Thomas Gilbert Pearson (1873–1943) wie in Amerikaanske natoerbeskermer en ornitolooch en ien fan de earste dosinten oan de University of North Carolina yn Greensboro. Hy wie mei-oprjochter fan de National Association of Audubon Societies, dy't letter bekend kaam te stean as de National Audubon Society. Hy wie ek mei-oprjochter fan it International Committee for Bird Protection.
Biografy Pearson groeide op yn 'e bosken fan sintraal Floarida, nei't er dêr doe't er njoggen wie hinne ferhuze wie fanút Dublin, Indiana. Hy wenne yn in blokhutte mei syn âlden en seis bruorren en susters – trije bruorren en trije susters. Oantrune troch in âldere freon begûn Pearson mei it sammeljen fan fûgelaaien. Troch dy hobby spijbele er fan skoalle, wat ien fan de redenen wie foar syn minne skoalprestaasjes.
Doe't er trettjin wie, kocht er in gewear, dêr't er al lang nei langet hie. Hy ûntdiek dat er 90 sinten oant 1,25 dollar fertsjinje koe troch sulverrigers te deadzjen en harren fearren te ferkeapjen. Hy fertsjinne ek jild mei de ferkeap fan in soad fûgelaaien.
Nei't er leard hie hoe't er fûgels opsette moast, sammele er in flinke kolleksje. Hy skreau in protte skoallen en hegeskoallen oan, yn 'e hope tagong te krijen en syn oplieding mei syn kolleksje te beteljen. Doe't er 18 jier wie, yn 1891, akseptearre presidint Lyndon Hobbs fan Guilford College it oanbod fan Pearson. Yn ruil dêrfoar krige Pearson twa jier kost en lesjild as er ek fûgels sammelje en opsette soe foar it kolleezje. Nei twa jier kolleezje krige Pearson in beurs om syn stúdzje oan Guilford troch te setten. Yn syn tiid oan Guilford wie er redakteur fan it kolleezjeblêd, presidint fan syn literêre feriening, manager fan it honkbalteam en wie er ek oanfierder fan it fuotbalteam.
Nei syn stúdzje besleat Pearson syn tiid en enerzjy te wijen oan it bewust meitsjen fan de befolking fan Noard-Karolina oer de needsaak om harren fûgelpopulaasje, dy't hurd efterútgie, te beskermjen. Hy waard dêrnei biology-learaar oan it Guilford College, dêr't er ek Elsie Weatherly moete; sy trouden yn 1902.
Yn 1901 naam Pearson de learstoel biology en geology oan oan it State Normal and Industrial College yn Greensboro (no de University of North Carolina yn Greensboro). Hy naam syn studinten mei op tochten bûtendoar, om't er dat like wichtich fûn as laboratoariumwurk mei in mikroskoop. Yn dy tiid publisearre er syn earste boek, Stories of Bird Life. William Dutcher, de oprjochter en earste foarsitter fan de National Association of Audubon Societies, seach it boek en moedige Pearson oan om in Audubon Society yn Noard-Karolina op te setten. Dat die er yn 1902; dêrmei sette er in paad út dat liede soe ta ynfloedryk wurk op it mêd fan steats- en nasjonale wetjouwing.
Pearson brûkte it platfoarm fan 'e feriening oprjochte yn Noard-Karolina om de wetjouwer oan te moedigjen in wet oan te nimmen dy't de earste stap fan 'e steaten wêze soe rjochting it behâld fan wylde bisten. Dy wet waard oannaam yn 1903 en stie bekend as de "Audubon Law". It joech de Audubon Society it foech om wylde dierewetten yn Noard-Karolina te hanthavenjen en autorisearre de Society om wyldwachters yn te hieren om de hanthavening út te fieren. Dizze inisjativen waarden finansiere troch donaasjes fan partikulieren en de ferkeap fan jachtfergunnings foar net-ynwenners foar $10 it stik. Dy fergunnings foar net-ynwenners wiene tige ûnpopulêr, ek al hiene de measte jagers fan bûten de regio doetiids de middels om de kosten foar de fergunning te beteljen. Hja wiene fan miening dat de fergunning yn striid wie mei de tradysje fan gastfrijens yn it Suden.
Pearson daagde de moade-yndustry út om in ein te meitsjen oan it jeien om fearren. Dy fearren waarden faak brûkt yn 'e doetiidske moade. De huoddeyndustry wie benammen wjerstân tsjin dizze feroaring, om't huodden mei fearren tige populêr wiene. Huoddemakkers wiene bang dat de fraach nei harren produkten sûnder fearren sakje soe. Pearson, in betûfte reedner, ynformearre it modieus publyk oer de oarsprong fan 'e fearren yn harren huodden. Hy fertelde harren detaillearre hoe't elke fertsjintwurdige fûgelsoarte op syn briedplakken slachte wie.
Nei't er werom wie fan in reis nei Meksiko yn 1911 krige Pearson te krijen mei beskuldigings dat de Audubon Society profitearre fan lisinsjekosten en boetes, en dat de organisaasje jild fan belestingbetellers ferkeard brûkte foar de beskerming fan wyld. Beide bewearingen wiene net wier. De gefolgen fan dy bewearingen wiene lykwols skealik foar de Audubon-wet út 1903, om't distrikten no tastimming krigen om harsels fan dy wet frij te stellen. Oan 'e ein fan it jier foelen noch mar 46 fan 'e 100 distrikten fan 'e steat ûnder de wet. Fan dat stuit ôf oan pleiten natoerbeskermers foar in steatskommisje foar wyldbehear; dy soe der earst yn 1927 komme, doe't de State Division of Game and Inland Fisheries (Steatsôfdieling foar Wyld en Binnenlânske Fiskerij) oprjochte waard as ûnderdiel fan it N.C. Department of Conservation and Development (Departemint fan Natoerbehâld en Untwikkeling fan Noard-Karolina). It soe oant 1947 duorje foardat Noard-Karolina, mei help fan de N.C. Wildlife Federation en oare organisaasjes, in ûnôfhinklike ynstânsje foar wyldbehear krige dy't laat waard troch profesjoneel oplaat personiel: de N.C. Wildlife Commission.
Yn 1924 krige er in earedoktoraat yn de rjochtswittenskip fan de Universiteit fan Noard-Karolina. Hy ûntfong de medalje fan de John Burroughs Association, de Nasjonale Oarder fan de Ikekroan út Lúksemboarch en de medalje fan de Société Nationale d'Acclimatation út Frankryk.
Pearson waard sekretaris fan de National Association of Audubon Societies en tsjinne, nei it ferstjerren fan William Dutcher yn 1920, fjirtjin jier lang as foarsitter.
Kar-út publikaasjes Adventures in Bird Protection (1937) The Birds of America (1944)
Kategory:Amerikaansk ornitolooch Kategory:Amerikaansk natoerbeskermer Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Persoan berne yn 1873 Kategory:Persoan stoarn yn 1943