Mûsfûgeleftigen (Coliiformes) foarmje in lyts skift fan fûgels dy't tsjintwurdich allinnich yn Afrika foarkomme. It skift omfettet mar ien libbene famylje: de mûsfûgels (Coliidae) mei seis libbene soarten. It binne slanke grize oant brune fûgels mei lange sturten dy't yn groepkes yn beammen libje. Dêr skarrelje se tusken de blêden lykas knaagdieren, dêrfandinne harren namme.
Evolúsje De mûsfûgels kinne beskôge wurde as "libbene fossilen", om't de seis soarten dy't hjoed de dei noch besteane, net mear as de oerlibbenen binne fan in line dy't folle ferskaater wie yn it iere Paleogeen en Mioseen. Der binne talrike fossilen fan mûsfûgeleftigen, mar it is net maklik west om in robuste fylogeny gear te stellen. De famylje is dokumintearre te bestean fan it iere Paleogeen ôf; teminsten tsjin it lette Eoseen binne twa famyljes bekend dy't bestien hawwe, de besteande Coliidae en de prehistoarysk útstoarne Sandcoleidae mei langere snaffel.
Taksonomy Skift mûsfûgekeftigen (COLIIFORMES), ynklusyf fossile taksa ûnbekende famylje: skaai † Botauroides (Eoseen yn Wyoming, US) † B. parvus skaai † Eobucco – Sandcoleidae? †E. brodkorbi skaai † Eocolius (ier Eoseen yn Walton-on-the-Naze, Ingelân) – Sandcoleidae of Coliidae † E. walkeri skaai † Limnatornis (ier Mioseen yn Saint-Gérand-le-Puy, Frankryk) – Coliidae? (Urocolius?) † L. consobrinus † L. paludicola † L. archiaci famylje, skaai en soarte ûnbekend (let Mioseen yn Kohfidisch, Eastenryk) skaai † Uintornis - Sandcoleida? † U. lucaris † U. marionae famylje † Chascacocoliidae skaai † Chascacocolius (let Paleoseen? - ier Eoseen) - Sandcoleidae † C. oscitans † C. cacicirostris famylje † Selmeidae skaai † Selmes (midden Eoseen? - let Oligoseen yn Midden-Jeropa) - Coliida? (synonym fan Primocolius?) † S. absurdipes famylje † Sandcoleidae skaai † Sandcoleus (Paleoseen) † S. copiosus skaai † Anneavis † A. anneae skaai † Eoglaucidium † E. pallas skaai † Tsidiiyazhi (Paleoseen yn New Mexico, US) † T. abini famylje (moderne) mûsfûgels (Coliidae)
Kategory:Fûgelskift