Everybody's Fine is in Amerikaanske dramafilm út 2009 ûnder rezjy fan Kirk Jones, mei yn 'e haadrollen Robert De Niro, Kate Beckinsale, Drew Barrymore en Sam Rockwell. De titel betsjut "It Giet Goed mei Eltsenien", in ferwizing nei de faak stelde fraach: 'Hoe giet it mei dy?' dêr't dan it fêste antwurd 'Goed,' op komt, ek al is dat net sa. It ferhaal folget de widner op jierren Frank Goode, dy't al syn fjouwer folwoeksen bern by him thús útnûget om se wer ris te sjen. As se allegearre ôfsizze om't se it te drok hawwe, beslút er by harren del te gean, ek al libje se ferspraat oer de hiele legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Everybody's Fine krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en kaam yn 'e bioskopen net út 'e reade sifers.

Plot Frank Goode is in pinsjonearre fabryksarbeider yn Connecticut dy't syn hiele libben tillefoanlinen makke hat en fan 'e dêrby brûkte materialen longfibroaze oprûn hat. Acht moannen lyn is syn frou Jean him ûntfallen troch in sykte. As widner hat er in skoft hân dat er, tagelyk mei syn rouperioade, omstean leare moast om't no de húshâlding ek op him delkomt. Lang om let hat er in nij libbensritsme fûn, mar hy is iensum. Hy hat fjouwer bern: David, Amy, Robert en Rosie, mar dy wenje allegearre fier fuort en ferspraat oer de hiele legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Mei't er harren net mear sjoen hat sûnt de begraffenis fan Jean, nûget er har alle fjouwer út om tagelyk del te kommen, dat de famylje wer ris byinoar wêze sil. Frank sjocht dêr tige nei út en swetst deroer tsjin eltsenien dy't nei him harkje wol. De teloarstelling is dan ek grut wannear't Amy, Rosie en Robert ôfbelje om't se it te drok hawwe en mei-iens melde dat it foar David ek net útkomt.

Mei't er net ien is om 'e moedfearren hingje te litten, beslút Fank dat as de berch net by Mohammed komt, Mohammed mar by de berch komme moat. Dat hy makket plannen om op reis troch hiel it lân om al syn bern te besykjen. Dêrta makket er fjouwer brieven ree foar syn bern, dy't er persoanlik oan harren oerlangje wol. Om't er wol dat it in ferrassing is, stelt er harren yn 't foar net fan op 'e hichte fan syn komst. Syn dokter besiket him syn plannen te ûntpraten, mei't in protte ynspanning net goed foar syn longsykte is. Hy kin dêrom it bêste mar rêstich thús bliuwe en foar de ferdivedaasje wat yn 'e tún wurkje. Frank knikt fan ja, mar docht nee. Hy slacht it doktersadvys yn 'e wyn en set syn sin troch, hoewol't er wol de konsesje makket om mei trein en bus te reizgjen, om't it by fleanen mear op 'e longen oankomt.

De reis begjint as Frank de trein nei New York nimt, dêr't David wennet, dy't keunstskilder is. Frank bejout him nei syn appartemint, mar hy is net thús. Oare kant strjitte is in keunstgalery en keunstferkeap dy't in skilderij fan David yn 'e etalaazje hat, wat Frank mei grutskens oansjocht. Nei't er fergees de hiele jûn op 'e trep nei de foardoar fan it appartemintekompleks sitten hat te wachtsjen, siket er in kafetaria op dy't de hiele nacht iepen is. Dêr yt en drinkt er en petearret wat mei oare iensume lju dy't dêr tahâlde. De oare moarns giet er werom nei it appartemintekompleks, dêr't er troch in oare bewenner ynlitten wurdt. Hy kloppet oan op 'e doar fan it appartemint fan David, mar der is dúdlik noch altyd nimmen thús. Dêrop skoot er it brief foar David ûnder de doar troch en jout er him ôf sûnder fierder wat bedijd te hawwen.

Frank nimt út New York wei de bus nei Chicago, dêr't Amy wennet. Sy is, mei trije kompanjons, de eigneresse fan in reklameburo. Syn besite komt Amy alhiel oer it mad. It komt har tige min út, al besiket se dat net blike te litten. Har hûs is in ymposante filla yn 'e bûtenwiken, dy't se dielt mei har man Jeff en harren teenagesoan Jack. Frank hie altyd begrepen dat Jack sa goed leare koe, mar it docht bliken dat dêr net folle fanoan is en dat de jonge, sterker noch, op skoalle muoite hat om mei te kommen. Nei't Jeff jûns fan syn wurk kommen is, folget der in tige ûnnoflik famyljediner, wêrby't de spanning tusken Jeff en Jack suver taastber is. Wannear't Frank dêrnei fernimt, wiuwt Amy dat fuort as it gebrûklike ôfsetten fan teenagers tsjin harren âldelju. Frank leaut der neat fan, mar lit it fierders gewurde.

Spitigernôch hat Amy in projekt rinnen dêr't se de kommende dagen fan moarns ier oant jûns let mei besteld wêze sil, dat se kin gjin tiid mei Frank trochbringe. Wannear't hy foarstelt dat er in pear dagen bliuwe sil om syn bân mei syn pakesizzer Jack oan te heljen, seit Amy dat Jack de oare deis spitigernôch op skoalreiske giet, hoewol't Jack dêr sels neat fanôf liket te witten. Op dy wize ôfpoeiere, beslút Frank fierder te reizgjen nei Denver, dêr't Robert wennet. Amy bringt him de oare moarns betiid nei it spoarstasjon. Wannear't it der wier op liket dat Frank dêr noch in skoftke mei har prate kin wylst er op 'e trein wachtet, wurde se ûnderbrutsen troch de oankomst fan Tom, in kollega fan Amy, dy't him op Amy har útnûging by harren jout. Nei't Frank ôfset is, skillet Amy mei har suster Rosie. Ut it petear docht bliken dat sy, Rosie en Robert foar Frank geheim hâlde dat David djip yn 'e swierrichheden sit. Hy is yn Meksiko oppakt foar it keapjen fan drugs. Fierders is der noch neat bekend, dat Amy stiet op it punt om it fleantúch nei Meksiko te nimmen om út te sykjen wat der krekt geande is en hoe't it oplost wurde kin.

Yn Denver arrivearret Frank yn 'e ferwachting dat er sjen sil dat Robert dirigint is fan it pleatslik orkest, mar hy blykt inkeld slachwurker te wêzen en it meastepart fan 'e tiid wurkeleas om te hingjen wylst de "echte" muzyk makke wurdt troch syn kollega-musisy. Frank is danich teloarsteld en it slagget him net alhiel om dat foar Robert te ferbergjen. Robert hâldt út dat hy yn elts gefal nea sein hat dat er dirigint wie. It bliuwt ûndúdlik oft it no giet om in klearebare misferstân, of dat Jean (dy't jierrenlang de skeakel wie tusken Robert en syn bern) opsetlik te heech opjûn hat fan Robert syn karriêre om 'e hege ferwachtings fan Frank net te bedjerren. Yn elts gefal besiket Frank om Robert safier te krijen dat er trochleart foar dirigint, mar Robert wegeret. Hy seit dat er hiel tefreden is as slachwurker: hy kriget goed betelle wylst der net folle fan him ferwachte wurdt. De wierheid (dy't Frank net hearre wol) is eins: Robert hat gewoan net genôch talint om dirigint fan in grut orkest te wurden. Uteinlik leit Frank him by de sitewaasje del. Wannear't er seit dat er fan doel is om in pear dagen te bliuwen, reägearret Robert troch te sizzen dat dat spitigernôch net kin om't er moarn mei it orkest nei Jeropa fljocht foar in rige konserten.

Nei't Frank wer ôfset is, skillet Robert mei Rosie dat heit deroan komt. Hy jout ta dat er eins wol graach wat mear tiid mei Frank trochbringe wollen hie, mar hy hat him ôfpoeiere om't er benaud is dat er him ferprate sil oer de kwestje fan David. Underwilens is der oer dyselde noch net folle mear bekend. Amy is no yn Meksiko, dêr't se útfûn hat dat David yn it sikehûs leit. It liket derop dat er, doe't er arrestearre waard, besocht hat fan 'e drugs ôf te kommen troch se troch te slokken. Hoe't it mei him is, wit Amy noch net, want de Meksikaanske autoriteiten hawwe har noch net by him talitten.

Frank keapet in buskaartsje om fan Denver nei Las Vegas te reizgjen, dêr't Rosie dûnseresse is yn ien fan 'e grutte teätershows. Mar hy mist de bus om't er fergetten is en set syn horloazje lyk mei de pleatslike tiidsône. Hy kriget in lift fan in sympatike froulike frachtweinsjauffeur, dy't him ôfset yn Reno. Dêrwei kin er de trein nei Las Vegas nimme. Op it spoarstasjon yn Reno besiket Frank in jonge drugsferslaafde dakleaze te helpen troch him wat jild te jaan, mar ynstee dat de man dêr tankber foar is, besiket er Frank te berôvjen. Yn 'e wrakseling wit Frank syn beurs út 'e hannen fan 'e dief te hâlden, mar it potsje mei medisinen foar syn longfibroaze rûgelet him út 'e bûse en út klearebare gemienens stampt de dief dat mei opset sin stikken foar't er útnaait. Om't er net sûnder syn medisinen kin, hat Frank gjin oare kar as om 'e stikken wâlde pillen en it pillegrús byinoar te sykjen fan 'e tegelflier.

Yn Las Vegas wurdt er yn in hierde limûsine fan it spoarstasjon ôfhelle troch Rosie, foar wa't er syn konfrontaasje mei de dief ferswijt. Se fertelt him dat se krektlyn in rol as seemearminne yn in grutte ûnderwettershow hân hat, mar Frank kin der net mear hinne om dat te sjen, want de foarstelling is ferline wike krekt sletten. Rosie nimt har heit mei nei har grutte, lúkse appartemint en fertelt him dat se dy jûns mei him út te iten gean wol yn 'e Stratosphere, de heechste toer fan Las Vegas, dêr't boppe-yn in djoer, draaiend restaurant sit mei útsjoch oer de hiele stêd. Dêr hat Frank eins gjin ferlet fan, dat wannear't Jilly, in freondinne fan Rosie, delkomt en freget oft Rosie dy jûns op har poppe passe kin om't sy ûnferwachts fuort moat, stiet er der by Rosie bot op oan om dat te dwaan.

Wylst Rosie yn 'e koken fan it appartemint in ienfâldich miel spagetty siedt, sit Frank op 'e bank en boartet mei de lytse, wat him in stik better befalt as nei in sjyk restaurant ta gean. As der letter immen opskillet en Rosie it antwurdapparaat opnimme lit, heart Frank it boadskip: in man meldt dat er syn appartemint earder as ferwachte sels wer brûke moat, en oft er dêroer even werombelle wurde kin. Frank begrypt dat it lúkse appartemint Rosie harres net is, mar dat se it liend hat om yndruk op him te meitsjen. Hy sprekt har dêr lykwols net op oan, mar beart dat er noch fan neat wit. Under iten reitsje Frank en Rosie oan 'e praat oer Rosie har bernetiid en Frank syn rol as heit. Rosie seit dat Frank altyd tefolle fan har en har bruorren en suster ferwachte en dat er in goede prater wie, mar net in goede harker. De earste reäksje fan Frank is om dat allegear te ûntkennen, mar as er deroer neitinkt, begjint er te twifeljen en nei't er it ris besakje litten hat, reälisearret er him dat Rosie gelyk hat. It docht him sear om te beseffen dat er altyd tefolle druk op syn bern lein hat om yn it libben te slagjen. Letter dy jûn skillet Jilly op dat se troch ûnfoarsjoene omstannichheden net op 'e tiid werom wêze kin en oft Rosie de poppe ek de nacht oer hâlde kin. Rosie stimt dêrmei yn.

Frank nimt dy jûns foar bedtiid it lêste fan it pillegrús yn dat er rêde kinnen hat. Hy hat earder dy deis syn dokter opskille foar in werhelresept, mar dat moat er persoanlik ôfhelje en hy doar net te sizzen dat er neat om 'e goerie fan dokter jûn hat en him oan 'e oare kant fan it lân befynt. Sadwaande kundiget er de oare moarns oan dat er wer op hûs oan sil. Om't de thúsreis mei trein en bus dagen duorje soe, wat net kin om't er ferlet fan medisinen hat, beslút er diskear mei it fleantúch te gean. Fjirtich minuten foar de lâning rekket Frank yn 'e swierrichheden. Hy kriget it benaud en wurdt troffen troch in hertoanfal. De stewardess fynt him krekt foar't er bewusteleas rekket en slacht alaarm. It fleantúch makket in needlâning, wêrnei't Frank halje-trawalje nei it sikehûs brocht wurdt.