Hoyko Manninga (ek: Haiko of Hayko Manninga; nei 1509 - 1568) wie de lêste manlike ôfstammeling fan it Eastfryske haadlingelaach, dy't sûnt likernôch 1400 yn Pewsum wenne. Syn heit Fokko Manninga († 1539) wie yn 1529 úteinset mei it ferbouwen fan de stins yn Pewsum ta de Manningaburg, in boarch mei fjouwer fleugels. Nei de dea fan syn heit sette hoyko Manninga de útwreiding fan it haadsit fan de famylje fuort.
Howol't Hoyko Manninga relatyf gegoed en ryk wie, hie er mei de erfenis fan syn heit ek grutte skulden oernommen. Mei syn earste frou Tetta, de erfgenamt fan it lângoed en de Boarch Oldersum, en mei syn twadde frou Johanna Mulert fan Kranenburg, libbe er boppedat tige jildfergriemend en stie er bekend as alkoholist. Al yn 1540 ferkocht er syn hearskippij oer Jennelt oan syn besibbe Kristof fan Ewsum, yn 1560 de Asingaboarch yn Warffum, de Ommelannen, en yn 1560 en 1562 noch lân by Visquard en lânguod by Jennelt dy't noch hieltyd syn eigendom wiene. Yn 1565 wie er lang om let twongen ek de boarch en de hearlikheid Pewsum te ferkeapjen, dy't foar 80.000 gûne troch Katarina fan Sweden, frou fan de doetiidske lânshear, greve Edzard II, oankocht waarden. Likegoed koe it echtpear de boargen Kranenburg en Staverden (by respektyflik Swol en Harderwyk) bemachtigje.
Hoyko wie in fûleindich foarstanner fan de Reformaasje. Syn âldomke Poppo Manninga († 1540) wie dêrfoaroer de lêste katolike proast fan Emden. Mooglik hat Hoyko temûk de sektariêr Hendrik Niclaes stipe, dy't yn 1560 út 'e stêd Emden wei ferballe waard. Yn 1566 wie er ien fan de inysjatyfnimmers fan de byldestoarm yn Grinslân. As tsjerkepatroan yn Pewsum, Campen en Woquard stelde er Nederlânske leauwensflechtelingen oan as predikant. Hoyko ferstoar yn 1568, mooglik sneuevele yn de Slach by Hilligerlee of dy by Jemgum. Syn widdo fêstige har op de Kranenburg en boaske yn 1570 de marraan Gabriel de Salazar.
Hoyko Manninga wurdt yn de literatuer wolris betiisd mei syn efterneef, Hayo Manninga fan Langhaus to Lütetsburg en Dijksterhuis († 1591), de bouwer fan it hûs Langhaus yn de Westermarsch by Norden. Ek hie er besit yn de Ommelannen en wie er riedshear fan de greve oan it hôf fan Edzard II, boargemaster fan Norden en letter lânskipsôffurdige yn 'e Steategearkomste fan de Ommelannen.
Literatuer Hidde Feenstra: Hoyko Manninga. Yn: Martin Tielke: Biographisches Lexikon für Ostfriesland. Diel 3. Ostfriesische Landschaftliche Verlags- und Vertriebsgesellschaft mbH, Auwerk 2001, ISBN 3-932206-22-3, S. 280–281.
Kategory:Manninga Kategory:Eastfrysk haadling Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1568