiere reis. Toula en Nick hawwe it gefoel dat se no nei Vrisi geane as plakferfangers fan harren heit. Se hawwe har heite deiboek mei, dat de âldman graach syn jeugdfreonen ta hawwe woe. Paris, dy't har eigen soargen hat, hie har simmer wol oars trochbringe wollen, mar famyljedruk makket dat se der net foarwei kin. De reis wurdt foar har pynlik wannear't Aristotle, de Amerikaansk-Grykske jonge oan wa't har âldmuoike Voula har earder om 'e nocht besocht hat te keppeljen, blykt mei te reizgjen as Voula har "assistint".
Op 'e lofthaven fan Atene wurdt it selskip ôfhelle troch Victory, de non-binêre boargemaster fan Vrisi. Yn in rynkrank autobuske wurdt de famylje nei de kust riden, dêr't in fertutearze fearboat nommen wurdt nei it (net by namme neamde) eilân dêr't Vrisi op leit. By oankomst yn it doarp liket it der frijwol útstoarn te wêzen. Stadichoan krije de Portokalos' foar it ferstân dat der suver nimmen mear wennet; Victory moat lang om let opbychtsje dat it doarp op 't heden wolteld seis ynwenners hat. Fan harren is de âlde, noartske Alexandra, foar wa't eltsenien al rillegau benaud rekket, it sterkst oanwêzich. De measte gebouwen yn it doarp binne yn ferfal rekke, mar om harren gastfrouwen net op 't sear te kommen (eat dat ûngelok bringe soe), beslute de Portokalos' dochs om ôf te sjen fan harren plan om in hotel op te sykjen yn in oanbuorjend doarp. Ynstee meitsje se der yn Vrisi mar it bêste fan en bivakkearje se op 'e begeane grûn (want de trep nei boppen is kompleet ferrotte) fan ien fan 'e ferlitten wenten dy't noch yn bettere steat ferkeare.
Victory jout ta dat de grutte reüny bestiet út útnûgings dy't sysels nei alle âld-ynwenners fan Vrisi stjoerd hat fan wa't se in adres opdjipje koe. Oant no ta binne inkeld de Portokalos' opdaagjen kommen, dat it falt noch mar hielendal te besjen oft it mei de reüny wol wat wurde sil. De motivaasje fan Victory foar it hâlden fan 'e reüny is har hope dat it evenemint it doarp wer libben meitsje sil trochdat âld-bewenners beslute sille om har der op 'e nij nei wenjen te setten. Paris en Aristotle moetsje in pear ynwenners fan Vrisi dy't fan harren eigen jierren binne: Christos, de beppesizzer fan Alexandra, en Qamar, in jonge Syryske flechtlinge dy't har hiele famylje kwytrekke is yn 'e Syryske Boargeroarloch. Sy is troch Alexandra yn 'e hûs nommen en it âldminske ferklearret oer Qamar dat se "as myn eigen dochter is". Victory dielt oan Paris en Aristotle yn fertrouwen mei dat Christos en Qamar fereale opinoar rekke binne, in relaasje krigen hawwe en trouwe wolle. Dat hâlde se lykwols geheim foar Alexandra en Christos syn heit Peter, mei't dy foar Christos inkeld in Grykske breid akseptearje soene. De fiif jongelju geane de earste jûns nei in nachtklub yn in oanbuorjend baaiplak, dêr't Paris en Aristotle mei-inoar dûnsje en der wat fan 'e ûngemaklikens út harren ûnderlinge bân ferdwynt.
De oare deis begjint Toula har syktocht nei de trije jeugdfreonen fan har heit, oan wa't se har heite deiboek jaan wol. De mannen wenje net mear yn Vrisi en neifraach by winkels yn oanbuorjende doarpen liedt hieltyd ta sitewaasjes wêryn't Toula en muoike Voula der net foarwei kinne om in gleske ouzo te drinken, mei as gefolch dat se tsjin 'e jûn sa dronken as in kroade yn Vrisi weromkeare. Underwilens ferkent Toula har man Ian de omkriten fan Vrisi, dêr't er yn in lytse, ôfhandige kapel oan see in Gryksk-otterdokse mûnts treft. Dyselde seit ta dat er fia syn eigen kanalen neifraach oer de trije jeugdfreonen fan Kostas dwaan sil. Nick slacht ek de hiele dei yn 'e neite fan Vrisi om, dêr't er war docht om 'e âldste beam fan it doarp te finen. Syn heit siet as opslûpen jonge gauris yn it skaad fan dy beam wylst er de geiten fan syn famylje oan it hoedzjen wie.
De foargeande jûns hie Toula in man foar it rút stean sjoen fan it hûs dêr't de Portokalos' oernachten, dy't nei har stoarre. Dizze twadde jûn sjocht se dyselde keardel wer. It docht bliken dat it Peter is, de soan fan Alexandra en de heit fan Christos. De bekentenis fan Alexandra dat Peter in healbroer fan Toula en Nick is, komt harren rou op it dak. It docht bliken dat Kostas Portokalos, koart foar't er nei de Feriene Steaten emigrearre, in relaasje mei Alexandra hie. Se murk pas dat se swier fan him rekke wie nei't er al ôfsetten wie. De reden foar Peter syn eardere begluorkjen fan 'e Portokalos' is dus nijsgjirrigens nei syn famyljeleden, en net dat er in strúnjeier is, sa't Toula earst miende. Nei't se wat fan 'e skok bekommen binne, ferwolkomje de Portokalos' Peter, Christos en Alexandra hertlik as nije famyljeleden. De sfear fan 'e jûn wurdt lykwols bedoarn wannear't Nick by fersin de geheime relaasje fan Christos en Qamar útbringt oan Alexandra en Peter. Hoewol't Alexandra Qamar "as myn eigen dochter" neamde, is ksenofoby dochs noch sa libben as in hert op it Grykske plattelân en is de Syrise blykber net goed genôch om ècht famylje te wurden.
De oare deis set Toula har syktocht nei de jeugdfreonen fan har heit fuort, mar se keart op 't langelêst sûnder wat bedijd te hawwen werom nei Vrisi. Se wanhopet de mannen ea opspoare te kinnen, en Ian makket dan ek in goede beurt as er har de antwurden fertelle kin dy't er fan 'e mûnts krigen hat. De freonen blike alle trije nei oare Grykske eilannen ferhuze te wêzen. Toula skillet har nicht Nikki en neef Angelo yn Chicago op, de bern fan muoike Voula, dy't noch net sa lang lyn mei harren partners in fakânsje yn Grikelân trochbrocht hawwe. Dêrby hawwe se de trije oangeande eilannen oandien, en Toula har fraach is oft sy noch kunde op dy eilannen hawwe dy't ynset wurde kinne om kontakt mei de trije mannen te lizzen. Nikki en Angelo sizze fan wol, mar ynstee dat se út Chicago wei de boel besykje te berêden, stappe se daliks tegearre op it fleantúch nei Grikelân om der sels efteroan.
Underwilens bringe Nick en Peter de dei tegearre troch. Nick, dy't skieden is, wiist syn nije healbroer derop dat syn bern nea dogge wat er seit en har eigen gong geane, mar dat soks neat seit oer hoefolle oft se fan him hâlde. Je moatte jins bern op in stuit no ienris loslitte om sels harren libben te libjen. Peter lit dy wiisheid de rest fan 'e dei yn him omgean. Underwilens nimt er Nick mei nei de âldste beam fan it doarp. Dêr docht bliken dat Nick de urne mei de jiske fan Kostas yn syn hânbagaazje meismokkele hat nei Grikelân. Hy is fan doel om 'e jiske út te struien ûnder de beam dêr't Kostas yn syn jonge jierren sa faak siet. Peter seit dat Nick dat net op eigen manneboet beslisse kin, ûntfytmannet him de urne en bringt dy by Toula. Dy jûns fertelt Peter oan Christos en Qamar dat er besletten hat om harren kar om te trouwen te respektearjen. Alexandra, dy't in dei lang har eigen skynhilligens beprakkesearje kinne hat, leit har no ek by de relaasje del, sadat neat in trouwerij noch yn it paad stiet. Qamar wurdt troch de Portokalos' ynhelle as nij famyljelid en de trouwerij wurdt pland op 'e dei fan 'e reüny, dy't nei alle gedachten dochs neat wurde sil.
Nikki en Angelo arrivearje yn Grikelân en reizgje de eilannen ôf op 'e siik nei de jeugdfreonen fan Kostas. Ien foar ien fine se de mannen en helje se harren oer om mei nei Vrisi. Op harren reis ferspriede se oeral it nijs oer de reüny yn Vrisi. Yn it doarp bychtet Paris ûnderwilens oan har âlden op hoe min oft it giet mei har stúdzje. Toula, dy't altyd problemen foar oaren oplosse wol, bedimmet har yn dit gefal op oanrieden fan Ian, en se beslute dat Paris sels oan 'e bak moat, wat it fanke ek it leafste wol. De Portokalos', harren nije famyljeleden en Victory organisearje yn in pear dagen tiid de trouwerij fan Christos en Qamar. Dat wurdt in freugdefolle mar besletten fiering mei mar in stikmannich gasten út omlizzende doarpen. It houlik fan it jonge pear wurdt ynseinge troch de mûnts dy't Ian earder troffen hat. Fuort neitiid arrivearje lykwols Nikki en Angelo mei de trije jeugdfreonen fan Kostas, mei yn harren sok in ûnbidige kliber âld-ynwenners fan Vrisi dy't foar de reüny kommen binne. Brulloft en reüny wurde dêrop kombinearre. Toula draacht it deiboek fan har heit oer oan syn freonen. Paris en Aristotle, dy't de lêste tiid almar fierder nei-inoar ta groeid binne, tútsje inoar en krije ferkearing, ta folle tefredenens fan muoike Voula.
Let op 'e jûn, wylst it feest noch yn folle gong is, komt Toula ta de konklúzje dat har heit hjir bliuwe moat. Se nimt Nick en Peter mei nei de âlde beam en trijeresom struie se dêr syn jiske út. Wannear't it tiid is foar de reis nei hûs beslút Peter om mei nei Chicago te gean, om dêr yn 'e kunde te kommen mei de rest fan 'e famylje, ûnder wa syn healsuster Athena en Kostas syn widdo Maria.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Fotoula "Toula" Portokalos Miller Nia Vardalos Ian Miller John Corbett Nick Portokalis Louis Mandylor Paris Miller Elena Kampouris
byrollen personaazje akteur/aktrise muoike Voula Andrea Martin muoike Freida Maria Vacratsis Victory Melina Kotselou Aristotle Elias Kacavas Alexandra Anthi Andreopoulou Qamar Stephanie Nur Peter Alexis Georgoulis nicht Nikki Gia Carides neef Angelo Joey Fatone Christos Giannis Vasilottos Maria Portokalos Lainie Kazan Athena Portokalos Stavroula Logothettis omke Taki Gerry Mendicino Marianthi Kathryn Haggis frou White Jayne Eastwood Marge Kathryn Greenwood Edie Tannis Burnett
Produksje en distribúsje Produksje