In krún is it boppeste part fan 'e holle, dêr't de foarholle oergiet yn 'e efterholle. De anatomyske term foar de boppekant fan 'e holle is ferteks. By de measte minsken is de krún bedutsen mei hier. De groeirjochting fan it hier hat op 'e krún ornaris de foarm fan in draaiïng (wittenskiplike term: forteks), dy't soms ek mearfâldich wêze kin.

Yn it ferline hie de geastlikheid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke as skaaimerk de saneamde krúnskearing of tonsuer, wêrby't it hier op 'e krún fuortskeard waard, sadat der in rûn ûnbehierre plak midden op 'e holle siet. De tonsuer ferskilde fan grutte nei kleasteroarder. Guon kleasteroarders hâlde dit gebrûk ek tsjintwurdich noch yn stân.

De term 'krún' wurdt ek wol foar it boppeste part fan in beam brûkt, dat ek wol kroan neamd wurdt.

Kategory:Anatomy Kategory:Holle Kategory:Hier