thumb|Unico Manninga yn 1569 thumb|180px|Grêfmonumint fan Unico Manninga yn de Sint-Ludgerustsjerke yn Norden 180px|thumb|Haadling yn hofklaaiïnge, út it yn 1561 begûnen Hûsboek fan Unico Manninga Unico Manninga (1529 - 28 april 1588 wie in Eastfrysk haadling.
Libbensrin Unico stamme fan de Lütetsburgske takke fan it laach Manninga. Hy waard yn 1529 nei alle gedachten berne op it Slot Lütetsburg as jongste fan 14 bern fan Dodo Manninga (to Lütetsborg) en Sofia Ripperda, en neamd nei Unico Ripperda († 1474), syn pake oan memmekant. Dy wie as earste Fryske haadling ta de rang fan ryksbaron ferheft en dêr hearde er mei ta de ryksadel. Doe't Dodo Manninga yn 1533 ferstoar, wiie Unico noch mar fjouwer jier âld, sa't de Eastfryske greve Enno II de fâdij op him naam. Nei't er fan in stúdzjereis nei Itaalje weromkeard wie, skreau Unico him yn 1549 oan de universiteit fan Wittenberg yn en kaam dêr yn kontakt mei de soannen fan Marten Luther, dy't him in eksimplaar fan it Nije Testamint mei oantekenings fan Luther skonken. Fan 1551 ôf studearre Unico dêrnei oan de rjochtefakulteit fan de universiteit fan Padûa yn Itaalje.
Yn 1553 boaske er Hyma Boynges en kaam er yn it besit fan de hearlikheid Gödens. Yn 1557 ferstoar Hyma en Unico ferkocht Gödens in jier letter oan syn sweager foar in bedrach fan 11.000 gûne. Mei dy opbringst kocht er dêrnei it Slot Lütetsburg fan syn broer. Yn 1562 boaske Unico foar de twadde kear. Syn breid wie Adelheid fan Brakel út Geldern.
Yn 1564 wie Unico yn opdracht fan de greve, beselskippe troch Wilhelm Gnapheus, as ûnderhanneler yn Londen, d♪6r't er yn slagge de Ingelske lekkenhannel nei Emden te heljen. Dêrfoar beneamde de greve him yn 1565 ta syn drost yn Emden. By de nederlânske Opstân tsjin kening Filips II joech Unico oan soad Nederlânske leauwensflechtelingen asyl yn Emden, mar bea ek op syn haadsit yn Lütetsburg ûnderdak oan 30 húshâldings. As foarstanner fan de kalvinistyske leauwenslear koe er de waaksende kleau tusken de greefhûs en de befolking oan de foarjûn fan de Emder Revolúsje net oerbrêgje, dêr't er yn 1570 it amt fan drost troch dellei.Hans-Peter Glimme: Die Burg Oldersum in ihren geschichtlichen Verhältnissen. Yn: Stephanie Hahn, Michael H. Sprenger: Herrschaft - Architektur - Raum: Festschrift für Ulrich Schütte zum 60. Geburtstag. Berlyn 2008. ISBN 3-86732-024-1. S. 68–85
Yn 1581 boaske syn iennige dochter Hyma mei Willem fan Inn- en Knyphausen. Sa kaam Lütetsburg nei de dea fan Unico yn 1588 yn besit fan de famylje Knyphausen (hjoed-de-dei de greven Von Innhausen und Knyphausen), dy't hjoed-de-dei noch hieltyd de eigener binne fan it Slot Lütetsburg mei park en bosk.Hans-Peter Glimme: Die Burg Oldersum in ihren geschichtlichen Verhältnissen. Yn: Stephanie Hahn, Michael H. Sprenger: Herrschaft - Architektur - Raum: Festschrift für Ulrich Schütte zum 60. Geburtstag. Berlyn 2008. ISBN 3-86732-024-1. S. 68–85 Unico Manninga waard begroeven yn de Sint-Ludgerustsjerke yn Norden, dêr't ta eare fan him in moarmeren grêfskrift oanbrocht waard.
Prestaasjes As in útsprutsen kalvinist rjochte er de Grifformearde Gemeente Norden op. Under de soad leauwensflechtelingen út de Nederlannen dy't er yn Lütetsburg opnaam, wie ek Filips fan marnix, oan wa't er it auteurskip fan de tekst fan it Wilhelmus, it Nederlânske folksliet, taskreaun wurdt. As drost en steedhâlder fan Emden, joech Manninga de oanset ta de stedsútwreiding en stimulearre er de bou fan it fêstingwurk en it stedhûs fan Emden, dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich ferwoastge waard. Yn syn testamint stelde er yn 1584 in legaat ta beskikking yn it foardiel fan de skoalle yn syn hearlikheid. Ta motivearring skreau Unico doe: ick vernehme, dat myne Underdanen mehr Lust und Willen, ehren Kindern etwas lehren tho laten, bekomen. - "Ik ha fernommen dat myn ûnderdienen mear nocht en reeëns krigen ha en lit harren bern wat leare".Heike Düselder en Olga Sommerfeld: Adel an der Peripherie? Kultur und Herrschaft des niederen Adels in Nordwestdeutschland yn: Zeitenblicke. Utjefte 3/2005. Oproppen op 24 maaie 2013. Fan grut keunsthistoarysk belang is it yn 1561 troch Unico úteinsetten Lütetsburger Hûsboek. It befettet kronykeftige oantekenings, testaminten, resepten en ôfbyldings fan klaaiïnge en sieraden fan allyk de adel as de boerebefolking fan syn snuorje en wurdt hjoed-de-dei noch troch syn neiteam byholden.
Keppeling om utens Bydrage oer it Hûsboek
Kategory:Manninga Kategory:Eastfrysk haadling Kategory:Persoan berne yn 1529 Kategory:Persoan stoarn yn 1588