Manningaburg is in leechlânboarch, dy't mei in wide grêft omjûn wurdt midden yn it doarp Pewsum yn de gemeente Krummhörn yn East-Fryslân. De boarch wie eigendom fan it Eastfryske haadlingelaach Manninga, dy't ek de hearen fan Lütetsburg, Westeel en Jennelt wiene. Yn 1565 ferkocht Hoyko Manninga de boarch oan de Eastfryske greve Edzard II en syn frou Katarina fan Sweden.Manninga-Burg.de: Die Geschichte der Manninga-Burg (Teil 1). Oproppen op 11 april 2013 (ûnderwilens offline). Fan it oarspronklike kastielkompleks is allinnich noch de ûnderboarch bewarre bleaun.

Skiednis De lokale haadlingen út it laach fan Manninga lieten de boarch yn de 15e iuw bouwe.Günter Müller: 293 Burgen und Schlösser im Raum Oldenburg - Ostfriesland. Aldenburch 1977, side 193 f. De Manninga's kamen mooglik fuort út it laach Beninga út it Emsigerlân. Pewsum wie nei alle gedachten it haadsit fan de famylje.Doarpsbeskriuwings fan it Ostfriesische Landschaft: Pewsum, Gemeinde Krummhörn, Landkreis Aurich (PDF; 944 kB), oproppen op 16 maaie 2013. It is oant hjoed-de-dei net dúdlik wa krekt de boarch yn Pewsum boud hat. Yn 1404 dûkt foar it earst in Dedeke to Pewsum as haadling op yn 'e oarkonden

Yn 1458 liet Poppo Manninga de boarch fan Pewsum fierder útbouwe.Heimatverein Krummhörn: Burgmuseum Pewsum und seine Chronik, oproppen op 16 maaie 2013. Nei alle gedachten wie it Fokko Manninga dy't om 1530 hinne opdracht joech om fuortendaliks njonken it bouwurk de prachtich ynrjochte "Nije Boarch" bouwe te litten. De twa tuorren tsjinnen dêrnei ek as navigaasjepunt. It gânse gebouwekompleks, dy't út de âlde foarboarch en de nije boppeboarch bestiet, waard omkringe troch trije grêften. Nei de dea fan Fokko naam syn soan Hoyko Manninga yn 1540 syn erfenis oer. Hy sette de útwreiding fan de pewsumer Boarch troch. Syn heit hie him lykwols in grut skuldebedrach efterlitten, dy't de as jildfergriemd bekend steande Hoyko noch tige by tige fergrutte. Stadichoan moast er it âlde famyljebesit ferkeapje om syn skuldners betelje te kinnen. Yn 165 wie er twongen en ferkeapje de boarch fan Pewsum foar 80.000 gûne oan Katarina fan Sweden, de frou fan de doetiddske lânshear, greve Edzard II.

De nije eigners holden harren gauris ta op de boarch. Fan 1611 ôf wie er it wenplak fan harren dochters, de grevinnen Sofia († 1630 yn Pewsum) en Marije, de letter hartochinne fan Breunswyk-Lüneburg-Dannebberg. Hja wiene it dy't de tradysje begûnen om it "boarchbrea" út te dielen oan de earmen fan de gemeenten Pewsum en Woquard, in tradysje dy't oant de Earste Wrâldkriich yn eare holden waard.

Yn de Tritichjierrige Kriich bewennen greve Peter Ernst II fan Mansfeld, yn 1623 de letter fjildmaarskalk Dodo fan Knyphausen en yn 1644 de Hessyske generaal Von Eberstein yn de boarch.

Yn de 17e iuw holden de Eastfryske greven harren dêr ta mei harren gasten. Yn 1669 waard de boarch yngreven renovearre. Dêrnei rekke er yn it neigean. Troch jildbrekme fan it Eastfryske foarstehûs Sirksena koene reparaasjes, dy't tige nedich wiene, net útfierd wurde. Benammen de boukunde steat fan de boppeboarch hie dêrûnder te lijen. Yn 1716 moast dy lang om let ôfbrutsen wurde. Ne de dea fan de lêste lânseigen foarst, Karel Edzard, kaam de boarch yn it besit fan de Prusyske keining Freark II. Dy woe him ferkeapje om it ôfbrutsen wurde te litten, dochs seach er fan dat plan ôf om't de biedings foar it kompleks him te leech liken.

Yn 1859 kaam de boarch yn hannen fan partikulieren. Hjoed-de-dei is allinnich de ûnderboarch, de kearn fan it kompleks út 1458, bewarre bleaun. It poartegebou mei Nederlânske ynfloed komt fan om 1550 hinne. De foarboarch, mei hynstestâl, en de boppeboarch út de 16e iuw waarden yn de 18e iuw ôfbrutsen.

Yn 'e 20e iuw behearde Cornelia, de suster fan hermine Heusler-Edenhuizen, fan likernôch 1920 oant 1930 in bernetehûs yn 'e boarch. Yn 'e snuorje fan it nasjonaalsosjalisme wie de Gauführerschule Weser-Ems yn de boarch fêstige. Yn maart 1935 begûn dêr de ienjierrige oplieding ta Führer mei 40 meidoggers, dêr't de basis yn lein wurd moast foar it "it liederskip fan de politike soldaat". Yn 'e Twadde Wrâldkriich tsjinne it gebou as militêr hospitaal. Dêrnei waarden der thúsleazen ûnderbocht.Heimatverein Krummhörn: Burg Pewsum. Geschichte einer Häuptlingsburg. Selbstverlag. 2. überarbeitete Auflage. Pewsum 2007. S. 25

Yn 1954 kocht de Heimatverein Krummhörn e.V. de boarch mei help fan it distrikt Norden en it Ostfriesische Landschaft. It kompleks stie op dat stuit op ynstoarten, dêr't de feriening de boarch earst yngreven troch renovearje moast. Yn 1980 naam de gemeente Krummhörn de boarch oer. Op it stuit binne der yn e boarch in museum en de boargerlike stân fêstige, dêr't jierliks 100 stellen boaskje.

Boubeskriuwing Fan it eardere kompleks is hjoed-de-dei allinnich noch de foarboarch oerbleaun. Dy wurdt omjûn troch in brede grêft. De fundearrings fan de boarch, dy't yn 1458 troch Poppo Manninga boud waard, binne hjoed-de-dei bewarre bleaun yn 'e west- en súdfleugel fan de foarboarch.Eberhard Pühl: Alte Backsteinhäuser in Ostfriesland und im Jeverland. Isensee-Verlag. Oldenburg 2004, ISBN 978-3-89995-323-7. S. 142 De noardfleugel ûntstie om 1550 hinne nei Nederlânsk foarbyld mei ôfwikseljende banneb fan sânstien en bakstien, de saneamde "speklagen".

Museum It yn it gebou fêstige Boarchmuseum Pewsum jout omtinken oan de skiednis fan de boarchbou yn East-Fryslân en Grinslân. In oar wichtich ûnderdiel fan de permaninte útstalling is de skiednis fan de tsjerkebou yn East-Fryslân en de religiositeit. Tydlike útstallings folje it program oan.

Literatuer Regine Lampe: Das Burgmuseum in Pewsum (Ostfriesische Kunstführer, Heft 13). Auwerk 1989. Ernst Andreas Friedrich: Die Burg Pewsum yn: Wenn Steine reden könnten, diel III, Landbuch-Verlag, Hannover 1995, ISBN 3-7842-0515-1.

Keppelings om utens Frank Both und Stefan Eismann: Manningaburg yn de wittenskiplike database "EBIDAT" fan it Jeropeesk Kastielynstitút Boarchmuseum Pewsum op 'e side fan de Heimatverein Krummhörn

Kategory:Bouwurk yn Krummhörn Kategory:Bouwurk út 1458 Kategory:Boarch yn East-Fryslân Kategory:Manninga