180px|thumb|Haadling yn hofklaaiïnge, út it yn 1561 begûnen Hûsboek fan Unico Manninga Manninga is de namme fan in foaroansteande Eastfryske haadlingelaach. Yn 'e rin fan de 15e en 16e iuw ûntjoegen de Manninga's harren, yn it kylwetter fan de mei harren besibbe letter Eastfryske grevefamylje Sirksena, ta de meast foaroansteande aadlike lagen fan it lân. Troch harren betûfte houlikspolityk hiene se ek bannen mei de adel yn oanswettende regio's, lykas de Ommelannen, it Iemslân en it greefskip Bentheim. thumb|180px|Grêfmonumint fan Unico Manninga yn de Sint-Ludgerustsjerke yn Norden Skiednis De oarsprong fan de famylje is net dúdlik. Mooglik is it laach fuortkommen út it Beninga-laach fan it Emsigerlân en hie it syn sit op de boarch Manningaburg yn Pewsum, lykas in njonkenfêsting yn Westeel. Nei grut lânferlies yn it gebiet fan de letter Leybocht as gefolch fan de Earste Dionysiusfloed yn 1374 moast de famylje dy fêsting ferpleatse nei it Slot Lütetsburg. Dêr stifte Dido Manninga († 1494) in sydtakke, dêr't de lêste manlike leat, Unico Manninga, yn 1588, fan ferstoar. Nei syn dea erve syn iennige dochter it slot. Troch har houlik mei de ryksbaron Willem fan Inn- en Knyphausen kaam Lütetsburg yn 1588 yn it besit fan de famylje Knyphausen (hjoed-de-dei de greven Von Innhausen und Knyphausen), dy't hjoed-de-dei noch hieltyd eigener fan it Slot Lütetsburg mei park en bosk is.Gerhard Canzler: Die Knyphausens seit 400 Jahren auf dem Schloss Lütetsburg. Yn: Ostfriesischer Kurier fan 4 juny 1988, oproppen op 5 jannewaris 2016.
De Pewsumer takke fan de famylje wreide syn posysje út ûnder lieding fan Dido syn broer Poppo Manninga. Hy bemachtige de hearskippij oer it neie Woquard. Letter skonken de Sirksena's de Pewsumer takke ek de hearlikheid Jennelt. Al dat besit moast de yn finansjeel swier waar rekke Hoyko Manninga ferkeapje. Hy ferstoar yn 1568 as lêste manlike fertsjintwurdiger fan de Pewsumer takke.
In tredde takke fan de famylje Manninga hat syn oarsprong yn 'e Lütetsburgske takke. De stifter dêrfan wie Hayo (1518/1519-1599), in broer fan Unico Manninga. Troc in houlik kaam er yn it besit fan haadlingeboarch tho Dijcke, letter "Dijksterhuis" neamd, yn de Ommelannen. Hy die mei oan de Nederlânske Opstân tsjin kening Filips II. Doe't de Spanjerts it noardeasten fan de Nederlannen werom pakten, ferfear er nei Eastfryslân, dêr't er nei alle gedachten him ta wenjen sette yn it Langhaus yn de Westermarsch. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 troch Maurits fan Oranje, waard dat gebiet part fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Hayo kearde datselde jiers noch werom nei syn âld besit yn 'e Ommelannen, dêr't it laach oan 'e ein fan de 17e iuw yn it ferjitboek rekke. Oan it begjin fan de 20e iuw wenne der lykwols noch in neiteam yn East-Fryslân, bygelyks Berend Manninga.Hidde Feenstra: MANNINGA <Fam.>. Yn: Martin Tielke (Hrsg.): Biographisches Lexikon für Ostfriesland, Ostfries. Landschaftliche Verl.- u. Vertriebsges. Auwerk, diel. 1 ISBN 3-925365-75-3 (1993), diel 2 ISBN 3-932206-00-2 (1997), diel 3 ISBN 3-932206-22-3 (2001). Diel III. Auwerk 2001, siden 278–280
Wapen It skyld bestiet út in sulveren liuw mei reade tonge en reade klauwen, yn in grien en swart ferparte skyld. It helmteken bestiet út in gouden pelikaan mei jongen yn it nêst en sân (fjouwer nei rjochts en trije nei lofts) yn grien en swart ferparte, puntige, fuortwaaiende flachjes oan gouden stôken. De helmkape is swart en sulver.
Kategory:Eastfrysk laach Kategory:Skiednis fan East-Fryslân